Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 4]
| |
By de hûndertste bertedei fan D.H. Kiestra
| |
IDouwe Hermans Kiestra, berne yn 1899 by Poppenwier, wie in boeresoan, dy't - net sûnder wifkjen - ek boer waard. Hy hie nocht oan skriuwen en wie tige muzikaal. As lid fan de Jongfryske Mienskip die er mei oan simmerkampen en it Jongfrysk Sjongkoar. Yn 1926 publisearre hy foar 't earst in fers, yn it literêre tydskrift De Holder. Kiestra wie tige belutsen by kulturele en politike aktiviteiten en die in soad redaksjewurk foar bygelyks It Heitelân, Frisia en De Nije Mienskip. Hy troude yn 1925 mei Aaltsje Hannema. Se hierden in pleats oan de Brekken ûnder Poppenwier en bleaunen dêr oant 1938 ta. Dat jiers gienen se oer nei in pleats yn Eagmaryp. De Kiestra's hiene doe al trije bern. Yn 1941 ferfearen se nochris, no nei in pleats op 'e Grutte Wierren ûnder Tersoal. Mei syn frou publisearre Kiestra sa út en troch ‘Boerebrieven’ yn Sljucht en Rjucht en It Heitelân, dy't in goed byld jouwe fan har kreweajen yn it boerebedriuw fan dy tiid.Ga naar eindnoot2 Earst mennist en sosjalist rekke Kiestra yn 'e tritiger jierren mear en mear oertsjûge fan it fallyt fan de demokrasy. De krisisjierren | |
[pagina 5]
| |
wiene foar de hierde boer swier en dat brocht Kiestra der ta syn heil te ferwachtsjen fan in sterke lieder. Yn syn politike stikken - en somtiden ek yn syn literêr wurk - wurdt de malêze fan de boer ferbûn mei in sterk fielen foar it Fryske folk en de Fryske grûn. ‘Swellestoarm’, in natuerfers oer ‘de Föhn fan Fryslân’ dy't de earste sweltsjes bringt, wurdt yn 'e lêste strofe in striidfers: Hy is ta it folk fen Fryslân
Symboal fen ûntweitsjen en werberte;
Yn de krêft fen syn jong rûzjen
Lit it him trochwaeije en sterkje
Oant yn de uterste nerven,
En rist it him ta de died.Ga naar eindnoot3
Alle tiid, dy't er frijmeitsje koe, wie Kiestra warber: literêr, polityk, yn 'e Fryske Beweging, yn agraryske organisaasjes. Hy skreau fersen, striidstikken, toaniel, ferhalen en in ‘lytse’ roman, De froulju fen 'e fetweider. In man, dy't grutte ynfloed op syn tinken útoefene hat, wie Jan Melles van der Goot. Dy, ek in boeresoan mar om syn swakke sûnens kandidaat-notaris wurden, ûntwikkele yn de krisisjierren in eigen ideology, dy't er ‘nasjonael-naturalisme’ neamde. ‘Als doel van zijn ideologie zag hij [Van der Goot] in de eerste plaats het behoud van het Friese volk als onderdeel van het Germaanse ras. [...] Het Friese bloed zou zuiver moeten blijven, dan zou de Friese taal ook zuiver bewaard kunnen worden.’Ga naar eindnoot4 Van der Goot wie poer op it kristendom en it humanisme tsjin. ‘Myn man,’ hat frou Kiestra skreaun, ‘waerd fen syn skriften meinommen.’ It begrutte har wolris, dat Kiestra sa'n soad tiid ferbrocht mei Van dêr Goot. ‘Haw ik net faken op 'e hiemshoeke stien, mei in djippe toloarstelling yn my as ik myn man en v.d. Goot gesichten fier it lân yn gean seach, drok redendieljend? Al wer in skoandere Sneintomiddei forsteurd.’Ga naar eindnoot5 Yn 1933 rjochte Van der Goot mei R.P. Sybesma it Frysk Faksiste Front op, dat lykwols rillegau wer ferdwûn. Yn 1938 rjochte hy, dit kear mei Kiestra, de Fryske Folkspartij (ffp) op. Yn it earste nûmer fan it partijblêd, It Fryske Folk, skreau Van der Goot: ‘En Kiestra hat al