Meiwurkers
Joop Boomsma (1945), learaar Nederlânsk oan in fierste grutte skoallemienskip yn Ljouwert. Publisearret yn 't Frysk (yn alle mooglike rubriken) sûnt 1968, mar it ourûne desennium benammen as misdiedauteur. Wennet yn Menaam.
Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum en de Riepe.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei Itfertrietfan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Foarich jier ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei.
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo óf, d.w.s. oan analfa- en digibeten.
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, koartlyn oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Geart fan der Mear (1944) is universitêr dosint bij de ôfdieling Ingelsk oan de RUG. Wie fan 1976 oant 1982 redakteur fan Trotwaer. Fan him binne twa dichtbondels ferskynd: Skûl bij Hanklit (Friese Pers, 1984) en Winterkriik (eigen behear, 1987). Dy lêste poerbêste bondel wie nei trije kear oanfreegjen gjin subsydzje foar te krijen, hoewol't it advys folslein posityf wie, dat sadwaande. Op in advertinsje yn Trotwaer kamen doedestiids presiis 0 bestellingen. Fan der Mear nimt dit de lêzers fan doe foar alle ivichheid kwea ôf. Mar jim hoege gjin begrutsjen mei him te hawwen. Der binne noch mear dingen yn it libben. Hij fynt nei jierren net Frysk skreaun te hawwen dat in illindige taal mei al dy kapkes en streepkes boppe de fokalen. Dy moatte moarn noch ôfskaft wurde.
Tsjits Peanstra (1924) wie wykferpleechster, publisearre gedichten yn De Tsjerne, De Strikel, Trotwaer en yn twa sammelbondels; Oanspield, har fjirde bondel, ferskynde yn 1988.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Tjitte Piebenga (1935) siet in fearnsieu by it spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert, skreau sa út en troch ris in ferske of in boekje, wie de lêste jierren foaral op kabaret- en toanielmêd dwaande, skriuwt poëzije-kritiken yn 'e Leeuwarder Courant.
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres.
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollânsk wie dat Plaatselijke Tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten.
(Basearre op gegevens dy't de auteurs sels oanlevere ha.)