| |
| |
| |
Sa Seach Ik Fryslân - Sa sjoch ik Fryslân
Fryslân en it Frysk yn it tredde milennium
Eric Hoekstra
1
Telle, telle: men kin elk momint begjinne te tellen en tel mar raak, tel mar troch. At Jezus tsien jier letter berne wie, dan hiene we it noch net hân oer it milenniumprobleem. En dochs, begjinne te tellen jout identiteit. Ik wyt noch goed, ik siet by mem op it oanrjocht en telde, wylst se jirpelskylde. Ik telde myn fingers, myn teannen, myn fuotten en myn hannen. ‘Hy kin telle as in alk’, fertelde ús mem oan ús heit. Dy wie tige grutsk op my, want hy wie skoalmaster. Folle letter fûn ik op solder in nijsgjirrich boek mei as titel Sa seach ik Fryslân. Wat is dat, Fryslân? Yn in Middel-Ingelsk gedicht wurdt skreaun:
Want ik kom út it hillich lân, Ut Ierlân. Dat refrein wurdt hieltyd werhelle. Meitsje dêr Fryslân fan.
Want ik kom út it hillich lân, út Fryslân. Flústerje dat ris stil foar je út. Gean foar de spegel stean en sis: want ik kom út it hillich lân, út Fryslân. Hoe fielt dat? Jout dat in fielen fan grutskens? Of fan skamte? Is it spannend? Of bespotlik? It hinget allegearre gear mei je identiteit. Te bewizen is der neat. It is in kwestje fan leauwe wolle yn wat je fantasy oait makke hat, en oft je dat realisearje wolle mei trou, mei wil en mei langst om wat yn je sit bûten je te sjen. Mei oare wurden: Fryslân is in ideaal. It ‘beloofde land’, foar wa't der yn leaut. Foar wa't der net yn leaut, net. ‘Sa seach ik Fryslân.’ Nostalgy? Earmoed?
Ik rûn oer it Saailân, ûnderweis nei de studio fan Omrop Fryslân foar in ynterview foar de AVRO (!) oer myn boekje Dat zijn nou typisch Friezen. Rint der sa mar in jonge tsjin my op, ek al besocht ik him te ûntwiken. Hy jout my in set en raast: ‘Kom op, jo, ik wil met je vechten.’ Feralterearre doch ik in útfal nei him mei myn paraplu. Hy skrillet tebek en nimt de karatehâlding oan. Ik betink: ‘At ik him it sikehûs yn skop, wurd ik troch de rjochtbank feroardiele. At hy my it sikehûs yn skopt, lis ik yn it sikehûs.’ Ik kin hjir dus allinne mar minder fan wurde. Ik rop him ta: ‘Man, ik wil helemaal net met je vechten’, en ik set sok. ‘Schijthuis! Met je paraplu, hé! Schijthuis!’ Omstanners dogge neat. Dy tinke ek: ‘At ik him it sikehûs yn skop, wurd ik troch de rjochtbank feroardiele. At hy my it sikehûs yn skopt, lis ik yn it sikehûs.’ Ik moat der suver om laitsje, om myn tinzen, om it hiele barren; it is noch goed beteard. Hearlike adrenaline. Letter tink ik ek noch: ‘MT hie noch libbe at er him de mule holden hie.’
Sa seach ik Ljouwert. Sa seach ik de wurklikheid.
Sa seach ik it Fryslân sa't it is: in bywein by de Nederlânske steat. In Germaanske fariant op Denen, Dútskers en Ingelsken. In plak dêr't de minsken net better binne as op oare plakken. Mar se ha ien ding foar op minsken út oare plakken: se lykje it meast op 'e minsken dy't ik út myn jeugd kin. It is myn kultuer. It is de kultuer dêr't ik út weikom. Dus hat it wat spesjaals dat gjinien oare kultuer hat, ‘for better or for worse’. Tink ik min oer mysels? Wol ik myn ferline delhelje? Tink ik goed oer mysels, te goed? Wol ik myn ferline ophemelje? It sil myn hâlding foar it ideaal ‘Fryslân’ oer beskiede. En myn definysje
| |
| |
| |
2
Myn beste freon is in Grinslanner, myn frou is in Meksikaanse, ien fan 'e trije nammen fan myn dochter is Frysk, de persoan dy't ik it measte haatsje is in heale Fries, myn broer is al in ‘echte’ Fries, spitich, myn suster dy't it ferpoft om Frysk mei ús te praten ek. Mei Friezen ha je in kulturele eftergrûn gemien, oft je wolle of net. Mar ek mei Noarderlingen, foar de rest fan it lân oer. Ek mei Nederlanners, foar oare nasjonaliteiten oer. Ek mei Germanen (Dútsers, Skandinaviërs, Ingelsken) foar net-Germanen oer, ek mei minsken, foar aliens oer.