dy jierren west, in frysk en soasjael fielend minske, dy't sûnder dogmatisme jimmer dien hat, hwet neffens syn ynsjuch it bêste wier for ús folk. Hy is dêryn himsels allyk bleaun. En mei ús steat fan tsjinst as fryske striders doare wy foar ús folk to forskinen en bitrouwen te freegjen.’Ga naar eindnoot6 Ien fan de grûnkêsten (nûmer 5) fan de partij wie: ‘De Fryske Folkspartij striidt der for, det it Frysk folk wirk en brea fynt op eigen groun en det it him frij ûntjaen scil ta greater ienheit fen libbensforstean.’Ga naar eindnoot7 Folle oanhing krige de partij lykwols net. Doe't Van der Goot twa jier dêrnei ferstoar, waard Kiestra de earste man fan de partij. Doe wiene de Dútsers al yn Fryslân en by de begraffenis fan Van der Goot spriek Kiestra oer de ‘geweltige fornijingen dy't nou trochsette, de machtige omkearingen en herfoarmingen op elts terrein fen libben en maetskippij.’Ga naar eindnoot8 Foar dy fernijingen hat Kiestra him ynset, ûnder oaren as lieder fan de Fryske Rie, dêr't de ffp yn 1941 yn opgie. Hoe fier Kiestra meigie mei de Dútskers, lit de daging foar it Tribunaal út 1946 sjen: lid fan de nsb, lid fan de Nederlandse ss, lid fan it Agrarysk Front, lid fan de Landstand. | |
IIKiestra siet al langer as in jier finzen, ear't syn saak foarkaam. Op 22 maaie 1946 waard de daging opmakke, op 4 july stie er foar it | |
[pagina 6]
| |
Tribunaal yn Snits. Kiestra hat him, sa docht bliken út oantekeningen dy't bewarre bleaun binnen, sekuer taret. Hy sil net ferwachte ha, dat er der sûnder straf ófkomme soe, mar hy hat him wol ferantwurdzje wollen. Mocht bygelyks de fraach steld wurde: ‘Ha Jo der ek spyt fan?’, dan soe er sizze: ‘De gefolgen hawwe net west sa as ik my dy foarsteld hie; folle minder.’ En mocht frege wurde: ‘Wat tinkt Jo nou fen it nasjonaal sosjalisme?’, dan soe er anderje: ‘Underskate punten dêryn moat ik ôfwize.’ As reden foar syn kollaboraasje soe er neame: ‘Ik woe in sterker gesach en mear stjûr en lieding fen it regear hawwe as plichte.’ Oer dy gearwurking skreau er foar himsels op: ‘Ik ha altyd myn bêst dien en dy ûntsettende delikate wei op skeakelposten mei de besettende macht mei de greatste selsbihearsking, mei hifkjen en wifkjen gien. Stjûrman oan de wâl makliker. Dit moast dien wirde, alteast bisocht wurde.’Ga naar eindnoot9
Douwe Kiestra (tredde fan rjochts) mei oare leden fan de Jong Fryske Mienskip op Flylân, 1923. (Ut it ‘reade album’ fan Douwe Kalma; argyf FLMD)
It kranteferslach fan de rjochtsaak lit sjen, dat ek oan 'e oarder west hat, dat Kiestra wegere hie om ‘de eed op den Führer af te leggen, omdat hij principieële bezwaren tegen de ss had [...].’ Al earder hie syn advokaat (Beekhuis), yn 'e mande mei freonen en famylje, dwaande west de ferdigening ta te rieden. Beekhuis wiisde by de sitting op ‘het integer karakter van den beklaagde. [...] Er is een verzoek om clementie voor hem door practisch alle dorpsgenooten van K. ingediend. Door vooraanstaande figuren uit de Friesche beweging, als prof. Brouwer en E.B. Folkertsma, wordt voor hem gepleit. Hoewel besch. gedwaald heeft, heeft hij niets voor zichzelf, maar naar hij oprecht meende, alles voor Friesland gedaan.’ By it lêste wurd hat Kiestra - neffens de krante - sein, dat hij it ‘oneervol’ fûn om as ‘een rat het zinkend schip te verlaten.’Ga naar eindnoot10 It fonnis wie: twa en in heal jier sitte. Tsien jier mocht er net stimme. | |
