| |
| |
| |
Sil Fryslân Fryslân bliuwe?
Tr. Riemersma
Stoarmen bylje en 't onwaar driuwt
Sonder folle drokte en opskuor wie yn 1988 betocht dat it Friezene folk twatûzen jier bestien hie. Yn 12 f. Kr. wie it foar it earst neamd troch Tacitus, de Romeinske skiedskriuwer. Romroft wie de namme, ferneamd ûnder de folken wienen de Friezen. Har munten waarden oan de Oeral ta fûn, djip it Russyske lân yn, mei de Angelen en Saksen hienen se it lân fan 'e Britten ynnommen, út it Westerlauwerske wei hienen se de eastlike kusten fan 'e Mare Frisicum kolonisearre. Oan 'e Wezer en de Skelde ta rikte har macht.
Mar dat wie doe. Yn 1345 hienen de Friezen har de Hollanners en Henegouwers noch fan 'e hûd hâlde kinnen, mar yn 1498 rekke Fryslân syn frijheid foargoed kwyt. Twa fijannen hienen de Friezen fanâlds hân, it hêf en de Saks. De see hienen se betwinge kinnen, mei in goudene hoep dy't om hele Fryslân hinne lei, mar de hege hellem en it reade skyld, dêr hienen se by einsluten belies foar jaan moatten. Earst kamen de poepen, dêrnei de wynhappers. En al sa njonkelytsen waard de macht fan Fryslân brutsen, syn kroan weinommen, syn namme útwiske. Opsletten yn syn goudene hoep, dy't as skyld en beskerming oanlein wie, mar wat langer wat mear waard syn grutstke seeboarch in finzenis. Fertutearze, ferhuneloarte, fan buotten oerspield mei frjemdsin, fan binnen út tefretten troch stedske ontigens. Wie dut Fryslân langer? Koe men it noch mei dy namme beneame?
Noch wie Fryslân net ferlern, noch wie der moed en krêft om de takomst te bemasterjen, om út 'e hoep te brekken en de wrâld oer te wêgjen, lykas alearen. Noch libbe de oantins oan 'e romrofte jierren, doe't se de Romeinen ferjage hienen en de opdreaune klibers út it easten buotten de grinzen kearden. Alles fage it folkeferfarren wei, mar de Friezen bleauwen op har stee. Noch wie der hûgenis fan it terpjen en it dykjen, fan 'e kriich tsjin 'e Wylde Wytsing en de hege hellem. Want wat is tûzen - wat is twatûzen jier foar immen wa't it Frieske bloed troch de ieren dreaun wurdt? Net streamt, net brûst, mar dreaun wurdt, as woe it Albewâld krêfthâns de Fries ta libjen oanpoene. In Fries droech de skiednis yn moarch en bonken, in Fries libben alle eardere stagen yn. In Fries hoegde mar om te sjen en tebek te rikken, en it hele rike ferline stie him êgenklear en deiljocht foar it oantlit. In Fries, in echten - net de slampampers en lamstralen dy't it onfertsjinne lok beskern is om tusken Lauwers en Tsjonger it ljocht fan 'e sinne foar it earst te bekypjen, de profiteurs dy't har Fries neame, mar it net binne, de glêdbekken dy't Friesk prate, mar dy't onweardich binne it Friesk yn 'e muolle te nimmen. Mar in Fries, in echten, dy't troch God mei doel en sin yn dusse wrâld steld is op dut stee en plak, yn him libbet hele Fryslân en it sil net ferlern gean, salang't hy siken hat en azemet.
Hoe grut lykwols wie langer de kloft fan Friezen dy't stean woenen foar de saak dêr't se foar yn 'e wrâld steld wienen? Wa noch doarst de Frieske kop opstekke en syn gong gean dwars troch de waanwize goarren en de moadrige opstigingen fan de dei hinne?
It kaam net goed mei Fryslân. Mear as hûndert jier lyn hie omke Marten dichte fan:
| |
| |
‘Wol God oer 't âlde Fryslân weitsje as stoarmen bylje en 't onwaar drjoot, as heech de wêgen geane dy't wyld nei d' iggen fleane, en 't wetter oer de diken stoot... Jou woltier oan dut lân...’ Mar de Friezen beaen net mear, fan eigen aard en sede wienen se ferfrjemde, mar ek fan God. Koe it noch lang oanhâlde? Soe de nije ieu dy't op kommende wei wie it boek fan 'e Friezen slute?
| |
Hite hollen, swak moed
No ron de ieu nei de ein, oere nei stûne. As wie it in minske op jierren, sa liken syn dagen al rêder te fergliden. It waard 1998, it waard 1999. Lykas men de blêden fan in bûk omteart, achteleas, sa gyngen de jierren.