Ik ha mei myn frou alle boekjes trochlêzen fan Dat zijn nou typisch... It foel ús op dat alle Germaanske folken opinoar lieken, alle mediterrane folken ek. Binnen dy twa haadgroepen wiene dan wer folle lytsere ferskillen. In ferrassing wie wol it sterk mediterrane aard fan 'e Belgen, mear as dat we yn it foar tocht hiene. Yn 'e Dútser kinst de Nederlanner (de Fries) werkenne. De Dútsker seit ‘bei uns ist alles besser’, de Nederlanner tinkt it mar hy sil it nea streekrjocht sizze. Hy soarget der allinne wol foar dat er nea yn it bûtenlân nei in sikehûs ta moat. Fluch, fluch nei Nederlân ta. Dan kin er op 'e wachtlist. Yn it lân dêr't de sûnenssoarch troch Kok en de minsken dy't op him stimd ha likehurd ôfbrutsen wurdt as dat er opboud waard. Yn it ferline waard ik lilk om sok ûnrjocht. No genietsje ik der fan. Ik laitsje der om. Wat ha ik mei dy heale soallen gemien, dy't har troch saaie grize mûzen as Kok te fiter nimme litte? Myn kredo is sunt lang ‘Stultitiae Laus’ of ‘Lof der Zotheid’.
Och, ha jim dat lêzen yn 'e krante fan it Nuon? Ja, dy't yn Fryslân foar elektrisiteit soarget en Vitesse sponsort. No dy. Dy stjoerde minsken ûnspesifisearre rekkens foar saken dy't se nea brûkt, besteld of krigen hiene, en at de minsken net betellen waarden se fan 'e stroom ôfsnien. (Nee wol ju!) Ja, se betellen dus foar Jan Snot. In frou út Ljouwert: ‘No ik ha mar betelle al wist ik net wêrfoar. Je wolle op it lêst ek je bydrage leverje oan 'e maatskippij. En oars waarden je ôfsnien.’ Skitterjend fyn ik dat! Begrutsjen is hjir net op syn plak. Ik ha ek gjin begrutsjen mei de hûn dy't him skoppe lit. Dy dikke Nuon-hearen sille hiel wat ôfgniisd ha, doe't se de ûnnoazele Ljouwerters jild út 'e bûse kloppen tanksy har monopoaljeposysje. En dy monopoaljeposysje ha se wer te tankjen oan 'e privatisearring (bedankt Wim!).
By ús is alles better. Súdlike lannen, dy binne krupt! Wa't de skiednisboekjes lêzen hat wyt dat der altyd krupsje yn Nederlân west hat. Wêrom soe dat no oars wêze? It muoilike is allinnich en werken de foarmen dy't krupsje oannimt. Dat is de útdaging: de krupsje op in akseptabele manear stal jaan. Troch grize mûzen nei Brussel te stjoeren? Of sille we spannende figueren nei Brussel ta stjoere? Fryslân stjoert al ieuwen lang figueren nei it suden. Der is sels in briefwikseling tusken twa Friezen dy't heech binne yn 'e burokrasy fan 'e Spaanske koaning, yn 'e midsieuwen. At se wolle dat de sensuer in pear sintsjes net lêze kin, skeakelje se fan it Latyn oer nei it Frysk. Dat sille grif moaie mannen west ha. Och, de steat, dat is in smakeloaze krupte binde. Altyd west. En dêrom is it mar goed dat Fryslân noait in steat wurden is. Dat kin dus ús ideaal net wêze.