[pagina 7]
| |
IIIFier foar syn proses hie Kiestra him al rekkenskip jûn fan syn hâlden en dragen yn 'e oarlochsjierren. Hy hie dat dien op 'e wize, dy't him it bêste paste: de poëzij. Hast daliks nei't er oppakt waard, ferwurke er yn fersen wat him dwaande hâlde: Fryslân, it finzenskip, mar ek hoe't it fierder moast mei syn húshâlding en it bedriuw. En, fansels, de ûndergong fan alles dêr't er foar stean wollen hie. Sondel en Luttelgeest wiene gjin echt minne kampen - der wiene wol mindere, leart de literatuerGa naar eindnoot11- mar dochs wie it rezjym strang. Foar in man dy't de romte wend wie, sil it net maklik west hawwe om achter stikeltried, mei in soad oare manlju altyd om him hinne, syn draai te finen. Ien kear yn 'e moanne mocht er in brief skriuwe, en like faak mocht er besite ha. Foaral yn it begjin gie dat wolris mis. Frou Kiestra krige in brief oan har man werom, mei it opskrift: ‘alleen in Nederlands schrijven’. De âldste soan makke - ek yn de earste moannen - om 'e nocht in reis om syn heit te treffen. Yn de Leeuwarder Koerier fan 19 juny 1945 stie in stik fan redakteur Jan Piebenga oer it ynternearingskamp fan Sondel. ‘Op het uitgestrekte terrein, waar de Duitsers hun kostbare peilstation voor de militaire luchtvaart hadden ingericht, zijn thans meer dan 300 n.s.b.-ers tewerkgesteld om de chaos, zoals die door hun vrienden op 17 april was achtergelaten, tot een zekere orde te herstellen. [...] Onder de bekwame leiding van commandant Spans, iemand die in de illegaliteit zijn sporen ruimschoots verdiend heeft, een zeer humaan mens binnen de perken van strenge plichtsbetrachting, is hier nu een “concentratiekamp” ontstaan, dat zeker geen vacantie-oord is, maar gelukkig ook geen reden geeft tot de bittere gevoelens, die dat woord bij elk beschaafd mens opwekt. Hier wordt gepoogd, gestrengheid aan rechtvaardigheid en menselijkheid te paren.’ ‘Niemand’, skreau Piebenga, ‘vindt het hier aangenaam, alleen al niet om de voeding (iets minder dan het distributierantsoen) en om het zeer, zéér beperkte contact met de buitenwereld, maar het leven is er dragelijk, hoewel het voor sommige intellectuelen een zielekwelling moet zijn, niet te kunnen lezen.’ Op dat stuit siet Kiestra yn dat kamp. Mooglik hat Piebenga, dy't him út 'e Fryske Beweging goed koe, Kiestra dêr troffen - yn alle gefallen sil er him oan it wurk sjoen ha. By de neilittenskip fan Kiestra op it flmd sit in mei potlead skreaun briefke: ‘Heechachte Kommandant. Hjirby in pear fersen dy't ik graech wol, det Jo goed biwarje. Op myn earewird forklearje ik det ik neat skriuwe scil det Jo net to lêzen krije. Ik hoopje tige det Jo my op dizze wize it skriuwen fen fersen en fen inkelde sketsen (eventueel) tastean kinne.’ Wis is it net, mar mooglik wie dit briefke rjochte oan de neamde Kommandant Spans. Yn it kamp hie Kiestra alle tiid om nei te tinken. Rillegau kearde er werom nei it leauwen, dêr 't er ûnder ynfloed fan Van der Goot fier by wei rekke wie. Yn it fers ‘Fryslân’ (S, 6) tsjûget er dêr fan: It pân det de fryske siele
Op reis troch it libben bliuwt:
Fryslân, foarlân en bêdding,
Det nei hjar lêste rêdding
Hjar taflecht yn Kristus driuwt.
