mei elkoar yn diskusje geane. Oaren sjogge it neffens my ek wol, dat se yn in oar feroarje. Mar it wurdt gauris ûntkend. Je kinne foar koarte tiid ferfongen wurde, mar de ferfanger kin it ek oernimme. Dan besiket de ferfanger dy fuort te krijen. Moatst dan yn dy ferfanger stappe. Dat belibje ik hieltyd wer. Mei myn boek haw ik besocht in minskbyld los te wrotten. Wijneigen giet net oer terpdorp, mar oer it âld-Egyptyske minskbyld. De Egyptenaren hienen in nuansearre byld oer libben en dea. Ast dea bist, feroaret der eins net folle, want bist in pear lichems, meast fiif, dy't yn elkoar skood binne. Soms sit der noch in part yn dy fan in lichem dat al dea is. Dy oertsjugingen út dat libben hast yn dy, mar dy brûkst net. Oan sokke dingen wurdt net folle oandacht jun, want it hat gjin ekonomysk belang.’
De noas nimt ek in wichtich plak yn it boek yn. It rûken hat gjin ekonomyske wearde foar de minsken en dy hawwe it dan ek ferleard. Gjelt: ‘Elts minske rint mei in ynvalide foargevel.’
Gjelt de Graaf hat (foar in Nederlânsk boek) in protte Frysk brûkt yn Wijneigen. De nammen fan de bewenners en fan de strjitsjes binne Frysk, de mem fan Eige hat in fan it Frysk ôflate wize fan praten en der stiet no en dan in funksjoneel sintsje Frysk yn.
Gjelt: ‘Ik bin in Fries, ik kom út in hiel Fryske húshâlding, haw yn in hiel Frysk plakje wenne, mar kin gjin Frysk skriuwe. De taal dêr't ik it praten yn leard haw, dêr kin ik my net goed yn útdrukke. It Frysk hat fan dy moaie twaklanken en in rike wurdskat, ik soe it graach brûke wolle, mar ik kin it net. Ja, ik kin fansels kursussen folgje en dat sil ik ek dwaan, mar dan duorret it noch lang ear't je it je echt eigen makke hawwe. Ik haw op 'e basisskoalle net leard om Frysk te skriuwen en dat nim ik de ynstânsjes dy't dêrfoar ferantwurdlik binne noch altyd kwea ôf.’
Nee, hy fynt it net - allinne - syn eigen ferantwurdlikheid om it dan mar sels te learen. Gjelt: ‘Ast in lyts bern bist, krigest fan alles oanbean. Watst net oanbean krijst, dêr silst faak ek net nei tale. It is net om 'e nocht dat jeugdbibleteken fergees binne. Oars fine âlden it miskien wol te djoer. Ik fyn it in rjocht om de taal oanbean te krijen dêrst yn grutbrocht bist. As ik skriftlik mei it Frysk dwaande west hie, mei puzeltsjes en gedichtsjes en sa, doe't ik bern wie, dan hie 'k no èk Frysk skreaun. Ast âlder bist komst der folle minder maklik ta om it goed te learen. Hast der gauris ek net folle tiid foar.’
‘Hast alle Fryske wurden yn Wijneigen binne fernederlânske. Dat hat in bedoeling hân. As ik it Frysk yn it Nederlânsk brûk, fernederlânskje ik dy klank en krijt it de semantyk fan it Nederlânsk. Sunt de stien fan Rosette koene de teksten út it âld-Egyptysk oerset wurde, want der wie in kaai om it oer te setten. De teksten wiene doe grammatikaal wol goed, mar der stie niks. Sa brûk ik it Frysk yn it Nederlânsk. Ik doch dat omst sa wat lêst, dat eins hiel wat oars is. Sa is it mei it boek ek. It giet net oer terpdoarp, it giet oer it âlde Egypte. Nimmen giet fuort fan dy terp, allinne as se stjerre. En as der al immen fuortgiet, dan komt dy werom. Der is mar ien plak, dat werst berne bist.’
In oar tema fan it boek is de ûnrjochtfeardigens. Ien persoan wurdt as oars sjoen en dêr moat wat oan dien wurde, fyne de lju. Gjelt: ‘Wylst elkenien unyk is en meardere persoanen ynhâldt. It jout gjin pas om in persoan te feroardieljen, want hy is safolle persoanlikheden. Ik fyn it prachtich, as de inkeling dy't iderkear delslein wurdt, hieltyd mar wer