Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 489]
| |
Piter Terpstra:
| |
[pagina 490]
| |
Literatuer en sjoernalistykTerpstra is net mismoedich oer de kânsen foar de Fryske literatuer. Der komt genôch út wat nijsgjirrich is. Terpstra: ‘Der binne wol talinten. Albertina Soepboer bygelyks en Tsjêbbe Hettinga en Wilco Berga. Margryt Poortstra har koarte-ferhalebondel fûn ik hiel goed. Har roman moat ik noch lêze. Jetske Bilker kin ek hiel moaie ferhalen skriuwe. Dêr soe 'k graach mear fan lêze wolle. Lykwols, der bliuwt fansels ek ferlet fan goede romans. It is moai as je op 'e koarte baan hiel wat foarstelle, mar benammen romans binne wichtich foar in literatuer.’ Hy fynt, dat je foar de Fryske literatuer oare mjitstêven oanlizze moatte as foar de Nederlânske, wat de kwaliteit oangiet, omdat it no ienkear in lyts taalgebiet is. It bêste boek fan it literatuerseizoen is neffens Terpstra sûnder mis It wrede paradys fan Hylke Speerstra. De foarm fan literêre sjoernalistyk - in sjenre dat Geart Mak ek mei in soad súkses beöefenet - dy't foar dit boek brûkt is, is foar Fryslân noch frij nij. Mar it slacht fuort oan en goed ek. It wrede paradys is dan sa'n boek dêr't binnen it jier in Nederlânske oersetting fan ferskynt. It wie oars ek wol in sjenre dat Piter Terpstra lizze soe, as romanskriuwer dy't sjoernalist wie. Terpstra soe dêr no net mear oan begjinne. Mar hy hat as sjoernalist ek wol ferhalen skreaun, reisferhalen: Gesprekken achter het gordijn. Nei de Twadde Wrâldoarloch reizge hy troch East-Europa en skreau op wat er seach en hearde. Laurens ten Cate, doe haadredakteur fan de Friese Koerier, hat ris tsjin him sein: moatst freegje wat de bûter dêr kostet. Sokke gewoane dingen wolle minsken witte. En sa is it no dus noch. Neffens Terpstra binne sjoernalistyk en literatuer faak min fan inoar te skieden, it rint yn inoar oer. Terpstra syn skriuwen hat wol wat fan sjoernalistyk, is wolris sein, en dan is it gjin komplimint. ‘Mar as se sizze dat myn sjoernalistyk wol wat fan literatuer hat dan is dat wòl bedoeld as komplimint’, glimket er. Klaes Dykstra hat ris skreaun oer Terpstra syn sjoernalistike hastigens yn guon fan syn boeken. Hy hat it dêr nea mei iens west. Syn boeken binne net hastich skreaun. Hy moat him goed ynlibje. Dêrby skriuwt er stadich en moat - yn it Frysk - in protte opsykje. Hy skriuwt mei de hân en ferbetteret al streekjend. Hy set der allegear ferwizingen by en syn dochter, dy't alles oertypt, is de iennichste dy't syn ferwizingen begrypt. Hy is op 't stuit dwaande mei in histoaryske roman (Kom oer it wetter) oer Tsjibbe Gearts van der Meulen, Harmen Sytstra en de striid dy't it joech as de iene út in húshâlding wol en de oare net emigrearje woe. Hy wit net oft it wat wurdt, dat wit er nea, mar as it wat wurdt, dan komt it boek by de KFFB út. Terpstra hat wol in stik as tweintich útjouwers hân, foar syn Nederlânske en Fryske wurk. Hy giet sels net mear nei in Nederlânske útjouwer. Terpstra: ‘Guon stjoere it fan de iene útjouwer nei de oare en dan is der faaks wolris immen dy't it ha wol.’ Syn lêste boek dat (wer) yn it Nederlânsk ferskynd is, is Vier mensen in een stad, yn 'e Grutletterbibleteek, printe yn 1999. Dêr hat er sels net efteroan west. Terpstra: ‘Gjinien sit op myn boeken te wachtsjen. Ik gean jûns faak sitten te skriuwen. Dêrnei lês ik noch even en dan tink ik: wat stiet dat fier boppe wat ik sels skriuw. Mar ik bliuw wol oan 'e gong. Wêrom? Ik wurd bestoarme troch ideeën, dat wolle je dan kwyt en dat skriuwe je op. Ik belibje der noch altyd nocht oan, oan it skriuwen. Mar ik kin gjin boeken mear skriuwe lykas 80.000 yn in stêd [1975]. Doedestiids wie ik sterk by de stêd belutsen, rûn faak noch let bûten om. No | |