Doe wienen der Friezen, net de stumperichsten mar likemin de fûleindichsten, dy sloech de skrik om it hert: sa de ieu út en sa de ieu yn, sonder in program fan winsken, in strategy, in plan? Se beleinen in sympoasium yn Fryslâns haadstêd om, sa't se seinen, ‘in blaudruk foar de 21e ieu te ontwerpen’. Oars, hienen se soarch, koe it barre dat se nei it útskroevene fjoerwurk dêr't dusse ieuwiksel grif mei mank gean soe, op de earste jannewarisdei fan it jier 2000 fan it hele Fryslân gjin spoen werom fine koenen. Gewoan weiwurden yn 'e nacht, fuortsleept troch nijjierstôgers of mooglik opstookt yn ien fan 'e fjurren dy't rûnom lôge hienen.
Ut ûnderskate fermiddens wienen ynlieders frege om út har kennisfjild wei har sechje te sezen en dêrnei yn in foarum plak te nimmen en fragen út 'e seal te beänderjen. Op dy menier waarden allerhanne maatskiplike, ûnderwiiskundige, ekonomyske ensafuorthinne problemen oanpakt, en men hearde der nea fan dat soks ferkeard wie of oars moast. Fan fertuten hearde men likemin, mar men mocht fan soksoarte sympoasia fansels ek net mèàr ferwachtsje as dat der in tinkproses op gong brocht waard. De reële útstellen moasten letter yn ûnderskate kommisjes útwurke wurde.
En fan hein en fier kamen de Friezen dy't it tinken wie mei Fryslân dy sneons nei Under de Luifel dêr't it sympoasium plak hie. Men koe se der fan fierren al út, mânlju mei in kleurleaze reinjas oer de earem en in wite pet op 'e holle, froulju mei flotte rokken en bloeskes, wite sokjes en in boadskiptas, inselde soarte fan reinjas as de mânlju loswei oer de skouders. Itselde type minsken dot ek nei de PC te Frjentsjer, it fierljeppen te Winsum en it iepenloftspul te Jorwert reizge. Frieske bewegers - ek al tsjutten se harsels almeast net mear sa oan.
As earste en as earesprekker wie in rimmetikige perfester mjirkes útnoege dy't stiif en stram yn 'e Frieske striid wurden wie. Hy ron nei de njoggentich, mar wie geastlik noch goed bij sûpe en stút. Mei in buske foar karkeferfier wie er ophelle en mei karre en al hienen fjouwer jongebazen him it poadium optôge. De âld man hyste him mei help fan twa stokken oerein, krukte nei de kateder en liet him dêr mei de bopperein oerhinne fâle. Under de swiere wynbrauwen wei kaam syn lûd, noch like djip as foarhinne en mei tsjûke b's en w's, allinnich wat onfêster en trilderiger. Syn rede gyng sa:
Sille wy it erflik duldzje dat de piid en de siid fan Fryslân troch de Hollânske wjirrem en wrotmûs fermôgele enfermjukse wurdt? Sille wy stil en stom stean as ús jongfeinten yn frjemde hearetsjinst opkommendearre en ús jongfammen ta huorretsjinst twongen wurde?
| |
| |
Sille wy swije as de krêft en de trêft fan 'e Frieske grûn yn 'e fergúljemûne fan 'e Rânestéd ta tsjêf en sjudden fermeald wurdt? Sille wy it net te boek stelle, noch it neame, sels net tsjin eigen siele sprekke, dat Fryslân op 'e knibbels twongen, yn 'e wêze trape en op 'e rûchskerne smiten is? Sille wy swije en it net útsprekke foar it foarumfan 'e wrâld, dat in lyts mar krigel folk dat langer as al syn Germaanske stambruorren op syn eigen honk oan it hêf wenne hat, dat in lyts mar krigelfolk ta slavernij brocht, ûnder it twangjok twongen en fan synfrijdom berôve is? Sille wy it net útroppe en it mei lûd gekjirrem kenber meitsje, dat ús benearders ús nei it libben stanne en oer ús ellinde jûchhei roppe?
