Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 3] [p. 3] Pier Boorsma in dei út it libben fan de dichter ik libje as in muonts moarns om seis oere groetsje ik de fûgels de fûgels tinke dêr ha je dy rare swijsume man dy't - mei syn boere-aard - mient dat er moarns yn it waar sjen moat yn de supermerk wurd ik werkend troch it kassafamke (in pakje sjek seker) ja wij libje op ien weach fan tiid mar ik hear dêr net bij ik ha myn eigen binnensee middeis skamje ik mij dat ik fersen publisearje o idelheid der idelheden bin ik suver? jûns sis ik tsjin de fûgels ik gean wer yn 'e hûs ik moat noch neitinke oer it wêzen fan de tiid Vorige Volgende