Yn dy earste moannen rekke ek de natuer him djip. De besieling, dy't syn bêste fersen fan foar de oarloch hienen, komt yn de benearjende situaasje fan it kamp werom. | |
[pagina 8]
| |
Ien fan de earste fersen, dy't er yn Sondel skreau, wie ‘It Ljocht’ (S, 14), in lang, mystyk fers, suver ekstatysk: Moedich fen hert
Moat it ljocht yn my barne
Fen heger komôf
Det ik stean as in fane
Dêr't de winen yn slane.
Nea bang, nea drôf.
Twa dagenGa naar eindnoot12 foar't er fan Sondel nei de Noardeastpolder brocht waard, skreau er ‘Twaspraek’ (S, 7). Ek in lang fers, dêr 't er mei himsels yn petear yn rekket oer syn eigen situaasje. Men fielt dat er de skuld foar syn finzenis oan oaren jaan wol, mar dat er om earlik te bliuwen, dochs erkent dat er sels skuldich is. De delslach is oer ús komd
En ûngelyk kin ik bilije,
Mar mei ik myn deade gjin blomt'
Fen stille oantins wije?
- Dou moatst út dy banne dy rou
Birou, det moatstou bitoane,
Jow net oan mispleatste trou
Nou efternei noch in kroane.
Kiestra huchelt yn dit fers net, hy jout ta dat er fouten makke hat, mar tagelyk bliuwt er by syn politike opfettingen. Hy hat ferlern, hielendal syn oertsjûgingen ferriede docht er lykwols net (S, 9). In lyts folk fiert syn lytse wrok
Bikrompen en fol fenyn,
De greate oarloch hat it net mear
De lytse oarloch hellet it yn
- De lytse oarloch kriget gjin kâns
Jimme krêft is for altyd britsen
Yn 't Easten riist moarntiidsglâns
Wy hawwe de wacht bitritsen.
Sondel bringt him Jan Melles van der Goot wer yn 't sin. Yn it fers ‘Kamp fen Sondel’ neamt er himsels ‘dyn skyldfeint en striidmaet’ en hat er it oer syn eigen ‘wei fen fornedering’. Dêr scil ik dildzje
Drage en fordrage:
Finzenskip en langstme
Jan Melles, myn stalke,
Om Fryslâns forriiz'nis.Ga naar eindnoot13
Frou en bern binne ek faak yn syn tinzen. Soan Herman hat - mei syn mem en in saakwaarnimmer - de soarch foar it bedriuw krigen. Dat komt oan 'e oarder yn ‘Birop en bistimming’, in fers oer it boerewurk en de noeden en ferantwurdlikheden fan in boer. Yn ‘Oan ús bern’, seit er: Tink derom: forhirdzje net!
Jimme mei jim waerm hert,
Mei jim sterk en fûl bistean,
Nou't wy troch de stoarm gean.
Kiestra kin him foarstelle dat se lilk wurde op elk dy't kwea fan him sprekt of him oanfalt. Mar tink derom: it is jim heit,
Dy't jimme iepenhertich seit,
Hy hat de Poep, to gol, to roun,
To firdich syn bitrouwen jown.Ga naar eindnoot14
Foar syn frou skriuwt er ‘Foarste oansiik’, in lang, weagjend fers oer syn leafde foar har, fan it earste momint óf dat er har troffen hat. | |
[pagina 9]
| |
Yn it ‘Biswarring’ (S, 25) komme alle tema's byinoar: Fen hûs forballe
Fen wiif en bern
Hastou hjar net út
Dyn hert forlern.
