Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 469] [p. 469] Benny Holtrop Borderline Farwol dit lân, dit wetter; hjir dizze klomske grûn in dekbed oer fan dize; dit waar dat nearne lúmje wol efter de hege diken. Farwol dit tek; de himel; iepen wûne dêr't ivich rein troch jaget en hurde wyn mei flarden nearzich tinken; dit keldergat fol modderkluten dat sûget en ombarget mei de neitins oan 'e moard op Bonifatius yn 'e slach by Leaver-Dea-As-Slaaf. Of siet dat oars? Wat let it langer! Farwol. Mar krij earstdeis it einefel om it âljen fan 'e skûtsjeskipperchippendales; it stinnend sûpen fan ús desolate foarfaars yn 'e kâlde snie; it kroanjend skreppen mei de taal; de rabbelskûtewiven; de kloatekearels dy't ‘hela hola’ sjonge en ‘hâld moed’ en dêrnei stom it swijen. Nee, meitsje it net dea dit fisioen fan masterskip, mar nim it mei, lykas de langstme nei de skeppe yn 'e ierde fan dyn folk. Rien ne va plus. Wiswier, in stom klisjee, dy fjouwer wurden fier fan hûs. Mar earstdeis oer de grins fan dizze ieu, steane se foar wat oars: in borderlinekompleks, de Fryslân blues! Vorige Volgende