Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 486] [p. 486] Willem Schoorstra Ynwijing troch de mieden, dy't de kleur fan de sinne opsobbe hiene, giene wy, heane tsjammen, knierjend tusken koartebroek en poddehier, ruters yn it seal fan dôfhûdige dagen dy't skombekjend ús spoaren ferneare moasten; wer sjoch ik ús roppen en razen op it hiem fan de ôfbaarnde pleats, de oerbleaune bonken dy't priemkjend de himel beskuldigen, ferkoalle klacht oan dôvemansearen rjochte, ieuwen fan bodzjen faai, boereskaai ferwaaid mei de wyn; mar it neare dat der hearske wie ús treast; roekeleas saaiden wy fantasij yn de spylhal fan de púnfal, it fan leechte oanfretten, dat wy folden mei it kleauwen fan de stilte, it brekken fan tarre klústers oant wy rekken oan de dobbe, de heal ferdroege, dêr't frosken sleau dreauwen yn it lêste stealtsje wetter, net better wisten as dat de wrâld ta slinken keard wie, en breinroer sochten wy út 'e bringst fan it hiem stiennen om te smiten, staken om te spytsen, demoanejagers dy't in reach fan yngewant en bloed spûnen fan kant nei kant; doe't letter net in frosk mear libbe droegen wy de wrâld yn kliemske hannen [pagina 487] [p. 487] Sibbe de dei lei yndodde ûnder de sinne oer my hinne, de dreamer oan de wetterkant yn 'e lijte dreau ik oer it gers, de reiden fyn beplomme beakens op in belune tocht oant damp my intere fêstlei oan 'e kaai fan wol, fan fochtigens it sicht fertroebele de wrâld feroare yn in oard dat ik net koe net witte woe, in lân fan glandige geasten ynbêde yn dize kamen hja ûnmijber tichterby, longerjend nei in besibbe siel fan huver befongen seach ik hoe't it dampflues wiek, en op my ta twa swannen swommen Vorige Volgende