Bloed
Hylkje Goïnga
Yn it neijier moat der snoeid wurde. En alle âlde hout moat opromme. It sit yn de beammen. As je der gjin each foar ha, sjogge je it net. Mar op de ien of oare wize kinne soms samar jo de skilen fan de eagen falle. Sok moai waar: de skiep rinne yn it lân, de kij in eintsje fierder en de einen sitte te sintsjen yn myn tún, te lui om foar myn múslislof fan fjouwer wiken âld in poat te fersetten. Alles libbet en hat der nocht oan op dizze moaie hjerstdei, allinnich myn readebeiebeamkes steane der sleau en dea by. Se binne ek al hast hûndert jier âld, of miskien wol tûzen. Wy witte dat net.
Ik doch myn reade rubberlearzens oan en pak de seage. En myn oranje túnwanten. En de snoeiskjirke en dêr begjin ik mei. Mar in protte tûken lûk ik de sa út, sa dea is dat spul. Ik freegje my ôf hoelang dat al yn myn tún stiet. Jierren, tink ik, want ik sjoch der noait nei om. Ik rin of fyts der oan foarby. Sels de beien sjoch ik net. Dy binne foar de fûgels, want ik bin in echte dierfreondin.
Ik lûk en skuor en gean nei de buorfrou om har griene kontener. Myn eigen sit fol mei gulden roedes, want ik ha al earder yn 'e tún oan 'e gong west. Ik nim tagelyk wat stikels mei, prachtige eksimplaren, grut as margriten, mei in lang ûnderierdsk netwurk fan woartels. Ik rint troch de heale tún hinne, mar ik ek kom no ek by beammen sûnder blêden en ik wist net iens dat ik dy ek hie. As ik der oan skodzje, kreakje se even en falle mei in plop nêst my del. Wat in ynteressante tún haw ik doch. Dat sjogge jo der sa net fan ôf. Ik pak de seage en in krukje, set de knibbel op de stam en seagje de beide beammen oan moaten.
Ik hâld even skoft om healwei fiven en sit mei in kop rooibosthee op de bank om my hinne te sjen. Ik sjoch net iens dat it opromme is en ik bin al trije en heal oere oan 't wurk. De kontener is fol en swier om te triuwen en dan tink ik: dy readebeiebeamkes kinne der ek wol út. De tûken ha de meast frjemdsoartichste foarmen. Se rinne yn bochten en binne krom. Alles wat âld is, wurdt fansels krom en bochtich, dat is bekend. Ik hoech my nergens oer te fernuverjen.
Ik helje noch in kontener by in oare buorman. Want it sil no heve. De sinne sakket as in spear, mar hy moat oan twa minuten foar sânen wachtsje om yn de hoarizon te ferdwinen. Tiid genôch. Dy strûken geane der út. Ik knip en knip en nei in skoft binne alle lytse tûkjes fuort en ik krij de seage. It sil by de grûn om't ôf en ik tink sa by mysels, dat der dan