Kinne wy it goedkrije en foar ús âffaars ferantwurdzje, dat wy ús it earstberterjocht ontfytmanje litte? Sille wy eigen baas bliuwe, of wolle wyfrjemde hearen tsjinje? Moatte wy ús altiten ynkommendearje litte fan 'e útman? Sil frjemd eigen út it stee kringe en sil defrjemdling de fruchten ite dy't de lânsman boud hat? Is it dan safier kommen dat de rôk neier is as it himd? Hawwe ús skierâlde foarâlden dêrfoar goed en bloed offere yn 'e kriich tsjin de Frânske wyn, de Poepske opdreaunens en de wetichheidfan it Wynhappersnaasje? Is de nammefan Fries noch in earenamme, of is dy ta in spotnamme wurden? Kinne wy langer foar de kreammen lâns of soenen wy mar leaver fan skamte ús oantlit ferskûlje? Hat Gysbert Japicx dêrfoar syn machtige dichting skreaun, hat Harmen Sytstra ús dêrfoar syn takomstfisioenen neilitten? Binne wy de neisietenfan 'e Halbertsma's en Posthumussen, of binne wy infolkjefan broekskiters en bêdmigers? Leauwe wy noch, of ha wy de holle yn 'e skurte lein? Stanne wy noch op it striidfjild, of klûmerje wy om 'e poatkachel? Pisje wy noch defoegen út 'e muorre of litte wy ús it wetter wanmoedich yn 'e klompen siperje? Datfreegje ik jimme, mannen fan Fryslân, en ik soe it netfreegje, as ik net de ynderlike wissichheid en oertsjûging hie dat it foech jout en hillige plicht is om soks op dut stee en op dusse stûne tefreegjen. En ik freegje fierder: Kinne wy it foarslachte ûnder de êgen komme, om net tefreegjen: kinne wy it yn 'e êgen sjen? Ha wy noed stienfan it erfskip ús neilitten? Ha wy goede rintmasters west?
Hawwe wy us djoer lân warre fan túch en plus, ha wy defrjemdsin buotten ús grinzen keard en út ús herten band? Of binne wy wynsk en waansk wurden fan de Frânske wyn en it Poepske poehei? Ha wy ús toaid mei de linten en deflintenfan 'e lichtsin, dêr't Frieske tigens en trêft ús sier en styl wêze soe? Binne wy soannenfan ús heiten of binne wy memmepopkes? Drinke wy mie op it slachfjildfan ear, of slabberje wy tate út de memmetit? Tsjogge wy de wapenrok oan of betrôlje wy ússels yn 'e ruften? Mannen fan Fryslân, binne wy langer mannen, of moat men ús nei geast en siel as kwenen oantsjutte? Moat ik it jimme nochferhelje, hoe't ús foarâlden te wurk gyngen mei de lânferrieder? Hoe't ja him hongen oan 'e noardhâldende beam - de galge - oan 'e igge fan it Noarderhêf? Moat ikfoar jimme ophelje fan it njoggenspêkige tsjel? Wee ús, wee ús, as de foarâlden út 'e grêven brekke en ús op 'e mienskar ta it rjocht daagje. Ha wy de bêkens baarnd doe't de útman ús lân oerstreamde en ús lytsman makke? Ha wy de klokken let doe't Poep en Saks en Hampelmon ús sede fertrapen, ús taal yn 'e fodkoer wijden en ússels út ús huzen en fan ús hiemen rêgen? Ha wy ien sprek sprutsen of ien earem te weech slein? Mar nee, wy ha bûgd en bokt as ûnderhearrigen en slaven. Wy - wolle wy nochfrije Friezen wêze, of leaver wetterskeppers en houtsjekappers fan frjemde hearskippen? Earen knibbelen de Friezen foar God allinnich, mar it is safier kommen, wy krûpe yn it stof foar elke Hollânske
| |
| |
kakmadam en skytkearel!
Dat wie, ornearre de foarsitter, in gaadlik stuit om der in punt efter te setten, want de âld man wist sa't it like fan gjin ophâlden. Hy begon lûd te hantsjeklappen en krige hjir en dêr út 'e seal wei wat help. De âld perfester lykwols woe yn alle gefallen noch it fers resitearje dat er by him stutsen hie. Hy klaude alle buossen nei, mar koe it boekje net fine, en doe't it by einsluten doch foar 't ljocht kaam, blêde er om 'e nocht. It wie it ferkearde boekje. De foarsitter knikte noch mar ris minlik fan ‘moai sein, âldehear en no opdonderje’, doe't ynienen de lofterearem fan 'e âld perfester yn 'e rjochting fan 'e foarsitter skaaide en hy mei in lêste opstiging fan krêft boldere fan ‘Do neamst dysels in Fries, ferdomde skieppebroer!’ Doe lei de seal plat fan 't gnizen, want de foarsitter stie bekend as in man fan tuiketuike en benammen net oerdriuwe.
Dut hie allinnich ta doel hân om de stimming der wat yn te krijen en de sentiminten los te weakjen, sei de foarsitter, nei't er de âld perfester wer nei it karke loadst hie, dêr't er fierder de hele middei sitten bleau. Mar no kamen dan de saakkundigen oan it wurd.