| |
3
We kinne ek net ûnder ús Germaanske aard út. Dat wolle we net. Wa't ûnder syn aard út krûpt, stiet mei lege hannen, in heinebaltsje
| |
| |
foar amerikanisearring en massakultuer. It is folle tûker om je aard te brûken, te ûntjaan, foarm te jaan op in manear dy't der by past. It Germaanske aard, wat is dat: ûnder oaren in syklike effisjinsjetwang. Ea wie it liiflike agresje. No is it yntellektualisearre: it is geastlike agresje wurden. Effisjinsjetwang, geastlike agresje, en dat binne dan noch de goede eigenskippen! Werom te finen fan Roosendaal oant Stavanger, fan Liverpool oant Berlyn. Nearne wurde je sa agressyf op je mieningen, je tinzen ferge as hjir. Altyd moatte je jesels rjochtfeardigje, útlizze wêrom oft je earne oars oer tinke, en der lilk by sjen, dan wurde je earder leaud. De oerhearskjende emoasje fan 'e Germanen, lilkens. En dan de sloppe famyljebannen! Dy wurde kompensearre troch ‘mienskipsfielen’, troch kontakt mei de buorlju, troch de krante, troch partijfielen, belutsenheid by in party, Fryslân, froulju, arbeiders, bygelyks.
‘For better, or for worse’, dêr ha we it noch hieltyd net oer hân, wolle we it hjir net iens oer ha. We wolle yn rûge halen in byld fan 'e feiten jaan.
Ik kin út myn jeugd arbeiders, Friezen en froulju. Wat ha de Friezen foar op froulju en arbeiders? Wêrom fiel ik my, of ik wol of net, mear thús by de Fryske partij as by de oare twa partijen? Simpel. Earste reden. Ik bin gjin frou, gjin arbeider, wol Fries. Twadde reden. De Friezen ha in taal dêr't ik mei opgroeid bin, de oare twa groepen net. Tredde reden: ik hâld fan ymprovisearjen, fan frijheid, ik ha anargistyske trekjes: it Fryske frijheidsideaal sa't dat út 'e skiednis nei foaren komt (útgean fan jesels, subjektyf, anty-burokratysk), dat noasket my wol. It persoanlike. It lytsskalige. It net-unifoarme. Mar och heden, soe ik in alternatyf foar de Hollânske (Dútske, Deenske) fersoargingssteat, kapitalistyske steat, betinke kinne? Lyts begjinne.
| |
4
Myn broer hat foar in ferbouwing offisjeel tastimming frege. Hy moast earst in tekenburo betelje foar djoere sketsen fan in oanbou dy't kompleet stereotype en standert is. Want alles dat ôfwykt, wurdt ôfkard. De diktatuer fan 'e unifoarmiteit, fan 'e burokrasy. Ik ha neat tsjin machthawwers. Ik ha wol wat tsjin smakeloaze machthawwers, tsjin machthawwers dy't myn smaak net binne. Enfin, moannen letter komt der in skriuwen dat hy moat earst in desibelmjitting dwaan oft der net tefolle lûd yn 'e nij te bouwen keamer komt. De nije keamer dy't nêst de âlde komt, op deselde ôfstân fan 'e dyk. Mei myn broer sels wite oft er yn 'e herje fan it ferkear sitte wol? Nee. Mei er sels wite hoe't er bouwe wol? Nee. Mei er beslisse hoe't syn hûs der út sjocht? Nee. Is Nederlân boutechnysk in diktatuer?... Eh... Is ien en ien twa? Boppedat stiet der yn it skriuwen dat it hiele swikje ek noch troch Provinsjale Staten goedkard wurde moat.
Myn broer docht research, giet nei it gemeentehûs, toant mei tabellen fan alderhanne bedriuwen oan dat sels mei gewoan (tin) glês it tal desibellen fan tritich yn 'e hûs net helle wurdt. De hiele moarn kwyt. De hearen deliberearje. Okee, sa is it wol goed. Moai, seit myn broer, dan hear ik fan jim oer trije moanne wol oft de Provinsje it goedkart. No nee, dat hoecht net mear, dat losse se dan yntern wol op. Dus eefkes beleefd-lêstich wêze op it gemeentehûs en dan leit it lân der ynienen hiel oars foar. Mmm, geweld is net altyd sinleas: je kinne je ôfreagearje. Eala frija Fresena. Lyts begjinne dus. Fuort mei de bouregulaasjes, allinnich de feilichheidsfoarskriften meie bliuwe.