De mienskip útstaet
En finzen nomd
Is yet Gods banflok
Net oer dy komd.
Minskene oardiel
Stiet skraech yn tel
God hat it sa wold
Jow dou dy del.
Dou rekkest fortiisd
Yn dyn rjucht en skild
God hat it sa wiisd
Doch dou gedild.
Kiestra hie der it earste jier noch gjin aan fan hoe lang er finzen sitte soe, mar hy tocht der al wol oer nei hoe't it kamplibben him feroarje soe (S, 10). Sinne op 'e striesek
De joun komt as in genede,
Nei de lûdroftige dei,
Op 'e striesek wachtet in frede
Dy ta alles gerive mei.
Dêr wachtet in langsum ûntspannen
Nei de binearjende twang,
De siele ûntwynt syn bannen,
En komt ta in froede sang.
Hja sjongt út stille oertsjûging:
Dit moast dochs allegear sa: -
Hast sûnder forset ef wroeging
Giet dizze foroaring ta.
Dit kin lykwols hiel lang dûrje
Licht wird ik der sletten fen,
En kom ik nei swier bisûrjen
Torêch as in earnstich man.
Torêch as in ôfslein strider,
Net wirch en wrang en kâld;
Mar lyk as in âld ûngetider
Dy't ûntsettend fen 't haeilân hâldt.
Torêch as in démoedich leauwer,
Ta in lyts formidden biskaet,
Mar gjin wrokjende efterbliuwer,
Fen gallich selsbiklach laet. -
Troch it ienichste bunkerfinster,
Skynt de jounsinne waerm en blier,
Op 'e striesek bistoar in glinster
Dy't de siele ta rykdom wier.
Nei de winter fan 1946 wie it dien mei Kiestra syn poëtyske driuw. Sa út en troch skreau er noch wol, mar dat wiene meast deiboekoantekeningen, soms mei de oanset foar in fers: Ek sette er him ta it oersetten fan it bibelboek ‘Spreuken’. Yn desimber 1946 waard Kiestra fan Sondel oerbrocht nei it kamp Westerbork. Neffens in fers, dat er jierren letter skreaun hat, fûn er dêr, op ‘in frije middei yn 'e lêsseale’ in boek, mei foaryn in sitaat oer ‘frede tusken folken en minsken’. | |
[pagina 10]
| |
Letter haw ik faak tocht
Dat moat fan Anne Frank west ha,
Ien fan har lêste boadskippen
Oan my....