De earste wie in deputearre dy't ûnder mear ekonomyske saken yn syn portefúlje hie. Syn safolste pretinsjeus en prestiizjeus plan, duskear in grut yndustrypark yn 'e Legeaën, deun tsjin 'e Snitsermar oan dêr't doch allinnich mar ymproduktyf en sompich lân lei, wie krekt torpedearre troch de fûgeltsjetelders en nêstbeskermers, de Frieske Gea-idioaten en de lânskipfolkloristen. De politike draachkrêft hie der wol west, by Provinsje en by de oanbelangjende gemeenten, mar dut âldwrâldske naasje dat elke terp, elk âld sleatsje, elke stjonkende sompe, elke froask en elke gersraai bewarje woe foar de neiteam, hie wer ris mei súkses de sentiminten fan doarpsbelangen en kiesferieningen bespile, mei as risseltaat: doch mar gjin yndustrypark - ‘it draachflak wie te behindich’, seinen de wethâlders, dy't earst gleon foar west hienen, mar no om it eigen hachje begonnen te tinken. It sei himsels dan ek dat dusse deputearre, dy't út syn safolste mistaast mar net de konklúzje lûke woe dat er better opstappe koe, fan 'e gelegenheid gebrûk makke om syn galle te spuien.
Hy hold in glêshelder betooch dêr't it benammen yn gyng oer ‘de fûgel oer it net fleane litte’, ‘in anty-yndustriële sfear kweke’, ‘romantysk yn 'e kant stelle’, ‘mei yrreële easken komme’, ‘net by de tiid wêze’, ‘oan it ferline fêstruostke sitte’, ‘net fan jaan en nimmen witte’, ‘de oansluting mei de takomst misse’, ‘jin bespotlik meitsje’, ‘fierste lytsskalich tinke’, ‘mei de holle yn 'e 19e ieu tahâlde wylst de fuotten op 'e drompel fan 'e 21e stanne’, ‘de midden en de beide einen hawwe wolle’, ‘foar de winige doar komme’, ‘achter itselde net fiskje dêr't men earst dy fûgel oerhinne fleane litten hat’. Hy krige gâns applaus fan 'e amtner dy't de tekst skreaun hie.
De twadde ynlieder wie ien fan 'e trije haadredakteuren fan 'e Ljouwerter Krante. Yn syn jonge jierren hie er in fersebondeltsje skreaun en om dy reden waard er fertocht fan friesksinnichheid. Dêr woe er him by gelegenheid dan ek noch wol op foarstean litte, dat sadwaande waard fan him ferwachte dat er yn syn deistich wurk wat foar it Friesk dwaan soe. Mar friesksinnichheid en krante wienen fansels twa, dat moast men wol goed foar 't snotsje hawwe. As de lju it sels woenen, bêst, neat gjin probleem. Berte-advertinsjes en stjeradvertinsjes koenen bêst yn it Friesk, as de lju dy winsk kenber makken. Ek trou- | |
| |
advertinsjes, tolfenheal jier troud, fiifentwintich jier, fyftich jier, sels fiifensantich jier draaiden se de hân net foar om. Ek in aardichheidsje, in foto fan in man en in skiep mei twa koppen dêr koe bêst in Frieske tekst by. Of in bakker dy't der nei fjirtich jier mei ophold. En fierder fansels stikken oer Frieske literatuer en kultuer, dy't foar oare as Frieske lêzers doch net wichtich wienen, dy koenen bêst yn it Friesk. En dan koe men by einsluten by ferslaggen en ynterviews sa te wurk gean, wa't Friesk prate, koe yn it Friesk oanhelle wurre, mits men syn of har wurden dan ek nochris gearfette yn it Hollânsk. Mar dêr lei de grins. Men koe ommers ‘gjin izder mei hannen brekke’, ‘net fierder springe as de pols lang wie’, ‘gjin fûst meitsje as men temin fingers hie’, ‘net út in heech gat blieze as men yn 'e nederklits siet’, ‘de net-Friezen it Friesk net troch de strôt triuwe’, ‘net fan 'e flier op 'e solder stappe’, ‘net rispje dêr't men net siedde hie’, ‘jins eigen glêzen net yngoaie’. En dêrmei hie er it sein.
De foarsitter woe betankje, mar ear't er ta de wurden kaam, hearde men út it ynvalidekarke: ‘Neamsto dysels in Fries? - Ast' ea 't wer út'rje doarste, dat dan de grûn dy frette en do yn d'ierde smoarste!’ Se waren allegearre sa kjel dat it hantsjeklappen der by ynskeat en de haadredakteur ferstuivere nei syn stoel knoffele.