| |
| |
| |
5
Friezen, Nederlanners, Germanen, Europeanen, Minsken, Libben. En lit ús de fuotbalsupporters net ferjitte. Der is net allinne in groep dêrst dy mei identifisearrest. Der is ek altyd in groep dêrst dy tsjin ôfsetst. Dat binne faak dyn konkurrinten. Leaust datst tige fan har ferskilst mar feitliks likest in soad op har. Lykas Nederlanners en Dútsers in soad opinoar lykje, en Friezen en Nederlanners noch folle mear. Dus in steat, no nee, alteast gjin steat fan it bewende soart, net de safolste kapitalistyske wolfeartssteat, net it safolleste ferrie fan krante, fan burokrasy, fan moaie wurden fan Fryske Kokken. En ek net in standerttaal lykas it Nederlânsk of Dútsk standerttaal is. Want wat ha je der oan at de jiskamer mei in stikje glês der foar (ja, de televyzje) itselde is as yn Hilversum, mar dan alles yn it Frysk. Is dat winst? Nee, dat is de muoite net wurdich.
Sels no al begjint it Frysk, foarsafier't it begjint te standerdisearjen, dat te dwaan op 'e diktatoriale, unifoarmistyske manear fan alle standerttalen. Dialektfoarmen, hoe moai oft se ek binne, wurde útsletten. Op it Afûk-eksamen hie ik oeral hege sifers foar, behalve foar de útspraak. ‘Ja, ik kin wol hearre dat jo út 'e Sudwesthoeke komme’, sei de eksaminator. En dan lilk wêze at der yn it westen sein wurdt: ‘Ja, ik kan wel horen dat U uit Friesland komt.’ (Ik wol mei werom wurkjende krêft in heech sifer foar útspraak). En at je in bespotlike stavering ha (alle standerttalen ha in bespotlike en taalkundich ûnfundearre stavering), dan krije jo fansels unifoarmearring. Hoe dat sa?
No sjoch. Stel dat de stavering op rasjonele (reedlike, begryplike) prinsipes basearre wie. Dan soene je der oer prate kinne, en de saak mei arguminten oplosse kinne. Mar in ûnreedlike stavering, dêr kinne jo je allinnich mar oan ûnderwerpe. En behearskje jo dy stavering, dan kinne jo sels de tiran uthingje tsjin oaren. Burokraten en slaven ûnderwerpe har oan stavering, de besteande noarm. Eala frija Fresena: op 'e knibbels foar in healwize stavering. Foar in standert, foar it unifoarm fan in unifoarme stavering. Dêrom is de stavering dus yrrasjoneel, dat ferheget har autoriteit. Ofgoaden en tirannen binne noait reedlik, oan har ûnbegryplikens ûntliene se har autoriteit, de earbied fan 'e leauwigen. It binne slaven dy't ferachtsje wat se begripe, dêr komt de earbied foar it yrrasjonele, it diktatoriale, it religieuze wei.
Der is ek noch in oare krêft dy't ferbetteringen fan 'e stavering opkeart. Dat is ymbesyl konservatisme fan minsken lykas W.F. Hermans dy't krekt foar syn dea (wa ferdigenet him tsjin my, dat se net sizze kinne dat ik ien oanfal dy't him net ferweare kin, wa nimt it op foar WFH?), ik sis, WFH dy't krekt foar syn dea in pear oerdommichheden oer stavering de wrâld yn stjoerde. Jawis, just hy, dy't it arrogante ferstân hast hillich sprutsen hie, dêrom mei er ek namstemear oanpakt wurde. Dy sei, dat bygelyks nije staveringen lykas ‘sosjalisties’ (-ies ynstee fan -isch) ‘zo lelijk zijn’. Dat bin ik mei him iens, mar wêrom is dat sa? Omdat wy der oan wend binne. At der in nije (foar ús âlderen lilke) stavering komt, dan sille de bern, dy't nea oars kend ha, dy wol moai fine. Men moat dus gjin estetyske kritearia hantearje by stavering om't dy trochstrings troch it ferline beskaat wurde, feitliks gjin suvere estetyske kritearia binne.
In stavering moat ienfâldich en systematysk wêze. En at je dan dochs in eigen stavering betinke moatte je him ek brûke: dus frjemde wurden omstaverje neffens de transparante regels dy't je betocht ha. Gjin ‘drugs’
| |
| |
mar ‘druks’. Gjin ‘sjenre’ foar ‘genre’. ‘Sjenre’ is in rare miks. De ‘sj’ is neffens de útspraak mar de ‘en’ is neffens it Frâns. In kompleet Fryske skriuwwize soe wêze: ‘sjanre’, en konsekwinter noch ‘sjânre’, en doch dan ek ‘mânlju’, nei analogy fan ‘hân’. Ik soe hûnderten fan ditsoarte fan gefallen jaan kinne, mar dy bewarje ik mar foar De Pompeblêden.
