‘Se’ wiene al dy silers dy't wy foarbyflitsten.
Ik wie altyd skitend benaud foar omslaan as de boat skean hong. Us heit lake my út en luts it seil noch wat strakker. Mar as ik te let of te sleau reagearre op syn kommando's, besaude er him. En dy kears dat er oerboard dondere en ik him daliks neidukte om't ik der net wis fan wie oft er wol swimme koe, wie er poer.
Ik hie him noch noait swimmen sjoen. Fuotbalje, keatse, tennisje, drave, fytse - hy hie fan alles by de ein, mar swimme, dat hie ik him noch noait dwaan sjoen.
De boat skeat sûnder stjoerman en mei strak túch fierder - de grutskoat en de fokkeskoat wiene fêstset - en bedarre in moai ein út 'e reek oan leger wâl. De gemeente woe dêr gjin boaten oan 'e kant ha en om dat foar te kommen hiene se dêr in rige skerpe basaltblokken deponearre.
Hy hie it fan pake, dat sportive. Pake keatste jierrenlang op 'e PC en hie fiif alvestêdekrúskes.
Ik ha ek in hiel rychje sportive neven en nichten. Der sit in tennis- en in sylkampioen by.
Us heit wie wakkere grutsk op dy sportive famyljetradysje. Al fûn er dy tennisjende en silende neven en nichten wol stronteigenwiis. Dêr moast wat oan dien wurde. Dy woe er nochris in poepke rûke litte. Dat poepke soe ik wurde. Dêrom moast ik al betiid yn training en timmere ús heit alfêst in ûnbidige prizekast.
Doe't ik seis wie, moast ik op fuotbal.
Us heit koe sels omraak fuotbalje. Hy hie der noch mear ferstân fan as Cruijff en Kraay. Cruijff koe er noch ferneare, mar as Kraay kommentaar joech, hong er him altyd yn 'e bek. Dy lulde mar wat út 'e nekke. En dan begong er út te lizzen hoe't it al siet.
Ik waard yndield by junioaren-C.
‘Mei in healjier sitst by B,’ sei ús heit.
Begjinnerkes mei talint skoden healwei it seizoen troch nei de B-seleksje.
‘Trouwens, by it A-elftal ha se in tekoart oan spilers,’ sei ús heit en doe seach er my sa wat oan.
Echte útblinkerkes sloegen B oer en mochten daliks fierder by junioaren-A.
Doe't ik tolve wie, makke ik in doelpunt.
It wie yn in útwedstriid en se hiene ús heit frege om te riden, dat dy stie der op 'e noas by.
Jelte Flapper, ien fan ús spitsen, kaam frij foar it doel en makke in