Wat lis ik nachts faak wekker
En tink oan har en har neisten.Ga naar eindnoot16
Yn 1947 gie er nei it kamp yn Sellingerbeetse yn Grinslân. Yn dat kamp skreau er in lange brief oan kardinaal De Jong, dy't er ‘Een bekentenis’ neamde. Hy besocht dêrmei om ‘de geestesgesteldheid bij de politieke delinquenten’ wer te jaan. | |
IVKiestra skreau syn fersen op stikjes papier, dy't er yn it kamp fûn. ‘Kamp fan Sondel’ bygelyks is skreaun op in Dútsk formulier fan de eardere Funkstelle yn Sondel. Joech er guon oan de kommandant om te bewarjen, syn besite krige se ek mei. Mooglik gie dat temûk. Al gau gie de rop ûnder freonen en leafhawwers fan poëzy, dat it bysûndere fersen wiene. Jan Piebenga, dy't yn juny yn it kamp fan Sondel west hie, neamde yn in brievekaart fan augustus 1945 al dat er se printsje litte woe.Ga naar eindnoot17 It duorre lykwols noch in jier, ear't er útjouwer Kamminga yn Dokkum, in útstel die: ‘Yn myn bisit binne in great tal fersen, dy't Douwe Kiestra yn it Sondeler kamp skreaun hat. Der binne tige moaije by en dêrom hab ik it plan opfette dy as 't hwat kin privaet-clandestien, net yn 'e handel, byg. yn in oplaech fan 100 à 200 eks. foar frjeonen - út to jaen. [...] Fiele Jo dêrfoar om dit dichtbondeltsje to printsjen? Der hoecht net iens in útjowersnamme op om my, mar dat moatte josels witte. Illegaliteit lokket my altyd wol oan, hjoed mear as ea.’Ga naar eindnoot18 Piebenga wie rillegau nei de oarloch in foaroansteand man yn Fryslân wurden. Hy wie dichter, sjoernalist en soe as baas fan de Ljouwerter Krante ferneamd wurde. Hy hie yn 'e oarloch yn 'e yllegaliteit sitten. Net ien, soe men sa sizze, dy't wurk makke fan fersen fan in foute dichter. Mar syn broer Haring Tjittes siet, lyk as Kiestra en om deselde redenen, ek yn in kamp. Dêr kaam by dat yn 'e Fryske Beweging, ek daliks al wer nei de oarloch, Frysksinnigens en freonskip wichtiger wiene as politike wandieden. Sjoerd van der Schaaf hat as karakteristyk fan Piebenga jûn: ‘Yn syn wêzen siet in stik spjaltenens, faeks gearhingjend mei syn oanstriid him nei alle kanten to biwegen oer syn grinzen hinne. Hy hie der dêrby forlet fan witte to litten dat it by him weikaem út in djip fielen en in fier skôgjen [...]’Ga naar eindnoot19 Printer Kamminga is typearre as in ‘a-religieuze individualist’Ga naar eindnoot20. Hy hie foar de oarloch Van der Goot útjûn, yn 'e oarloch Douwe Kalma en nei de oarloch de redefieringen printe, dy't hâlden wienen op 'e Bewegingsdei fan 26 maaie 1945. Ek de Nije gedichten fan Douwe Tamminga wiene yn 1945 by him útkommen. Kamminga is op it útstel fan Piebenga yngien. De fierdere ôfwikkeling is oernommen troch Meinte Oosterhout, in freon fan Kiestra út 'e oarlochsjierren.Ga naar eindnoot21 Ut in brief fan Oosterhout oan de útjouwer, docht bliken dat Kiestra - op de dei fan syn proses - tastimming jûn hie foar de bondel.Ga naar eindnoot22 Wa't de seleksje makke hat, is net dúdlik. Neist Piebenga en Oosterhout wie ek Douwe Tamminga by de produksje fan de bondel belutsen.Ga naar eindnoot23 De kopij bestie út 45 fersen. Yn 'e bondel binne 22 dêrfan opnommen. De helte is dus ôffallen. De kar is yn it foarste plak bepaald troch kwaliteit. Dêrby hat de abstraksje fan de fersen in wichtige rol by spile. Sa binne gelegenheidsfersen weilitten (bygelyks ‘Foar ien | |
