De pôt op
Omdat de Ljouwerter Krante-resinsje fan Dingeman krijt wjukken fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra my lang net sinnige, ha 'k in ynstjoerd stik skreaun. Dat waard wegere. De motivaasje dy't de haadredakteur dêrfoar joech, wie: ‘Wy hawwe as rigel net reaksjes op in resinsje te pleatsen. In resinsint jout syn persoanlike miening en dêrmei sille faak minsken it net iens wêze. It wurdt in diskusje sûnder ein. En dêr begjinne wy leaver net oan.’
Ik ha ûnder mear weromskreaun: ‘It spyt my tige dat jim de reaksje op it boekbesprek fan Marja Boonstra yn de “Leesplank” fan 24 sept. 11. net pleatse wolle. It wie nammers net allinnich krityk op de resinsje, mar ek ûnfrede mei it belied fan de Ljouwerter Krante, dy't fierstemin plak foar it besprekken fan Fryske berneboeken ynrommet. Soks moat ommers wol liede ta minne en ûnfolsleine resinsjes! Neffens my kinne àlle ynstjoerde stikken ta einleaze diskusjes liede, en net allinnich boekbesprekken. In redaksje is frij sa'n diskusje wer ôf te sluten. As in resinsinte har wurk net goed docht, om't hja it boek amper lêzen hat, sa't út it besprek fan “Dingeman krijt wjukken” dúdlik blykt, moat in lêzer de kâns krije dat op ien as oare wize rjocht te setten.’
It roait fansels nearne nei dat yn de Ljouwerter Krante berneboeken bytiden op minder as in kwart side (de helte dêrfan ek noch yllustraasjes) en by fjouweren tagelyk besprutsen wurde, wylst oare Fryske boeken omtinken krije yn in folle wiidweidiger resinsje.
It is te hoopjen dat de LC-redaksje har net fine kin yn opfettingen oer literatuer sa't de Warkumer berneboekeskriuwster Kan-Hemmink dy fentilearret. Yn Wijd en Zijd fan 15 septimber ferkundiget hja, dat se de measte fan har 36 (Hollânsktalige) boekjes foar de jongerein bytiden yn in tiidsbestek fan ien moanne yn elkoar flânze hat en no ‘klaar is voor het grote werk, een echte volwassenenroman’.
Gelokkich fetten Eppie Dam en Gerrit Terpstra harren arbeidzjen oan it ferhaal ‘foar bern fan 9 jier en gâns âlder’ al op as grut wurk. In boek dêr't safolle soarch en oandacht oan bestege is, fertsjinnet dêrom mear as in pear flut-alinea's yn de rubryk ‘Leesplank’, foar de helte ek noch besteande út it neifertellen fan de ynhâld. In beoardieling fan in resinsint dy't, sa't se op 9 oktober op it literêr poadium yn Theater Romein sels ferkundige, oan fatsoenlik lêzen amper mear ta komt, mei't se it drok mei bern en húshâlding hat. ‘Dingeman’ bedarre by har thús achter de bank, doe't se ien fan de bern dy't mei