Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 16] [p. 16] Baukje Wytsma Gers Fertel fan it gers, feroarlik behang fan de bernetiid. Soms beweecht it yn weagen as ûnferwachts de wyn oer it lân fleaget en kleuren glydzje lit fan ljocht nei donkergrien. Ivich duorret de reisfan fan ûnwennigens. Fertel fan it gers as sachte waarme tekken op in simmerjûn. Oer bloedreade wyn dy't yn de glêzen fûnkelt en ferhalen komme lit fan in ferlerne leafde yn in nacht fol ferlossende triennen. Ivich duorret de reis fan hope. Fertel fan it gers by de seedyk, it hurde, it wrede, rynsk besiedde mei droege skieppestront. Oer hoe't it wetter dêr boartlik de basaltblokken oantikket, ritmysk slikket as in grut en freonlik bist, ferrêde fan toarst. Ivich duorret de reis fan langstme [pagina 17] [p. 17] Fertel fan it gers, platwâlde by in sleatswâl, oer it hoedzjende skaad fan de wylgen, skûlplak foar de swijsume fiskerman. O, hy hat seeën fan tiid. Boppe it waarmbrune wetter dûnsje de michjes, einen kweakje it byld werom. Ivich duorret de reis fan werkenning. Fertel fan it gers om de ferlitten grêven. Oer de man mei de seine, it fiere rikken fan it lûd fan de harhammer, it kriezjen fan it grint. Lês sa no en dan lûdop de bekende nammen dy't op dyn eigen namme lykje. Ivich duorret de reis fan berêsting. Vorige Volgende