Tegels
Meinou P.
It is in Amerikaanske wittenskippers slagge mei súkses wat aaistokweefsel fan in frou wei te nimmen, yn te friezen en letter wer werom te pleatsen. Yn it krantestikje dêr't ik dat yn lies, waarden in tal foardielen neamd, lyk as opheffing fan ûnfruchtberens nei in kankerbehanling, it tsjingean fan in te iere oergong en it útstellen fan de menopauze, dat dan soene froulju op lettere leeftyd noch bern krije kinne.
No bin ik al fierstente âld om der sels noch baat by hawwe te kinnen, mar dochs kaam ik net los fan dat berjochtsje. Ik rekke oan it filosofearjen.
It is mar goed, tocht ik, dat soks net útfûn is foar de tiid dat in frou baas yn eigen búk wurden is. Dan hie sy, dy't stie foar in sûn en foksuver neiteam, op gesach fan dûmny en pastoar oant har dea ta jier nei jier yn de kream moatten. It bibelske oantal fan tolve bern hie dan mei gemak trije kear helle wurde kinnen. Ik rekkene út hoe grut it oantal neikommelingen wêze soe as in frou fan har tweintichste oant har fifensechtichste seisentritich bern krijt. Ik kaam op sânentritich kear seisentritich is trettjinhûnderttwaentritich. God sy tank binne dêr ek jonkjes by en dy wurde net mem. Dat skeelt wer safolle.
Eefkes miende ik ek noch dat jo no faaks wol earder beppe as mem wurde koenen. Dat like my in goed ding. Earst oefenje mei opfieden op de beppesizzers foar't jo de hiele dei bern om 'e teannen ha. Mar hoe't ik ek prakkesearre, ik krige it sels mei embryo-aaistokweefsel net foar elkoar, dat it sil wol in dom idee west hawwe. It brocht my wol by in oar punt.
Ik hie al jierren beppe wêze kind. Ik nim it myn karriêrebern kwea ôf dat dat der noch net fan kommen is. Se laitsje my út as ik fertel hoe jaloersk ik bin op al myn freondinnebeppes. Miskien wolle se wol noait bern ha, sizze se. Wit ik wol hoe't dy jo libben beynfloedzje? Ja, dat wit ik wol. Moatst se jong krije, sis ik. Dan giet it allegear fansels. Minsken krije tsjintwurdich fierstente âld bern. En dan moat it krekt sa en net oars. Se wurde gek fan harsels. Myn bern roppe dat ik my net mei har bemuoie moat.
Mar dat doch ik no krekt wol. Dat haw ik nei al dy prakkesaasjes besletten. Ik wurd draachmem fan myn eigen beppesizzer. Want as aaistokweefsel ynferzen wurde kin en letter wer brûkt, dan kin it ek transplantearre wurde fan de dochter nei de mem. En dat is it iennige dêr't ik myn dochter foar nedich ha. Se moat my in stikje aaistok jaan. Fierder doch ik it allegearre sels wol. Ik sykje in moaie heit en ik krij it bern. Ik pas der op, ik sjong der mei en ik lês it foar. Wol in healoere deis. En yn de wykeinen mei it nei mem.