Altyd wat!
Tr. Riemersma
Sûpe, frette en smoke
Doe't Pater Halward Hettema fyftich jier preester wie, hold er in resepsje en dêr wienen wy as Gods-ackerbewenners ek allegearre by útnoege. Wat moast men dêr no dwaan op sa'n resepsje? woe buorman syn soantsje witte. Sûpe en frette en smoke, sei buorman.
Dat wie kleare taal. Mar as men der oer neitinkt, falt jin wat eigenaardichs op. Sûpe en frette kin men ferfange troch de fatsoenliker tiidwurden drinke en ite, mar foar smoke is soks net mooglik.
Wat soartgelikens hat men mei in útdrukking dy't ús heit noch wolris brûkte: Men soe der fan skite en spuie! Wêrom net: skite en koarje? By it fatsoenlike spuie hat men ommers de mooglikheid om út te wiken nei it ûnfatsoenlike koarje en skite is ek ûnfatsoenlik dus dat past moai.
Of dochs net? Men kin ek oannimme dat dit yn prinsipe in fatsoenlike útdrukking wêze wol, mar inkeld fanneed foar in part (skite) ûnfatsoenlik wurden is. Watfoar fatsoenlik ekwivalint ha wy foar skite? Krekt: nei 't húske gean, en as lytsbernewurd: poepe. Men soe der fan nei 't hûske gean en spuie? Men soe der fan poepe en spuie? Dat heart beide op neat.
(Hâldt it ûntbrekken fan in neutrale fariant fan skiten yn dat fanneed de rûgere fariant wat mear nei de midden opskoot? Dat soe wol wêze kinne. Ik sjuch in parallel mei it wurd neuke, dat - yn it tydskrift Sextant bygelyks - mar diskear mei opsetsin - nei in mear neutrale middenposysje treaun wurdt).
It is in grut lêst dat wy foar skite gjin fatsoenlik ekwivalint hawwe, mar ús rêde moatte mei in omskriuwing. In omskriuwing dy't syn realistysk kader net ferjit of ferlit: nei 't húske gean is net inkeld skite, mar de gong troch rinne nei dat lytse hokje ta mei in tontsje of twaletblok deryn.
Us mem hie ek swierrichheden mei dizze lakune yn 'e Fryske taal. Soms, as ien fan 'e hûshâlding slim siik wie en op bêd bliuwe moast en wy fregen hoe't it wie, koe ús mem sizze: Goed, hy hat al wer nei 't hûske west. Hat er derôf west?! Nee, op 'e poat. Mar dat is fansels net nei 't húske gean. Dat is poatpoepen of poatskiten. Nei 't húske gean, dat is nei dat hokje ta rinne en jo dêr delsette om in loart te draaien.
Fia-fia krige ik as krityk op myn Nei de klap te hearen, dat it oars wol moai, mar wêrom no wer sa rûch wie. Al dat skiten! En dan wie it ek noch ynkonsekwint: as der skiten waard, moast der ek mygd wurde.
Itselde ferhaal dus. Yn 'e wrâld fan Nei de klap sil krekt salang skiten wurde moatte oant der wer húskes timmere binne om hinne te reizgjen. Jo kinne net achter de boskjes of yn 'e wâl nei 't húske gean. Jo kinne al, ta ôfwikseling fan dat ivige skiten, ris út 'e broek gean (as jo alteast in broek oan hawwe, oars rint dat ek mis). Mar wêrom dan net mige? Om't dat, út it ferhaal wei sjocn, net (altiten) needsaaklik wie.
Ik ha de yndruk dat de lêzers ornaris wat te maklik oan ditsoarte literêre en taalkundige problemen foarby geane. As jo de min of mear neutrale taal skriuwe wolle, dan ha jo neat gjin lêst, mar sadree't jo je taal bygelyks