Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 501]
| |
In ferline sûnder takomstDe boeken dy't ik lês - altyd te min nei myn sin - lês ik meast mar ien kear. In inkel boek gean ik in twadde kear trochhinne - en dan sit dêr meast in flink skoft tusken - mar Imitaasjelear fan Jetske Bilker haw ik trije kear lêzen. Oer dat boek haw ik mei minstens tsien kollega's, minstens fiif famyljeleden en mei in pear freondinnen praat. Ik wol Imitaasjelear meinimme nei de oare ieu om't it sa'n goed byld jout fan in generaasje en in tiid dy't doe't er belibbe waard al âlderwetsk like, dat it dêrmei histoaryske wearde hat. Boppedat is it in freondinneroman, dêr hâld ik wol fan. En ik werken it miljeu, in tredde reden.
Imitaasjelear giet oer Anke Stevens, in yn in beskerme miljeu opbrocht famke dat har net ûnder it gesach fan har âlden mei har strang kristlike tinkbylden deljaan kin en har ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet losskuort nei in nije iensumheid. Anke mei suver neat: net nei in bar, net smoke, op snein net fytse, net mei jonges omslaan en har âlden wolle leafst rêstige, neatsizzende freondinnen foar har útsykje. De famylje Stevens hat mar ien útspatting - prachtich beskreaun troch Jetske Bilker - trije kroketten op freedtejûn, mei in gleske sinasappelsop derby. Anke leit der altyd wat út, har deeglike rjochtlinige heit is berucht en se driuwt stadich fierder ôf fan it ideaalbyld dat har âlden oer har iennichst bern, dêr't se hiel lang op wachtsje moasten, hawwe. Har freonskip mei Margreet, dy't as iennichste fan de klasse selsstannich wennet, jout har it gefoel, dat se wat mear oansjen kriget en dêr wol se wol in freonskip mei in eardere freondin dy't yn de klasse útlake wurdt, om deabliede litte.
It boek is sa opboud, dat iderkear stikjes ferline troch it no frissele wurde en dêrmei wurde de problemen dêr't Anke mei oantangele sit hieltyd op 'en oppakt en fierder útinoar raffele. Linkendewei lit Jetske Bilker sjen, wat it echte probleem is: âlden dy't Anke gjin boaiem jûn hawwe om har eigenwearde op groeie te litten jouwe har it ferlechje om ek net oan 'e takomst te bouwen. Anke lit in spoar fan fernielde relaasjes nei en dat hat se sels net yn 'e gaten. Se skriuwt alles ta oan it fertriet dat har âlden har oandien hawwe troch har út hús te setten om't se har net skikke wol ‘yn it kristlik leauwe, dat yn dit hus it fûnemint is’. Har âlden dogge krekt itselde, fernimt se as se op in sentimental journey yn in lange fakânsje allinne der nochris hinne giet: se jouwe Anke de skuld fan alles, want dy hat har gedrach net feroare. Sa liket Anke mear op har âlden as se faaks tajaan wol. Dy striid mei âlden dy't net mei har tiid meigeane en strak fêsthâlde oan eigen noarmen is knap beskreaun. It jout in tiidsbyld en hat dêrmei histoaryske wearde. Myn twadde reden om it boek in generaas- | |
[pagina 502]
| |
je langer libje litte te wollen, is dat it in freondinneroman is. Ik herken my wol yn de beskreaune freonskip, yn dy sin, dat ik sels ek sa'n freondin hân haw by wa't ik tocht dat wy ús blyn oan inoar oerjaan koene. Soms kinne je dan hiel hurd falle. Jetske Bilker hat dy ûntjouwing hiel goed folge. It nachtenlang kletsen, altyd by inoar oankomme kinne, it bekritisearjen, idealisearjen, de opdûkende ferskillen. Myn tredde reden is dat ik it miljeu werken. Fansels, by jin thús is it altyd minder slim, want wy mochten wol fytse op snein. Mar jild útjaan op dy dei, om mar wat te neamen, wie ferbean. Wat ik werken is de oertsjûging dy't wichtiger fûn wurdt as it ‘ik’ en dy't it ‘ik’ weidrukt. Je meie net jesels wêze, it ‘ik’ wurdt fermoarzele ûnder de noarmen dy't it libben bepale en wêryn't krekt fêstlein is wannear't je doge en wannear net. En de buorlju binne tsjûge oft je it smelle of it brede paad ynslane. Foar har allinne al moatte de opstannige bern har bêst dwaan. En by in bytsje razerij geane de ruten ticht.
No is 't fansels wol sa dat it net allinne kristlike húshâldingen binne dêr't de noarm steld is en men der net fan ôfwike mei. De dochter fan in kommunist dy't kapitalist wurdt, de soan fan in bargeboer dy't him ta it fegetarisme bekeart of de dochter fan in pasifist dy't it leger yn giet hat it krekt sa dreech. As in âlder mei macht in ûnmachtich bern it rjocht ûntseit om harsels te wêzen rint dy dêrmei it gefaar, sa'n persoan lyts te halden. En dat is by Anke dúdlik it gefal. Earst rint se oan de hân fan har âlden, dan oan 'e hân fan Margreet. Se freget har altyd ôf, wat Margreet fan har hâlden en dragen fynt. Soms liket it as docht se guon dingen allinne mar, om se oan Margreet fertelle te kinnen. Mei de leafde wit se ek gjin ried. Se siket fuortendaliks in ôfhinklike posysje. Se set alles by de relaasje op en dêr kinne dy jonges, dy't har hurd, ûnselsstannich en ûnecht neame, net oer. Boppedat hat se gauris gjin ear foar de oar mar sit fol mei selsbegrutsjen.
Ik fyn Imitaasjelear in bysûnder dokumint. It bringt de iensumheid, doelleazens en ûnwissens fan in opgroeiend famke tige skerp oer. It is net te begripen is dat der ea opskuor oer west har dat dit boek safolle finansjele stipe krigen hat. Jetske Bilker krige nammentlik in opdracht fan de Provinsje, it waard útjûn mei stipe fan de Provinsje en mei't se der de Fedde Schurer-priis foar krige waard it ek noch lauwere troch de Provinsje. Mar, ien treast: der binne minsken dy't it boek trije kear lêze. |
|