Tegels
Meinou P.
It kin net altyd allinnich mar foarútgean, tocht ik, doe't ik lies dat jo yn 'e heine takomst sels bepale kinne hokker programma's op hokker tiid jo op 'e tillevyzje sjen wolle. De fernijings binne net mear by te hâlden. Soe it ôfsluten fan it twadde milennium net in moaie gelegenheid wêze om in swaai te meitsjen fan hûnderttachtich graden en stadichoan wer werom te gean?
Ik wist wol dat it net orizjineel wie wat der yn my opkaam, ik hie dêr ea ris in ferhaal oer lêzen, mar ik koe my net mear yn 't sin bringe út hokker boek ik it hie. Oant immen foar de radio njoggentjinnjoggenennjoggentich útspruts as duizendnegenhonderdennegenennegentig en doe wist ik it wer. 1999 was me 't jaartje wel fan de Amerikaanske sciencefiction- en fantasyskriuwer Fredric Brown.
It hearde te stean oan it begjin fan de rige mei de Zwarte Beertjespockets. It hie in swart omkaft en de titel stie der yn wite letters op. Ik seach it foar my, al wie it wol mear as tritich jier lyn dat ik it kocht hie. Fansels woe ik it ferhaal dat my ynspirearre hie ta djipsinnige gedachten wer lêze.
Mar it boekje stie net op syn plak en ek net op in oar plak. Dêr waard ik gek fan. Letterlik alles klaude ik oer de kop, want ik soe en ik moast ha wat ik socht. Man, eks-man, bern en styfbern waarden ynskeakele en stikem beskuldige fan dieverij. Fansels koe ik it net litte en sjoch ek de boekekasten fan fierdere famylje en freonen der op nei en sa kaam it dat ik it ynienen seach by myn broer op 'e planke, oan it begjin fan syn Zwarte Beertjesrige.
Ik wie der hast wol wis fan dat it myn eksimplaar wie dat dêr stie en ik wachte dan ek oant de ein fan de jûn doe't elkenien mei elkenien yn petear wie, foar't ik de pocket temûk yn myn tas glydzje liet.
De kleur fan de inket fan de namme foaryn fertelde my thús wol wat oars, mar doe koe ik net mear werom. Sa gau as ik de tiid der foar hie, begûn ik yn it boek te sykjen nei it bedoelde ferhaal. Ik lies prachtige, koarte komposysjes mei in ferrassend plot, mar neat oer it achterútgean fan de tiid. Ek gjin foarsizzings oer it jier 1999 dy't ik no hifkje kinne soe, sels yn it titelferhaal net. Mar ik lies troch oant ik by it lêste minyferhaaltsje kaam.
Het einde
Professor Jones had jarenlang de tijd bestudeerd. ‘En eindelijk heb ik gevonden waar alles om draait,’ zei hij op een dag tegen zijn dochter. ‘De tijd is een veld. Met deze machine die ik heb ontworpen, kan ik dat veld beïnvloeden en zelfs omdraaien.’
Hij drukte op een knopje en zei: ‘Nu moet de tijd achterstevoren gaan lopen gaan achterstevoren tijd de moet nu,’: zei en knopje een op drukte hij. (...) Bestudeerd tijd de jarenlang had Jones professor.
Einde het’
Telâne plak rjochtmjittich syn op wer wol wel jaartje 't me was 1999 komt sa en. Tink.