De tredde sprekker wie lid fan 'e Twadde Keamer foar de PvdA. Dat lêste wie lykwols abslút net te merkbiten. Hy spriek oer de mooglikheden of better sein de onmooglikheden foar Frieske politisy om foar Fryslân wat te bestribjen yn De Haach. It wie in misferstân om te mienen dat de stik seis, sân Friezen yn 'e Keamer fan alles foarinoar krije koenen. It wie noch grutter misferstân om te mienen dat dy Friezen dat as har foarnaamste taak sjen moasten. Nee, sa net. De Friezen sieten dêr net as Fries, of net yn 't foarste plak, mar as folksfertsjintwurdigers, út soarte foar de eigen partij, mar lykwols. It soe bygelyks in moaie boel wurde as de Friezen har allinnich dwaande hâlde soenen mei Frieske saken en har net bemuoie soenen mei oare, lykas dêr wienen it frjemdlingebelied, de kriminaliteit, it miljeu. Dat soe net goed komme, mar it soe, mei it êch op 'e Frieske belangen, ek helendal ferkeard útwurkje.
Dat woe fansels ek wer net seze dat se neat dwaan koenen as it om Frieske saken gyng, mar sy koenen der net mear as it wenstige omtinken oan jaan, ommers, oars soe al gau sein wurde: o dêr hat men dy seis Friezen wer mei har erflik gesjanter. Men moast der as keamerlid tige om tinke dat men net ‘yn it isolemint rekke’, ‘stôkhynderkes beried of dêr fan fertocht waard’, ‘stigmatisearre waard’, ‘de grutte politike linen út it êch ferlear’, ‘oankommen sjoen waard’, ‘noch foar't men de muolle opdien hie al feroardiele wie’, ‘as in Prinzipienreiter beskôge waard’, ‘jin ferfrjemde fan jins partijgenoaten’, ‘de boel yn 'e bulten jage’, ‘in ienmanskrústocht oangyng’, ‘tsjin wynmûnen focht’, ‘jinsels oer de boksen pisse’.
Hij krige aardich wat hannen opinoar, want dur sieten nochal wat soasjalisten yn 'e seal. It wie wol sneu foar de haadredakteur, want dy man wie ek sa lofts as mei skik en fatsoen koe.
De fjirde sprekker wie in sprekster, in konrektrise fan 'e kristlike skoallemienskip út Drachten. Se soe it hawwe oer it Friesk yn it fuortset ûnderwiis en dêrby benammen referearje oan 'e sitewaasje op har eigen skoalle, want dêr wist se út soarte it measte fan ôf. Sont de ferplichtstelling fan it Friesk
| |
| |
as fak yn it fuortset ûnderwiis, no in jier of acht lyn, wie by de Frieske mienskip, benammen by dyjingen dy't pro-friesk wienen, de ferwachting wekker makke dat it fuortset ûnderwiis tenei de karre fan 'e Frieske edukaasje lûke soe. Ja, der wie sels troch beskate begelieders fan it ynfieringsproses twang útoefene op 'e skoallen om mear te dwaan as de wet ferplichte en mooglik makke, nammentlik it hele ûnderrjocht safolle as it koe te ferfrieskjen. Dus Friesk net allinnich as fak, mar ek as fiertaal by oare fakken. Mar dêr koe neffens har uterstee gjin sprake fan wêze. Se woe oerdei graach dúdlik meitsje dat de ferplichte oere Friesk yn it fuortset ûnderwiis net mear wêze koe as in heel skrutene en heel foarsichtige bydrage ta in mentaliteitsferoaring oangeande it Friesk, en dat it net allinnich onferstandich, mar foar de sitewaasje yn en om it fuortset ûnderwiis ek skealik wie, as men dat oangeande oerspande ferwachtingen heinde en fierde.
Har Friesk bearde bytiden as skuorde klokken, dat kaam de dosint Friesk op dy skoalle dy't noch in opwurdearre treddegraads-akte út in skier ferline besiet, hie har yn it Hollânsk opstelde tekst streekrjocht en wurd foar wurd oerset. Ta de saak.
De sitewaasje op har skoalle wie oer 't generaal sa: fiif persint fan 'e learlingen hie op 'e basisskoalle Frieske les hân, fiifenfjirtich persint wie Friesktalich, mar hie nea les hân, en fyftich persint wie Nederlânsktalich en koe it Friesk mei mear of minder muoite, en somtiden helendal net, ferstean. Men koe fan tinken wol hawwe dat by sa'n begjinsitewaasje en sjoen de beheinde tiid, ienkear fiifenfjirtich minuten yn 'e wike, der gjin sprake fan wêze koe dat men al dy ferskillende learlingen de fjouwer feardichheden praten, harkjen, skriuwen en lêzen leare koe. Men moast, wat dy fyftich persint Nederlânsktaligen oanbelange, bliid wêze as se nei in jier of fjouwer it Friesk op in ienfâldich basisnivo reseptyf yn 'e macht hienen, te sezen dat se in net te spesjalistysk petear folgje koenen en in net te drege tekst lêze koenen.