Mar goed, serieuze taalkundigen gnyskje altyd mar wat om 'e stavering fan har memmetaal. Wat moatte se oars as laitsje? Gûle? It libben is al treurich genôch en it is net har skuld dat se de macht net ha om yn in 'e kommisjes te kommen. It binne altyd de burokraten, net de wittenskippers, dy't yn in stavering omslaan en deryn ferslaan, deryn bliuwe.
De Fryske stavering: in achterlik gefal, lykas de stavering fan alle standerttalen. Ja, it Frysk is in echte standerttaal want it is in skaaimerk fan alle echte standerttalen en haw in bespotlike stavering... It is in skaaimerk fan alle standerttalen en wês diktatoriaal en unifoarmistysk: ûnderdruk dialektfarianten, en sis leaver ‘leaver’ as ‘louwer’. Mar ik soe louwer ‘louwer’ skriuwe as ‘leaver’.
Ik formulearje no ien fan 'e wichtichste kritearia foar Fryslân: gjin unifoarmiteit ta elke priis. In gruttere wurdearring foar fariaasje. Ferrassing, fariaasje, dat is ek in soarte fan rykdom. Is der ien plak yn Nederlân dêr't safolle gekke minsken omrinne as yn Fryslân? Jo wolle my net leauwe? Sjoch dan mar ris yn 'e grutte supermerk fan Jobbegea: dêr fiel ik my thus, dêr hear ik thús. Mar alles glêdstrutsen: dat wurdt ek wol rigor mortis neamd.
| |
6
Sjoen de hjoeddeistige taalsituaasje kin it Fryske ideaal allinne mar bi- wêze, dat wol sizze, bikultureel. Oer twa ieuwen, at Fryslân in nije steatkundige foarm kreëarre hat en ûnôfhinklik is fan Hollân (de Rânestêd is dan ten ûnder gongen oan in kearneksploazje, mei barstend geweld knapte de bank útinoar, krupte burokrasy hie safolle jild efteroer drukt dat de klûs sprong, de wyn stie súd dat Fryslân is de dûns ûntsprongen), ik sis, at Fryslân dus syn nije steatkundige foarm kreëarre hat, dan sil de Fryske hegerein Frysk en Nederlânsk prate, it gewoane folk allinne Nederlânsk.
In taal kin bêst oerlibje sûnder dat it hiele folk him sprekt. Sprutsen Latyn hat ieuwenlang bestien by wittenskippers en godstsjinstfanaten. De hegerein yn Nederlân hat yn 'e santjinde ieu fierhinne ferfrânske west. Frysk kin allinne mar oerlibje as taal fan in beskate sosjale klasse, as de taal fan 'e hegerein. Dy ûntjouwing sit der no al oan te kommen. De amtners moatte yn it iepenbiere libben Frysk prate, thús meie se Nederlânsk prate. Omkearing fan rollen. Yn it ferline waard yn it iepenbiere libben Nederlânsk praat, thus Frysk. Mar no: de krante foar de massa's is ien yn it Nederlânsk, de elitêre literêre tydskriften binne yn it Frysk.
It begjint wier te wurden, in nije wierheid komt op 'e wrâld, se gûlt, se wurdt noch net akseptearre, faaks is se noch net berne mar wa't syn ear op frouljusbúk te lústerjen leit, dy heart har: it Frysk wurdt de taal fan 'e hegerein. It Frysk kin allinne mar oerlibje as taal fan 'e hegerein, as taal fan minsken dy't der les yn hân ha. As taal fan minsken dy't Afûk-kursussen hân ha, dy't net mear analfabeet binne at se skriuwe moatte. It Frysk fan gewoane minsken takket ôf rjochting Stêdsk, rjochting Rânestêd. Gewoane minsken? Dy prate Hollânsk. Bysûndere minsken prate Frysk. It is noch net safier. Mar at it Frysk oerlibbet, dan sil dat as taal fan 'e hegerein wêze, in hegerein.
