Rotterdams Filmfestival, it IDFA (International Documentary Filmfestival Amsterdam) en de Nederlânske Filmdagen yn Utrecht. In fergeliking fan apels mei parren. De trije rânestêdlike festivals hawwe, lykas it NFF, in publyksfunksje, it fûnemintele ferskil is dat se ek in moetingsplak fan filmmakkers binne. Dat is it NFF noait slagge.
Fansels wurde der wol filmminsken útnoege en strune der filmmakkers op eigen manneboet om. En der is ek wolris in diskusje dêr't oer filmproduksje, al of net yn relaasje mei de regio, praat wurdt. Mar it festival hat noait folgas jûn om njonken it publyksfestival in filmmakkersfestival te wurden. Dêr ûntbrutsen oant no ta net allinnich de middels foar mar ek it hillige fjoer en de wiere ambysje.
Troch de organisaasje is wol sein dat it - oars as by Oerol - sa swier falt om de fakparse út de rânestêd hjir hinne te krijen. Dat is wier. Mar wêrom soe de nasjonale filmparse nei Ljouwert ta komme moatte? Net foar it haadprogramma fan foar-premières út binnen- en bûtenlân, net foar de ôfstudearprojekten fan de Film Akademystudinten en likemin foar it noardlik amateur fideo festival (mei syn 57, foar in grut part jonge dielnimmers trouwens in trochslaand sukses). Foar Meet the Stars, in programma troch en foar de jongerein miskien? Grif net foar it unike histoaryske Fryske filmmateriaal, diskear ferstoppe yn in fideohoekje. En al hielendal net foar de milennium-proof films, de filmkar fan bekende lân- en streekgenoaten. Foar de seleksje Frânsktalige films? Moatte se opdrave foar de aktuele Afrikaanske film?
Hans Beerekamp fan NRC Handelsblad kaam ôf op de Interregio Kompetysje, dêr't sân films út ferskate Europeeske regio's mei in eigen identiteit yn strieden om de Matad'Or en fiiftûzen gûne. Hy wie frege foar de sjuery en keas foar Ca commence aujourd'hui fan Bertrand Tavernier. Fjouwer dagen wie er te gast, mar yn syn krante gjin rigel oer it festival.
It is ienfâldich te betinken wat nedich is om it festival te meitsjen ta in barren mei in lanlike útstrieling. Alderearst de wiere ambysje. Dan in slûchslim útwurke tema. It idee fan de ynterregio hat grif dy potinsje, foaral as it ferbûn wurdt mei de digitale multymediarevolúsje. Twahûndert Europeeske en regionale filmminsken útnoegje. Tsien dagen De Harmonie ôfhiere. Filmmakkers opdrachten jaan. In aparte organisaasje foar it festival dy't har dêr it hiele jier mei dwaande hâldt. Jierliks 4,5 ton fan de gemeente Ljouwert, 3,5 ton fan de Provinsje, twa ton fan it Ryk, garandearre foar fjouwer jier. Ien miljoen sels ynhelje fia sponsors en entrees. En foaral net eamelje oer de promoasje fan wat dan ek. Dy komt fansels. Dat is de bonus.