Folle wichtiger as it oaneigenjen fan taalfeardichheden, fûn sy it oanbringen fan, c.q. it ombûgen ta in positive taalhâlding foar it Friesk oer. En dat wie - al hoe frjemd dat faaks ek heare mocht - mei it êch op 'e friesktaligen soms noch in grutter heikerwei as wat de net-friesktaligen oangyng. By de earsten wie de wjersin yn it Friesk as skoallefak grutter as by de lêsten. Allinnich by de fiif persint dy't Friesk op 'e basisskoalle hân hienen, wie oer 't generaal in positive grûnhâlding tsjinoer it Friesk konstatearber.
Se fette gear: it fuortset ûnderwiis koe wat it fak Friesk oanbelange ‘net mear as skrutene rânebetingsten foar it aktyf brûken fan it Friesk yn it maatskiplike ferkear mei helpe te ûntwikkeljen’, ‘net hurder foarút fleane as de maatskiplike ûntjouwingen it talieten’, ‘uterstee gjin spearpunt wêze’, ‘it aktuele taalgebrûk yn it maatskiplike ferkear net direkt beynfloedzje’, ‘net rjochtbûge wat yn 'e maatskippij krûmwoeksen wie’, ‘de stekken net opnimme dy't oaren fâle lieten’, ‘gjin middel foar alle kwalen wêze’.
De fyfte sprekker wie in ynfalder, hy naam waar foar syn sjef dy't mei akút keelskeel yn it MCL-Súd opnommen wie. Dy sjef wie de topamtner kulturele saken op it Provinsjehûs. It skilde de harkers in libbene foardracht en inkelde selsbetochte bon-mots, de tekst wie deselde, skreaun troch in noch wer legere amtner dy't it meast saakkundich wie, mar omreden fan oplieding, âldens en ansjenniteit leech yn 'e hiërargy stie. Dy amtner hie
| |
| |
opdracht krigen om in stik te skriuwen oer it keunstbelied mei dêryn en passant it taalbelied ferfrissele. Hy hie de tekst sa skreaun, dat er ferwachtsje mocht dat syn baas en boppebaas der sa min mooglik yn hoegden te krassen.
Wol dan, de tuskenbeidene amtner stelde dat der as sadanich gjin Frieske keunst bestie, dat men op syn bêst prate koe fan keunst yn Fryslân. Ommers, as men no de skilderkeunst as foarbyld naam, der bestienen gjin Frieske kleuren, dy wienen ynternasjonaal. Lyksa de techniken en stilen, dêr wie neat typysk-Friesks by. Men soe op 'en heechsten ferwachtsje kinne, dat de ûnderwerpen in relaasje ta Fryslân sjen lieten. Dat jilde mutatis mutandis foar byldhouwers, arsjitekten, komponisten, dramaturgen ensfh. It matriaal dêr't mei arbeide waard, wie net typysk-Friesk, mar mondiaal. De bining fan 'e keunstner oan Fryslân wie gauris it iennige hânfet dat de Provinsje hie as útgongspunt by syn keunstbelied. Yn wêzen wie it mei de literatuer wakker ientutmêm, want literatuer wie prinsipieel ek mondiaal en net a priori bûn oan in steat of mienskip. It eigenaardige die him lykwols foar, dat men yn 'e literêre wurken doch gauris in preokkupaasje mei it Frieske territoarium obsterwearje koe. Nei alle gedachten hold dat ferbân mei it feit dat de literatuer as matriaal de taal hantearre, wylst dy taal no krekt it wichtichste of fierhinne iennichste wie dat de Frieske mienskip fan oaren underskate. Doch koe men der ongelyk oer tinke oft dy spesjale bining in pree of in handicap betsjutte. Goed, en no de praktyk.
Wat koe en moast de Provinsje oan aktive begelieding en stipe op 'e noed nimme en yn syn belied ta útdrukking bringe? Ut it aard fan 'e prinsipiële mondialiteit fan 'e keunst folge dat der gjin sprake wêze koe fan it klemen fan beskate uteringen as typysk-Friesk en fangefolgen fan it aktyf stipelearjen fan dy uteringen. Foarsafier't sokke manifestaasjes har foardienen, wie it saak in weromhâldend belied te fieren, ommers, soksoarte keunstuteringen wienen nei alle gedachten teffens uteringen fan konservatisme en provinsjalisme.
