Trioel
Assonantie
It stiet fansels tige geleard en lit in Nederlânsktalich dichter en essayist op it oeuvre fan A. Soepboer los en publisearje it yn in Frysktalich tydskrift (Trotwaer nr. 8, ‘De (twee)talige pelgrimages van Albertina Soepboer’). Mar kin Anneke Reitsma eins wol Frysk lêze?
Op side 376 wol se ha dat ‘moanne’ en ‘oantinkens’ assonânsjes binne. Hoe soe Reitsma it lêste wurd útsprekke? As ‘wantinkens’ of sokssawat? Of de moanne as ‘mooane’? It frommeske hellet letter ek in stikmannich grutte nammen, lykas Baudelaire oan, tige yndrukwekkend fansels, mar sa'n misslach docht my dochs wier twifeljen oan har kennis fan de taal dy't Soepboer (meast) brûkt. It hiele artikel is neffens my benammen in etalearjen fan sabeare erudysje, eat dêr't Soepboer sels ek wolris lêst fan hat. Dat de redaksje sa'n flater slûpe lit, sil faaks net in kwestje fan ferkeard lêzen wêze, mar fan ferstoppe earen.
Cornelis van der Wal