himel kreakjend oer ús delstoarte en de ierde út har âlde banen sjitte, of wachtet ús, lykas yn it liet dat it Frysk de ôfrûne jierren klinke en daverje liet, fier yn it rûn, fier oer de grinzen fan it âlde lân hinne: in nije dei? En kin it Frysk, no't wy it dêr dan dochs wer oer ha, mei oer dy drompel of, om ris in oar byld te brûken, mei ûnder de brêge troch of moatte wy sizze, en op 'e nij falle my wurden yn dy't it Frysk fier oer de eigen lânsgrinzen tild ha: ‘It kin nèt!’? Hoe hurd sil it Frysk noch fleane? Of falle?
Sa't wy steane foar de ieuwiksel, sa stiet it Frysk ek foar in wichtige wiksel: dy fan boppe nei ûnder de fyftich prosint. It tal Friezen foar wa't it Frysk de earste taal is, de memmetaal, sit no noch krekt boppe de fyftich prosint. Mar it sil net lang mear duorje en dan fersilet it Frysk as earste taal ûnder dy grins, dan wurdt it Frysk in minderheidstaal yn 'e eigen provinsje. En dat is dan werklik it begjin fan 'e ein.
Nettsjinsteande alles wat der yn 'e ôfrûne ieu berikt is: Frysk as twadde rykstaal, Frysk yn it offisjele ferkear, yn it ûnderwiis, op radio en televyzje, it súkses fan Tryater, Rink van der Velde, Riek Landman, Durk Hibma, Koen Eekma, Lytse Teake, Anneke Douma, De Kast en Sonnema - nettsjinsteande dat alles wurdt der thús, op strjitte en op it skoalplein hyltyd minder Frysk praat, yn dûbele sin: kwalitatyf en kwantitatyf.
Kwalitatyf: it Frysk dat wy brûke, fertsjinnet dy namme amper noch. Guon ha dat ek ynsjoen en neame har fodzige, ferskronfele Frysk ‘Frsk’. Kwantitatyf: it Frysk wurdt hyltyd minder in libbene folkstaal en hyltyd mear in elitetaal, in kultuertaal, keunstmjittich yn stân holden, stúdzje-objekt en boartersguod foar in hantsjefol dat der foar trochleard hat, allinne noch yn gebrûk as geveltsjefrysk en by spesjale gelegenheden: as startsein foar de Alvestêdetocht (‘It sil heve!’ ‘It giet oan!’), by iepenloftspullen en oar toaniel, in Fryske tsjerketsjinst, Liet 2000, bearenburchreklame.
Oer de oarsaken kinne wy koart krieme: a) de Hollânske ymport fan de lêste tweintich, tritich jier, dy't wol wat fan in ynvaazje wei hat, b) it oanboazjend tal Fryske feinten en fammen dat mei in Hollânske ynkommeling huzet, wat ynhâldt dat har bern noch twa wurden Frysk leare: ‘pake’ en ‘beppe’.
Oan de earste oarsaak kinne wy, as gewoane boargers, net folle dwaan. Dat is in taak fan de oerheid en dat wurdt dus neat, want dy is bliid mei elke nije ynkommeling, ek al is it in oerkommeling dy't ‘de Friese taal en cultuur een warm hart toedraagt’ salang't hy der mar net mei lestich fallen wurdt.
Nee, ik wol realistysk bliuwe en my beheine ta de priveesektor. Ik doch in twingend berop op heit en soan, mem en dochter en ik doch dat, no't wy syn 182e bertejier betinke, yn 'e geast fan Harmen Sytses Sytstra en dus yn 'e taal fan 'e âlde Friezen:
Fresene jungmónnon and fammon, mij thi swéslagriga Hóllonska kak and trou én ynnabandiga Fresene ofte Fresena. Fresene heiton and memmon, hûidzje hjimma sùanon and dochtar. Thet hia hiar nawt ôfiowa mith Hóllonska pronk. Bûtar, bria end griune tsiis, olene wâ't thet flot and sundár stámmarjon út dá bek kryja kin, thi kin mith ús feinton and fammon dá rédens ûndarbinda and dá rest litha wy throch det iis sakia: ‘Det kin nàwt!’