Foar de literatuer koe dat oangeande, omreden fan 'e earder neamde spesifike omstannichheden in wat minder stringint en rûmer belied fierd wurre. Wat no it taalbelied-sec oanbelange, de Provinsje koe yn dussen neat twingend foarskriuwe, mar allinnich stimulearjend te wurk gean en de wetlike mooglikheden skeppe - foarsafier't de Provinsje dêr oer te kedizen hie - om it Friesk taalgebruk te befoarderjen.
Konkludearjend en gearfetsjend: it keunsten taalbelied fan 'e Provinsje wie der op rjochte ‘mooglikheden te skeppen foar keunstners om aktyf yn it kulturele libben yn Fryslân te partisipearjen’, ‘oankommende keunstners middels opdrachten in besteansminimum te garandearjen’, ‘oanfoljende finansjele middels ta beskikking te stellen fan keunstsinnige manifestaasjes’, en wat spesjaal it taalbelied oangyng ‘rânebetingsten te skeppen yn it wetlik tastiene kader foar in yntinsiver brûken fan it Friesk yn in funksjonele kontekst’, ‘middels it stipulearjen fan 'e produksje en resepsje fan literatuer it taalgebrûk kwantitatyf en kwalitatyf posityf te beynfloedzjen’, ‘troch it subsidiearjen fan ynstellingen as AFUK en Frieske Akadeemje yndirekt by te dragen ta taalsoarch en taalnoed’, ‘itselde te bewurkmasterjen middels subsydzjes oan literêre en algemien-kulturele tydskriften’ en by einsluten ‘troch it aktyf brûken fan it Friesk yn direktiven, beliedsstikken, beskikkingen ensfh. fan provinsjewegen in foarbyldfunksje waar te nimmen’.
| |
| |
De amtner hie him yndied eksakt hâlden oan 'e opfettingen fan syn baas en boppebaas en neat skreaun dêr't dalje op komme koe. It mêgere aplaus wie dan ek wolfertsjinne.
Dû wie it skoft. De lju riisden oerein fan 'e stuollen om in kop kofje te heljen. Dur waard drok redendield oer de fiif ynliedingen. Botte optein wienen de reaksjes net. Der wie neat sein dat se net al wittefaak heard hienen, spesjalistepraat mei in heap siferkes en feitsjes, lyts gegriem dat mei grut bombaarje brocht waar. Mar dêr't se foar kommen wienen, de takomst fan Friesk Fryslân, dêr wie net in wurd oer sein, dêr hienen dy lju gjin fisy op. Allinnich de âld perfester hie nochris âlderwetsk op 'e tsjettel slein, spitich allinnich dat de tsjettel ek âlderwetsk wie. Mar dy man stie der teminsten foar, foarsafier't de rimmetyk it lije woe.
Dusse fiif sprekkers en sweeslaggers sêgen net fierder as de noas lang wie, de eigen krante, de eigen skoalle, de eigen portefûlje, de eigen opdracht, de eigen partij. Fryslân hienen se gjin êchweid oer. It wienen gjin Friezen, alteast gjin striders, en dus gjin echte Friezen. Sloppelingen dy't har efter de polityk en de advertearders en de ûnderwiiswet en it provinsjaal belied ferskûlen. Gjin kearels dy't foar de Frieske saak stienen. ‘Se woenen wol, mar se koenen net’, ‘se hienen gjin foarstapnimmend, mar in folgjend belied’, ‘as se hurder foarút gyngen as de maatskippij it taliet, ferlearen se it kontakt mei de reäliteit’, ‘as earst it underwiis/de tsjerke/de legere oerheden/de maatskiplike organisaasjes/de media mear oan it Friesk dienen, dan koenen sy ek mear dwaan’, ‘de efterban moast it wolle’, ‘mei fatsoen en ferdrach berikte men op 'e lange doer it measte’. En sa fierder. Ferlechjes allegearre, se wienen ta lammenadich en te klapkloatich om in poat foar it Friesk út te stekken.
Doe't nei it skoft de ynlieders wer efter de tafel skikten om de fragen te beäntwurdzjen, swijde de seal. De bewegers sieten fol argewaasje op 'e stuollen, de oantlitten strak, de muollen stiif ta, as rigen tsjerkefolk dat krekt fan dûmny heard hat dat er homoseksueel is. Se lieten dúdlik merke dat se it heil net fan dusse prekers foar eigen parochy ferwachten. Mar se bleauwen sitten yn 'e ferwachting aanst op grûn fan 'e fragebeäntwurding foargoed mei dy pommeranten ôfweve te kinnen. Faaks kaam der doch noch in fraach dy't de hearen en dame twong om kleur te bekennen.