[pagina 11]
| |
(argyf FLMD)
fen de fammen út it kamp’) en fersen dy't tige privee wiene, as ‘Earste oansiik’. Fersen mei in frijwat dûdlike politike lading binne ek weilitten (bygelyks ‘Kamp fan Sondel’). Of guon dy't te eksplisyt oer it kamplibben giene (‘De úttocht moarns!’). Ek fersen dêr't út blykt dat Kiestra syn eigen lot mar mei in bytsje distânsje besleach (‘Klachte fen in Greidboer yn finzenis’). By de produksje is ek noch in fers (‘Torêch’) om 'e romte ôffallen. De bondel wie ferparte yn twa skiften, ‘Fryslân’ en ‘Suderleech’. Fersen yn it earste skift wiene skreaun yn Sondel, de oaren yn it kamp yn Luttelgeest. Yn oktober 1946 wie it oan printsjen ta, mar net earder as begjin 1947 wie it boek klear.Ga naar eindnoot24 Om't Kiestra in publikaasjeferbod hie oant 1 jannewaris 1951, wie dêr wat op fûn. ‘It is lykwols sa,’ skreau Oosterhout oan Kamminga, ‘de man mei net publisearje, d.w.s. syn wirk mei net yn 't iepenbier yn 'e hannel brocht wirde. Hy mei wol skriuwe en it mei wol printe wirde en oan dizze en jinge tastjûrd wirde.’Ga naar eindnoot25 In útjouwer waard yn it boek net neamd, en foar Kiestra wie - troch KammingaGa naar eindnoot26- in skûlnamme keazen: D. van Wieren. De ‘D’ stie fansels foar Douwe, van Wieren ferwiisde nei it wenplak fan de Kiestra's by de Grutte Wierren.Ga naar eindnoot27 Nei alle gedachten binne der trijehûndert eksimplaren printe. It doel wie om earst sa'n fyftich te ferstjoeren en de rest in pear jier lizze te litten om dan offisjeel út te jaan. Yn 'e earste helte fan 1947 binne sa'n 50 eksimplaren ferstjoerd oan famylje en kunde fan Kiestra. De boeken waarden net allegear tagelyk ferstjoerd. Reinder Brolsma krige syn eksimplaar net earder as yn juny. ‘Ja, it boekje mei de gedichten fen Douwe sines is to plak,’ skreau hy frou Kiestra, ‘en wy binne der tankber foar. Ik wist wol fen it bistean ôf, it soe my raer yn 'e wei west hawwe as ik der by troch rekke wier, dat koe hast net tocht ús -, wy hawwe elkoarren nou al sa lange jierren kend.’Ga naar eindnoot28 | |
VOp 15 oktober 1947 krige Kiestra syn frijheid werom. Hy gie wer oan it wurk. Noch gjin jier letter kaam Sinne op 'e striesek gewoan yn 'e hannel. Wêrom't skriuwer en útjouwer har net oan it publikaasjeferbod hâlden hawwe? In publikaasjeferbod, oplein troch de Ereraad voor Letterkunde, waard wol mear negearre: Ypk fan der Fear, Brolsma, Kalma binne oare foarbylden fan skriuwers fan wa't wurk opnommen waard troch bygelyks De Tsjerne foar't it ferbod foarby wie. De skûlnamme fan | |
[pagina 12]
| |
Kiestra waard wol brûkt. Hy hie earst hielendal anonym wollen, oant Douwe Kalma mei in advys kaam. ‘Hy rette my ôf om ek de skûlnamme forfalle to litten, om't den de neidruk sa falt op it klandestine. Ik moat dat tajaen.’Ga naar eindnoot29 Kiestra hie f 2 as ferkeapspriis ha wollen, mar Kalma fûn f 2,50 better. De ûntfangst fan it boek wie oer it generaal posityf. Piebenga bespriek it boek dat er sels meiholpen hie út te jaan en priizge de ‘greate geestlike soberheit’, dy't der út spriek. Hy neamde Kiestra syn hâlding yn 'e oarloch ‘in birette kar’ en dêrnei syn finzenis ‘in fûleindige mar iensume striid, in weromsmiten ynienen yn it primitive stadium fan ballingskip’.Ga naar eindnoot30 A.M. Wybenga fûn dat de fersen ‘trochstrings net in flugge, krêftige gong [hiene], by tiden binne se hwat stroffelich, krekt oft de dichter mear fielt en sizze wol as dat er kin.’ Wybenga wiisde der op dat it boek ‘illegael wie’, mar hy fûn dat net slim. It ‘tsjûget dat it der mei ús demokraty dochs jit better foar stiet as dat der wolris forkundige wurdt’.Ga naar eindnoot31 Dy lêste opmerking makke Freark Dam poerrazend: ‘Toe mar. Dy “demokraty”, dy't foar '40 al it measte oer har kant gean liet en it gefaer fan it nasjonael-sosjalisme (c.q. fascisme) net earder leauwe woe foardat hja it (fan '40 oant '45) fielde - en hoe! - soe dus noch sa min net wêze, nou't hja, ryklik trije jier nei de bifrijing, nasjonael-sosjalistykse skriuwers al wer tastiet om ynteressant-illegael har ressintiminten ôf to reagearjen? En dat, wylst der dochs ek sokssahwat west hat as in forbod om to publisearjen?’ Fierder skreau Dam yn De Tsjerne: ‘En út earbied en tankberens foar hwat dyselden [troch de Dútskers fermoarde dichters] foar ús frijdom lit hawwe, protestaerje ik tsjin in soarte fan “demokratyske” humanens, dy't A.J.W[ybenga] (en mei him gâns oaren) foar D. van W. en syn maten oer mient yn acht nimme te moatten.’Ga naar eindnoot32 Douwe Tamminga gie dêr tsjin yn.Ga naar eindnoot33 Neffens him wie dat publikaasjeferbod oplein troch in ‘Hollânske’ Ereraad, ‘dy't de forhâldingen to uzes inkeld fan hearren en sizzen koe en dy't hjoeddeis yn Hollân sels al lang ta de antiquiteiten biheart.’ Hy neamde nochris wat neffens him de kwaliteiten fan 'e bondel wiene. Kiestra socht it net yn ‘yn dûbelsinnige selsrjochtfeardiging of yn in amorphe oanpassing by feroare omstannichheden.’ Neffens Tamminga wie Kiestra in ‘bitter gefjocht oangien mei de problematyk dy't it eigen wêzen him stelt; as ien it mei de ôfrekkening mei eigen ferline net op in sêft sin set, dan D. van Wieren’.Ga naar eindnoot34 | |
VIYn it kamp hie Kiestra him foarnommen, nea wer in liedende posysje yn de Fryske Beweging te sykjen. Dat hat er nei syn frijlitting ek net dien. As dichter hat er him lykwols wol wer oppenearre. Nei Sinne op 'e striesek kaam yn 1955 It jier yn 't roun út. It kamplibben of de polityk komme yn dit boek net mear oan 'e oarder. Anne Wadman beneamde Kiestra syn ‘geastlike ûntjouwing’ as ‘fan in frijwat eigensinnich krisissosjalisme [...] oer it nasjonaal-sosjalisme [...] hinne nei [...] in soarte fan ôfsidichheid, in yndifferintisme yn syn poëzy fan hjoed de dei’.Ga naar eindnoot35 ‘My bikrûpt lykwols it ealgjen’ hie Kiestra de earste winter fan syn finzenis skreaun: Ik nim skilik op myn wei
Torêch nei de âlde lânsdouwe
Hwat fan de stiltme mei
De wide en winterske stiltme
Dy't strak oer it Suderleech leit,
| |
[pagina 13]
| |
Hja wurdt wjerbyld en spegelwêzen
Fen myn slettenheid;
Langstme, birou en mismoed
Biwirken yn myn hert
Biskamsum forhoalen hâlden....
De neak'ne treast'leaze romten
Fen forswijde smert.Ga naar eindnoot36
Fan de famylje Kiestra krige ik tastimming om dokuminten (hânskriften, typoskriften en brieven) út de neilittenskip fan Douwe Kiestra op it flmd te brûken. Hjirfoar myn grutte tank. Fierders betankje ik de minsken fan it flmd foar harren stipe en it fersoargjen fan de yllustraasjes by dit artikel. In soad feiten oer Kiestra syn libben binne te finen yn de ynlieding fan Douwe Tamminga by Kiestra syn Samle fersen (Boalsert 1982). |
|