Elias Lönnrot
De Kalevala
Yn 1998 makke ik in fakânsjereis yn Finlân. Underweis lies de reislieder ús stikken foar út it Finske epos De Kalevala. De oersetting wie fan Mies le Nobel, dy't it wer út it Dútsk fertaald hie. De skriuwer, Elias Lönnrot, waard berne yn 1802 yn Súd-Finlân. As jongeman makke hy alve reizen nei Karelië, dêr't noch in rike folks- en lietkultuer wie. Nei earst literatuerwittenskippen studearre te hawwen waard er dokter.
De Kalevala is in komposysje fan lieten, beoardere fan Lönnrot, mei in dúdlike visy. Ien elemint is it stêfrym. Yn 1835 kaam de earste Kalevala út, 32 gedichten, 12078 rigels. Yn 1849 ferskynde in nije Kalevala. De komplete edysje bestiet út 50 gedichten mei 22795 rigels. It epos is yn 46 talen oerset. Dit jier waard it 150-jierrich bestean fierd.
It like my moai wat yn it Frysk oer te setten (ik bin de Finske taal ek net machtich). By it oersetten bin ik útgien fan acht wurdlidden de rigel en sa goed mooglik Frysk, ticht oanslutend by de (Nederlânske) tekst.
Hjirûnder folgje de rigels 177 o/m 244. (Sjoch foar mear ynformaasje A.R. Koopmans, De Kalevala.)
Tsjits Peanstra
Amper wie de tiid fergongen,
of dêr komt in keine fûgel,
fljocht in eintsje boppe 't wetter
siket plak in nêst te bouwen,
speurt om earne del te striken,
fljocht nei 't easten, fljocht nei 't westen,
fljocht nei 't noarden, fljocht nei 't suden:
nearne is in plak te finen,
sels it alderminste oarde,
't alderlytste draachpunt, nearne
wêr't sy bouwe koe in nestke.
Stadich swevet sy, al sykjend,
sy betinkt har en oerleit dan:
Bou ik yn de wyn myn nestke,
op de weagen 't teare bousel,
sille winen it tramtearje,