Tegels
Meinou P.
It ferhaal waard dien op in jierdeibesite. De gastfrou hie allinnich mar freondinnen útnoege. We koenen elkoar allegearre wol in bytsje, mar dejinge dy't der mei kaam wie nij yn it selskip. Se wie jong en moai en fertelde mei verve.
Se hie op in hjerstige dei mei in protte wyn en rein in kuier mei de hûn meitsje wollen en wie nei in poel riden dêr't jo omhinne rinne kinne en dy't grut genôch is om wurch werom te kommen. Op it parkearplak dat moai tusken de beammen beskûle leit, stie net ien auto en dat hie har nei't sin west, want de iennige reden dat se dêr net faker kaam, wie dat in protte hûnebesitters fan dy útlitmooglikheid op 'e hichte wienen.
Se wie noch net op de helte fan it modderige paad om it wetterke doe't se it slemilige mantsje seach. Hy hie har ek sjoen, want hy fluite syn hûntsje dat achter de einen oansiet en bûn him in stik tou oan de halsbân. Doe't se elkoar foarbygongen, seach er har net oan en op har ‘hoi’ grommele er wat yn it fan kleur fersketten burd.
Doe't se by de auto werom kaam, seach se dat der in stik papier ûnder in glêzewisker fêstklemd siet. In neakene frou mei ballonneboarsten, in wespetaille en in derriêre dêr'st sa achterop springe koest, lake har leidich ta. It wie in útskuorde foto út in seksblêd. Yn 'e marzje stie yn knoffelige blokletters skreaun: Wil je nueken? Druk dan 3x op de klakson
Se wie al hast wer thús doe't se betocht dat de gadingmakker wol earne yn 'e boskjes ferskûle sitten hawwe moast en dêr krige se wer einepikefel fan.
Eins koenen wy der net ûnder út: it moast wol in aardich mantsje west hawwe. Hy hie har net de skrik op 'e lea jage troch har, doe't se elkoar tsjin kamen, plan-út in frijaazje foar te stellen en sa hoegde sy net te bearen dat se pine holle hie, nee, ien en oar waard diskreet regele.
It hie ek wat earmhertichs fûnen wy, dat keardeltsje dêr yn de boskjes dat mei it hûntsje tusken de bledsjes troch gnúfde om te sjen oft se der hast oankaam en dat fol spanning wachte op de begearde trije toanen.
‘En as it no in prachtige, seksy man westhie?’ oppere immen.
‘Dy't in romantysk briefke skreaun hie sûnder flaters...’
‘Zeker ook nog in geef Frysk?’
‘Op in bledsje út de VPRO-gids....’
‘Mei in pear lette koweblomkes derby....’
‘Ja, wat dan? Wat hiest dan dien?’
It waard stil. Wy seagen har ôfwachtsjend oan. Se gong rjochtop sitten, struts it lange, blûne hier dat har foar de eagen hong nei achteren en sei: ‘Dan hie ik de auto start, ien kear lûd en lang toetere, de twadde kear noch langer en dan,.... dan wie 'k mei plankgas fuortflein.’