Dat betsjut dat it âlde Fryske ideaal op 'e
| |
| |
helling stiet. Ien stam fan gelikensen. Hat dat ea wol sa west? Alle skiedkundigen fertelle my dat der yn it âlde Fryslân, út it earste milennium, ek gewoan slaven (arbeiders, hearrigen - what's in a name?) wiene. Dat der ek Fryske hiërargy wie, benammen dy fan boeren en grytmannen. Gjin yllúzjes: it idee fan ien stam fan gelikensen is in fantasy út 'e Romantyk, út 'e tiid doe't de hegerein as kulturele macht yninoar stoart wie (ferlykje ek de Frânske Revolúsje) en guon yntellektuelen macht yn 'e regio besochten te krijen troch in nij ideaal út de kultuer fan it folk te meitsjen. En yn dy tiid wie it folk noch Frysk.
It wie dus in logyske set fan 'e Fryske yntellektuelen (Dykstra, Van der Meulen, Halbertsma's) om tsjin de Hollânske diktatuer fan steat, standerttaal en stêd oansluting te sykjen by de dêrfan ôfwykjende, spontane trije-ienheid fan folk, sprektaal en plattelân. Knap wurk, Joast (Joast, dêr't ik faaks in reynkarnaasje fan bin, wa wit). Mar no, yn ús tiid, is der foar it Frysk mar ien manear om yn 'e steden te oerlibjen: en dat is troch de taal fan 'e hegerein te wurden. En oars mar net.
Ik kom no werom op myn eardere opfetting dat it ideaal fan in Fryske psychology, it ideaal fan in Fryske maatskippij wichtiger is as de Fryske taal.
| |
7
Wat is Frysk? Ik sis net, allinnich at je Frysk prate binne je Frysk want der binne tefolle idioaten dy't Frysk prate. Sa sis ik ek net dat Frysksinnich wêze Frysk is, of wolle dat Fryslân in steat wurdt krekt as Nederlân en Dútslân. Wat is Frysk? Ik kin dêr as postmodernist mar ien andert op jaan. Ik bin Frysk. Myn ideaal is it Fryske ideaal. En dêr folgje in protte gekke konklúzjes út. Ik wyt net oft ik dy konklúzjes wol akseptearje wol, mar hawar: lit ik se earst mar ris lûke.
At ik Frysk bin, dan binne de saken dy't ik ta myn identiteit rekkenje ek Frysk. (Tink derom: ik ha it no oer it ideaal, oer myn ideaal, myn ferzje fan it ideaal.) Dat betsjut dat alles dêr't ik my mei identifisearje foar my Frysk is. Moed is Frysk, leffens net. Earlikens tsjin jesels is Frysk, sweverige ideeën oer de wurklikheid net. Parapsychology is ûnfrysk, kristendom is ûnfrysk (Hillige Geasten, kinne je dy ite? Hel, wêr leit dat, ûnder Reahel?). Myn bêste freon, de Grinslanner, is ta grutte hichte Frysk, want hy hat de psychologyske eigenskippen dy't ik as typysk Frysk beskôgje. Oaren prate Frysk mar binne yn har tinken en dwaan burokraten; sokken binne foar my net Frysk. Sa soe ik in hiel rychje fan skaaimerken jaan kinne, dêr soe Frysk prate ek by hearre.
Mei oare wurden, at je ien fan dy skaaimerken ha, binne je in bytsje Frysk, at je twa ha, mear, ensafuorthinne. Fryske taal en kultuer komme by my dus net op sa'n heech plak. Want ik ha leaver in fijne fint of frou dy't gjin Frysk praat as in miger dy't dat wol docht. Foar my is Frysk dus in psychologysk begryp wurden, in begryp dêr't de hiele wrâld yn prinsipe tagong ta hat, mar dat net foar elkenien tagonklik is. Want elke identiteit is elitêr, selektyf. At de hiele wrâld Ajax-supporter is, binne der gjin Ajax-supporters mear. De Ajax-supporter bestiet by de graasje fan in alternatyf dêr't er mei konkurrearje kin, dêr't er himsels tsjin ôfsette kin.
Allinne in diktator wol dat der gjin tsjinpartij is, in Kristen wol dat der gjin tsjinpartij is: dêr hat er de hel foar útfûn. Mar je besteane by de graasje fan in tsjinpartij. Ik ha dus in sublimearre ferzje fan it begryp ‘Fryslân’ en fan it begryp ‘Frysk’, in psychologyske ferzje. Fansels, minsken dy't de taal prate ha in streekje foar, mar ek net mear as dat en dat streekje reitsje se ek sa wer kwyt at it kloatsekken binne.
|
|