[pagina 491]
| |
Piter Terpstra yn 'e omkriten fan Dwingeloo (foto Johan Witteveen)
soe ik de sfear net mear sa goed beskriuwe kinne. Ik skriuw allinne noch histoaryske romans.’ | |
It literêre klimaatWat it literêre klimaat fan Fryslân oanbelanget is Terpstra fan betinken, dat de Provinsje it sitte lit mei de stimulâns, mar dat skriuwers under elkoar, sa't hy dat meimakket, elkoar tige stimulearje en stypje. As foarbyld neamt er de Skriuwerswykeinen yn Koartehimmen - no net sa faak mear halden -, dêr't skriuwers wakker aardich foar inoar binne, mar ek net mijen yn har krityk foar elkoar oer. Sokke wykeinen komme benammen de freonskippen te'n goede en Terpstra, dy't der sels faak by is, fynt dat in goeie saak. De literêre tydskriften dy't der binne, twa mar, mar dat is neffens him genôch, wurde posityf beoardiele. Terpstra: ‘Der ûntbrekt lykwols in tydskrift dat troch in pear tûzen minsken lêzen wurdt en dêr't debutanten en oare begjinnende skriuwers har ferhalen yn kwyt kinne. Dat ha je no net. Yn myn tiid by Frysk en Frij wie it sa, dat as de Rely Jorritsmaprizen takend wiene, wy ynienen allegear koarte ferhalen hiene, dy't ôfwiisd wiene. Dy kinne se no net mear kwyt.Ga naar eind*) Ja, je hawwe no dy side yn 'e Fryske deiblêden, mar dat is fansels neat. En Frsk biedt dat ek net. Dat blêd hat in heal miljoen krigen. Foar hiel wat minder hie Frysk en Frij it rêde kind. Der kin sa wol talint ferlern gean. In earste ferhaal is miskien min, mar in twadde kin better wêze. As je in poadium hawwe, dan stimulearret dat tige.’ Wat de literêre krityk oanbelanget, fynt Terpstra, dat dy yn Fryslân syn útfallen hat. Yn syn algemienheid fynt er fan krityk, dat dy net altyd hout snijt. Soms stiet der yn in resinsje dat in boek net fernijend is, ‘mar alles hoecht fansels net fernijend te wêzen’. Yn Trotwaer nûmer 5 fan dit jier, skreau Terpstra yn syn stik oer it ôfskied fan Jelle Krol as resinsint fan de Ljouwerter Krante: ‘Ik leau dat oer it generaal nommen syn kritiken yn de LC de Fryske literatuer, hoe skeamel dy ek is, op in ferantwurde en deskundige wize bekend- | |
[pagina 492]
| |
heid jûn hawwe.’ Oer Jabik Veenbaas, Krol syn opfolger, hat er noch gjin miening, dêr wol er earst wat mear kritiken fan léze. De kritiken yn it Friesch Dagblad fynt er slim wikseljend. Hy hat leaver in fêste resinsint, ek al omdat je oan in besprekker wenne moatte.
Piter Terpstra is noch net útskreaun en hy hat it Fryske wrâldsje ek noch net ôfskreaun. Hy bliuwt der by belutsen. Ek maatskiplik makket er him altyd noch soargen om allegear dingen. Bygelyks om de minsken yn de WAO en dy mei in minimale útkearing, dy't hieltyd mear yn de ferdrukking komme. Ien fan syn grutte foarbylden is en bliuwt Troelstra. Yn syn skriuwkeamer hinget in portret fan Troelstra en hy hat in koarte biografy en in toanielstik oer Troelstra skreaun. Terpstra: ‘Troelstra is ien fan dy figueren dy't as tafalstreffer út sa'n hiel lyts folk nei foaren komt en fan belang is. Dy't hûnderttûzenen meislepe kin en ferheft út har ellinde. Der is út Fryslân ek in grut reedrydfenomeen opstien, Rintsje Ritsma. Sa kin der ek in skriuwer fan formaat út fuortkomme. Miskien hiel gau al.’ |
|