Mar de fragen, die bliken, hienen net folle fel om 't gat. It wienen de snoadsten net dy't fan 'e stoel oerein stoattelen en it foarum ûnderstienen. Sa woe ien witte oft de tredde ynlieder, mei syn sezen dat men jin net oer de boksen pisje moast, dan de wei op woe fan perfester dy't útsteld hie om de foegen út 'e muorre te pisjen, en - en dy fraach mocht de ynlieder ek wol trochskowe nei de deputearre - wat dêr de ekonomyske gefolgen fan wêze soenen.
In oarenien begon in wiidweidich petear oer de persintaazjes dy't de konrektrise neamd hie. Neffens him wienen der om Drachten hinne nochal wat basisskoallen dy't Friesk op it roaster hienen en it fernuvere him dat fan dy learlingen dan grif suver gjinien op mefrou har skoalle bedarre. Hy hie koartby yn De Pompeblêden in oersjuch sjoen fan hokker basisskoallen ridlik wat oan it Friesk dienen, it wie mei de stikken oan te toanen. Mefrou antwurde dat sy it ek wol mei de stikken oantoane koe, mar as har wurden hjir iepentlik yn twivel lutsen waarden, dan hie sy net it ferlet om noch fierdere ynfor- | |
| |
maasje te jaan. Dat wie dus in dúdlik, alhoewol net befredigjend antwurd.
Wer ien woe fan 'e haadredakteur witte oft it net riedsum wêze soe om, as bygelyks in dea-advertinsje fan 'e neiste famylje yn it Friesk steld wie, de advertinsjes fan oare sibben en de kunde dêr by oan te passen, dut benammen mei it êch op 'e ferstoarne dy't men net postúm yn 'e taalstriid behelje moast en ferwizend nei de wet gelike behanneling. De haadredakteur eamele earst in set oer de frijheid fan 'e advertearder, mar op in stuit liet er him wat ontfâle, dat as by in wachtwurd de hele seal yn trewyn brocht. Hy sei nammentlik dat it net it doel fan 'e antydiskriminaasjewet wêze koe om elkenien gelyk te behandeljen, dat krekt soe op diskriminaasje útrinne, mar dat men elk nei syn aard behandelje moast. ‘En dus de Friezen oars as de Hollanners!’ waard der roppen.
En dat wie it sein ta in folslein gaoatyske hinne-en-wer-ropperij tusken de seal en it foarum, wêrby't it foarum meskien op it punt fan besteklikens heger skoarde, mar lykwols tsjin de stream fan ferwiten belies jaan moast. Ynearsten gyng it noch om leechlezend praat lykas ‘as wy hjir yn 'e stojiske smoare, sitte jo prinshearlik as boargemaster yn Drinte’, ‘jo binne oer de rêch fan 'e Frieske beweging haadredakteur wurden, mar no litte jo ús stikke’, ‘jo fertsjinje in grou salaris oan 'e Frieske kultuer, mar jo stekke der net in poat foar út’, ‘jo ha de bek fol oer de mienskip, mar minske, wat dogge jo foar de Frieske mienskip’, ‘jo binne mei ús foarkarstimmen yn 'e Twadde Keamer kommen, mar wy hienen ús better beskite kinnen’, mar al sa linkelytsen stoden de skelwurden op it poadium ta: ‘Haachske lakei’, ‘krantekloat’, ‘setbaas fan it grutkaptaal’, ‘eigen-nêst-beskiter’, ‘flapdrol’, ‘Hollânske parasyt’, ‘taalymperialist’, ‘koloniale ûnderdrukker’.
De foarsitter hammere en hammere, mar it wie omdôch, der wie gjin stjoer mear yn 'e kliber te krijen. Doe joech de foarsitter de fiif ynlieders de wink en as skurve hûnen ferdwunen se. It folk protte no ek ta de doarren út en gyng de strjitte op. Nei in oare gelegenheid soenen se, om dêr nei te praten. Mar der wie gjin kroech noch kafee dat safolle minsken bergje koe sa ynienen. Doe waarden se it iens, se soenen oer krekt fjirtjin dagen wer byinoar komme yn 'e kantine fan Skuringa syn redensfabryk te Drylts.
Op it poadium siet de âld perfester noch yn it karke. Nimmen hie der om tocht om him mei te nimmen. De kelners dy't begonnen ôf te rûmjen hearden him tsjin 'e lege seal preuveljen: ‘En dat des neisiets flok, hoe letter slachte 'r komme, hoe djipper, djipper jit, en djipper dy ferdomme!’
|
|