Renze Yetsenga (‘... in aktueel en werkenber boadskip. It wie as op de top fan in berch. It wie goed om dêr te wêzen.’) en ds. Hendrik Zijlstra (‘Yndrukwekkend.’).
Waringa en Zijlstra binne ek de favoriten fan de ‘sjuery fan deskundigen’. Dy twa holden preken, ‘dêr't wy sels in soad fan leard hawwe,’ skriuwe de teologen.
De kar foar dûmny Waringa kin ik wol mei ynstimme. Hy begjint mei in prachtich ferhaal út syn jeugd, oer hoe't er mei syn heit, dy't molkfarder wie, wol gauris meifear nei de ‘Sodommermar’, in foech dobbe by de buorskip Soarremoarre ûnder Boarn, dy't troch de Boarnsters steefêst ‘Sodom’ neamd waard. As jonkje moast er der dan wolris oan tinke hoe't God dy oarde by Sodom op in freeslike manier ferneatige hie en hy besocht him dan foar te stellen hoe't dat om en ta gongen wie. Nei't dûmny dat spektakel wat relativearre hat, nimt er dúdlik ôfstân fan de sedemasters dy't úthâlde dat de ûndergong fan Sodom en Gomorra te krijen hat mei de wjersin fan de Hear tsjin in bepaalde seksuele geaardheid en hy komt dan ta de konkluzje dat ‘Sodom’ in metafoar is foar wat der fan ús terjochte komt ‘as wy ferjitte “wat it is”, dat ús libben doel en sin jout.’
Sympatyk binne my ek de wurden fan ds. Liuwe Westra. (Ja, dyselde fan dy trouwerij.) Syn preek giet oer it boadskip fan Paulus: De leafde is bliid mei de wierheid. Yn it Gryksk betsjut ‘wierheid’ ek ‘echtens’. It is wierheid yn dy sin, dêr't Paulus op doelt: ‘As ien dy't dûnsje kin net dûnsje mei, dat is ûnrjocht. En sa komme wy wierheid, echtens, op it spoar, dêr't de leafde bliid mei is: dy sjogge wy opbloeien sagau as ien àl de kâns krijt om te wêzen dy't er of dy't se yn djipste wêzen is.’ (Hy sil dêr dochs net dat klierich bern mei bedoele of dy sleauwe koster?)
Dûmny Brouwer krige my ek even op it puntsje fan 'e stoel. Hy fertelt it ferhaal oer in jonge dy't ophongen waard yn in konsintraasjekamp en net daliks dea wie. ‘Dy jonge hong der noch in skoft te spinfuotsjen en te marteljen. Doe rôp ien fan de taskôgers: Wêr is God no? In oaren andere: Dêr hinget Er!’ Dat andert soe betsjutte kinne: God is dea. No't dit ferskriklike bard is, kin net ien mear yn Him leauwe. ‘Mar jo kinne it ek sa opfetsje: Dêr't minsken sa lije, is God harren just tige neiby. Hy makket Him ien mei syn lijend skepsel.’ Dy God, dy't machteleas is mei de machteleazen en fielt wat sy fiele, dêr hat men dus sa fuortendaliks it measte net oan, mar ik ha him sa leaf wol as de almachtige hearsker oer himel en ierde. It hat fansels net folle doel om by sa'n God, dy't as it der op oankomt, oars neat út wit te rjochtsjen as meiskrieme, mei gebeden oan te kommen.
Dat bidden is it ûnderwerp fan Bauk Zondag har preek. Dy hie fan my ek wol in priis ha mocht. Doe't se har preek hold, wie se noch net offisjeel dûmny en se stiet dan ek ienfâldich oankundige as ‘Bauk Zondag’. Wat Bauk Zondag oer dat bidden seit, sprekt my wol oan: ‘Sa kin it barre dat wy tinke dat wy mei God yn petear binne mar dat wy eins mei ússels yn petear binne.’ Hja hat it ek oer God syn manier om antwurd te jaan. Wa't Syn antwurd hearre wol, moat begjinne mei himsels de snút te hâlden en stil te wêzen. Hy moat syn tinzen oan kant sette en him iepenstelle foar de stim fan God. Bauk Zondag jout fandatoangeande ek in praktysk advys: ‘Ik soe sizze: gean te fytsen! It fjild is hjir noch rom. Der bin hjir noch in protte plakken en tiden dat de stilte je suver yn 'e mjitte komt.’ Want dat is Syn antwurd: stilte. Al dat bidden en smeekjen, it antwurd is: stilte. Bauk Zondag wit it ek noch hiel poëtysk ûnder wurden te