Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 493] [p. 493] Tsead Bruinja kelder as sy achter har heart hoe't in hân de klink betaast de fear yn de keldersdoar spant plûnzet de blauwe slok spiritus ûnfermingd mei har flibe noch yn 'e búk fan de plastyk flesse werom sinkt de moed har wer yn de skuon rint har kop read oandraait sy de dop strykt mei de achterkant fan har linker hân rimpele oer har mûle begjint pas te azemjen yn de sêfte eagen fan har dochter dy't feint mei in lêste tút nei hûs stjoerde en har mem net sitten sjocht yn 'e stoel de swarte kop fan 'e kachel fan lang lyn getten izer ûnbeset de waarmte siket in plak yn it witten fan har fingers op de kelderstrep in foarsichtich kreakjen mem leit noch net op bêd tinkt sy beweecht dêrhinne Vorige Volgende