Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 422]
| |
De lêste festing
| |
[pagina 423]
| |
It oersetten fan poëzij, foaral dy mei rymwurden en fêste rigellangte, is alderheislikst sinnich wurk. Sels as it om twa sterk op elkoar lykjende talen giet lykas it Frysk en it Nederlânsk. It Frysk hat troch syn oare morfology gauris mear wurdlidden en in oar ritme, en de wurdkar is fansels ek gauris oars. Dat liedt faak ta tefolle of te min ‘romte’. Oersetters nimme dan faak har taflecht ta keunstgrepen, lykas 'k yn pleats fan ik en dat soarte fan dingen, of rare enjambeminten dêr't de boarnetekst dy net hat. In probleem apart binne fansels ek de rymwurden, want foaral as dy in wichtich diel foarmje fan de ynhâld moatte se wol behâlden bliuwe. Troch romte-, wurdkar- en rymwurdproblemen komt dan ek faak de oersetting fan de byldspraak yn de knipe. Men sjocht dan oer it algemien dat dy feroare wurde moat en dy feroaring is meastal in ferswakking, trochdat de byldspraak algemiener wurdt en it aparte dêrfan ferlern giet. Ik haw ferline jier in kolleezje fersoarge oer oersettingen fan ShakespeareGa naar eind1., en dan docht bliken dat foaral bij foarmen as it sonnet de oersetters - sels ferneamde oersetters - har soms yn de ûnmooglikste bochten wringe om mar safolle mooglik fan de ynhâld oer te bringen. Sa wie Albert Verwey syn oersetting fan de sonnetten troch alderlei keunstgrepen en tige ûnnatuerlik taalgebrûk eins net hielendal serieus te nimmen. No is it Ingelsk sa'n tsien-fyftjin persint kompakter as it Nederlânsk en it Frysk, dat men kin wol wat begryp ha foar de swierrichheden fan de oersetters hjir. Veenbaas set oer yn it Nederlânsk út in taal dy't in pear persint mear oan wurdlidden ferget, en dat soe wat romte jaan moatte. Dat sil grif ek sa wêze, mar dan is der noch it probleem fan it ritme, de wurdkar en it rym, dy't ek bewarre bliuwe moatte. Oer it algemien moat sein wurde dat de oersetting goed slagge is. De taal docht natuerlik oan en fan de al neamde keunstgrepen hoegde net faak gebrûk makke te wurden. Ik sil no inkelde foarbylden jaan dêr't it Veenbaas nei myn betinken minder goed ôfgien is. Dy foarbylden binne net bedoeld om de oersetting ôf te kreakjen (dy oersetting is, sa't al sein is, bepaald net min), mar om in byld te jaan fan de slimme en faak net goed oplosbere problemen fan oersetten yn it algemien. Der is faak ek net in ideale oplossing, alteast net as men oersetter bliuwe wol, en him dus oan de ynhâld fan de boarnetekst hâlde wol (safier mooglik dan). Op s. 59 (IGJ) rimet ‘(liet dat yn my) koezet’ op ‘rûzet’, in ûnoersetber rym. Dat lêste wurd is oerset as ‘ruisend’, en rimet op ‘(lied, zacht in me) suizend’. De gefoelskrêft fan ‘koezet’ is hjir fuort en ferfongen troch it wat minder bij ‘lied’ passende ‘suizend’. In foarbyld fan in wat stoplaperich oandwaand gefal is de oersetting fan ‘En ûnder beammen waard it skadich’, rymjend op ‘nuveraardich’ (s. 68 IGJ), dat wurden is: ‘De bomen gaan al schaduw geven’, dêr't dat sloppe ‘gaan’ Veenbaas it ûntbrekkende wurdlid en it krekte ritme ferskaft. Op s. 71 (IGJ) lêze wij ‘O dracht, 't geheimschrift van de ganzen / vloog op een koude nacht voorbij’. It Frysk hat ‘...oerfleach myn hûs in kâlde moarn’ (rymjend op ‘oan’, in net oersetber pear). Mar ‘voorbij’ fetsje ik op as ‘op deselde hichte’ as mijsels, en de guozzen fleane útsoarte heech yn de loft boppe myn holle. In foarbyld fan in ûntspoard byld is te finen op s. 85 (IGJ), dêr't it Fryske ‘langst’ oerset is as ‘vuur’, en fan dat fjoer wurdt dan sein ‘smeltend wordt het door jou bevangen’. Dat kin fansels net: fjoer | |
[pagina 424]
| |
raant net. It probleem is hjir ek noch feroarsake trochdat nei ‘ranend’ in punt stiet yn dizze ûtjefte (sadat it op langst slacht), wylst der in komma stean moat (sjoch Stapstiennen en de ûtjefte fan It griene jier fan 1962), wêrtroch ‘ranend’ lutsen wurdt bij de frou, dy't harsels ferliket mei ‘in snieflok op in waarme hân’ - in logysker byld. Alle problemen komme bijinoar yn it ferneamde ‘De sitadel’, dat dan wol in ridlik frije struktuer en rigellangte hat, mar dat fol stiet mei hiele en heale binnenrimen en dan ek noch einiget mei it prachtige en ûnoersetbere ‘ûnnimber / by it stoarmrinnen fan novimber’. Veenbaas hat keazen foar ‘onneembaar / onder het stormlopen van november’, wat net echt hielendal rimet, en dus folle minder effektyf is. Mar ja, wat moat je. De begjinrimen ‘nea - lea’ binne ferlern gien yn ‘Nooit - Liefste’, de i-lûden oan de ein fan de earste en de hiele twadde strofe binne mar foar in part oerkommen, en de einrimen liede ta bijgelyks it net sa moaie ‘Nooit liet een vrouwenhand / zich toegedaner nederzinken’ (rymjend op it folgjende ‘in-goed drinken’) - ‘nederzinken’ foar in vrouwenhand? Ik tink dat de lûding fan in fers net echt goed oer te bringen is as men tagelyk de ynhâld net al te folle geweld oan dwaan wol. In lêste foarbyld fan de ûnmooglikheid (soms) fan oersetten fan poëzij is bijgelyks ‘Ragnarok’. Hjir binne de rigels sa koart dat se de oersetter gjin inkelde earmslach jouwe. Nim bijgelyks de rigels ‘De Eleminten, / pûdeagjende wolven op sprong, / hoarte oan 'e skoat'le / poarte fan de ûndergong’. Dat is wurden: ‘De Elementen, / puilogende wolven vol moorddrang, / horten aan de dichte / poort van de ondergang’. Dat is folle en folle swakker as it yndrukwekkend woeste (soe ik it neame wolle hjir) Frysk.
Veenbaas hat wraksele mei it ûnoplosbere: foarm en ynhâld beide besykje te behâlden. Dat is him oer it algemien sa goed ôfgien as minsklikerwize mooglik is, leau ik. Hij hie ek kieze kinnen foar de technyk fan bijgelyks in Arie van der Krogt, dy't koartlyn de sonnetten fan Shakespeare oerset hat en dêrbij net it ûnmooglike besocht hat fan de folsleine werjefte fan de ynhâld à la Verwey. Van der Krogt hat yn dy gefallen dat soks net koe, keazen foar in konsintraasje op in diel fan de tekst, foaral op de emoasjes. Dat is him tige goed slagge. Mar it stiet fansels elke oersetter frij om dat te dwaan wat himsels it measte oansprekt. Alles ôfweagjende bin ik dochs tefreden mei dizze oersetting, dy't in goed byld jout fan de dichter Tamminga. |
|