It is net dreech en fyn ferskate passaazjes dêr't Smink it Frânsk hiel moai en treffend oerset, benammen yn fergelyk mei de Nederlânske fertaling. Noch ien moai foarbyld. De Lytse Prins is krekt op ierde en hy hat it him allegearre hiel oars foarsteld as er de slang dy't alle riedsels oplost, moetet: ‘Le petit prince, une fois sur terre, fut donc bien surpris de ne voir personne. Il avait déjà peur de s'être trompé de planète, quand un anneau couleur de lune remua dans le sable.’ (PP, 59) Sa stiet it by de Saint-Exupéry. Yn 'e Nederlânske tekst leveret dat it folgjende op: ‘Toen de kleine prins eenmaal op aarde stond, was hij heel verbaasd, dat hij niemand zag. Hij werd al bang dat hij zich van planeet vergist had, toen hij op het zand iets zag bewegen, in maankleurige kronkel.’ (KP, 57). Dan it Frysk: ‘Doe't de Lytse prins ienkear op ierde wie, wie er ferbjustere dat er gjinien seach. Hy wie al benaud dat er him in planeet fersind hie, doe't er op it sân in moannekleurige ring ferwegen seach.’ (LP, s.57)
Yn ien ding bin ik it absolût net mei Jacobus Smink iens en dat is dêr't er yn it achtste haadstik de kâns rinne lit om yn dit folslein maskuline ferhaal in froulik elemint oan te bringen.
De haadreden dêr't de lytse prins syn planeet om ferlit, is syn roas, in blom mei in soad innen en oanen, dêr't er op in stuit net mear oer kin. Eins hat de lytse prins gewoan relaasjeproblemen. Dy kin er fansels ek mei in man ha, mar dizze blom is sa stereotyp froulik, sa it symboal fan froulikens, dat dêr kinne wij net om hinne. Yn it Frânsk is it allegearre fanselssprekkend. De blom is ‘la fleur’, in froulik wurd dus. Prate oer de blom is dan ek altyd prate oer ‘elle’, en dêr is se per definysje frou mei. Mar net allinnich it geslacht fan it wurd makket har ta frou, dat binne foaral har eigenskippen. Fansels binne der idele, ritige en sinnige manlju mar wy ha noait heard fan in moeting tusken de Saint-Exupéry en Simone de Beauvoir, hy wist dus net oars as dizze eigenskippen kinne allinnich mar by in frou hearre.
Hoe soe in man lykas de Saint-Exupéry, dy't graach oer froulik selskip mocht, in kâns sjitte litte om in frou yn syn mearke op te fieren? Fansels giet it te fier en sjoch yn de ritige moaie blom de frou mei wa't de Saint-Exupéry yn 1931 troude, de prachtige, lumige Consuelo Gomez Carrillo, neffens Curtis Cate, de Saint-Exupéry syn biograaf, krekt net sa ferliedlik as Mata Hari, mar grif fergelykber.
It Frysk, it Nederlânsk en it Ingelsk moatte in kar meitsje, dat is net oars. Foar it Dútsk is der gjin probleem, die Blume ist weiblich. De Ingelske en de Nederlânske oersetters ha dúdlik keazen foar de blom as frou. Yn stee fan ‘it’ brûkt it Ingelsk konsekwint ‘she’ en foar de Nederlânske oersetter is de blom in frou dy't de prins yn 't earstoan sûnder muoite om har finger wynt... Hy mei ommers net sjen dat har bledsjes wat knûkelich binne en ûnderdienich tôget hy hinne en wer mei wynskermen en stolpen. Ien foarbyld:
‘Hy socht mei soarch syn kleuren út. Hy klaaide him stadich oan en makke ien foar ien syn blombledsjes yn oarder. Hy woe net sa knûkelich te foarskyn komme as de klaproazen. Hy woe allinne mar foar 't ljocht komme yn de hiele skittering fan syn pracht. Ja, ja, hy wie tige pronksk.’ (LP, 29) Yn it Frânsk stiet it der sa: ‘Elle choisissait avec soin ses couleurs. Elle s'habillait lentement, elle ajustait un à un ses pétales. Elle ne voulait pas sortir toute fripée comme les coquelicots. Elle ne voulait apparaitre que dans le plein rayonnement de sa beauté. Eh. Oui. Elle