Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 419]
| |
Tinkskriften fan de praatstoel ôf
| |
[pagina 420]
| |
syn ûnfoltôge De bisleine spegel frijmoedich in autobiografy. Hoewol't it boek wat flechtich is, binne syn Lemster tiid, de Amsterdamske oarlochsjierren en de nei-oarlochske perioade der flot en meinimmend yn beskreaun. Der is lykwols wol plak oerbleaun foar de biografy dêr't Johanneke Liemburg no oan wurket. Dy sil sa'n trije- à fjouwerhûndert siden telle en as it in bytsje kin yn 2001 ferskine. Hendrik Algra hold syn Mijn werk/mijn leven ek foar in autobiografie. Syn motto wie in wurd fan Totius: ‘Persoonlik lees ek liewer 'n biografie of outobiografie as 'n roman. Feite is vir my belangwekkender as fiksie.’ Ek Algra is it slagge om syn jeugd en fierdere libben - it ‘gewring en geworstel’, om Totius nochris oan te heljen - oannimlik te beskriuwen. Hoewol't ik net de pretinsje haw in folslein oersjoch te jaan, moat ik dochs ek de mânske biografyen fan Wim Hazeu oer J.J. Slauerhoff (865 siden) en Hans Visser oer S. Vestdijk (717 siden) neame. Yn beide komme de jeugdjierren yn Fryslân en hoe't se dy belibben folslein ta har rjocht. Ik bin benijd nei de biografyen dy't Doeke Sijens oer Reinder Brolsma en Jelle Krol oer Douwe Kalma yn tarieding ha. Ek de libbens fan dizze beide skriuwers leverje nijsgjirrige stof foar tige persoanlike tinkskriften. Wat dat ‘tige persoanlike’ oanbelanget falle my de beide earste haadstikken (‘Om Frjentsjer hinne’ en ‘Skoalmaster sûnder skoalle’) yn it boek oer Tamminga wat ôf. Der wurdt wol skreaun dat er yn syn jeugd dreamerich en prakkesearderich wie, mar ik hie graach witten wollen wàt dizze jongfeint dreamde en beprakkesearre. Hy hie in grutte lêshonger, mar it bliuwt by it neamen fan titels en ûnderwerpen. De beynfloeding troch al dy lektuer hie ek wol nijsgjirrich west. Douwe Tamminga gie earst nei in kristlike legere skoalle, mar letter - ûnder ynfloed fan liberale boeren fan wa't syn heit it as arbeider hawwe moast - nei de iepenbiere. By him thús waarden de bibel en Bunyan syn Christenreize lêzen en dy hawwe him oansprutsen. It gesin gie nei in baptistysk tsjerkje, dêr't ek oer de útferkiezing preke waard. Of dit Tamminga oan it tinken of twifeljen sette, wurde wy net gewaar. Hy kaam op de grifformearde knapeferiening In gebed voorwaarts, mar hy waard hieltyd kritysker en makke him los fan it grifformearde fermidden. Gie dat maklik, sûnder - in wurd dat Jan Piebenga gauris brukte - ‘wrakseling’? Yn it foarlêste haadstik giet Tamminga syn tsjerklike paden noch ris nei. Dêrby komt er ta de konklúzje dat alle wederwarichheden syn tsjerksens gjin goed dien hawwe en him op de grins brochten fan berêstend agnostisisme. Tige nijsgjirrich, mar te koart om 'e hoeke. Yn grutte autobiografyen (bygl. dy fan Troelstra) en biografyen (bygl. dy fan Gorter en Slauerhoff) wurdt rom omtinken jûn oan de leafdesferhâldingen. De leafdes fan de jonge jierren en dernei moatte dochs wol diel út meitsje fan in frij breed opset libbensferhaal. Dat is yn Trochpaden net it gefal. Sels mei Sjouk, mei wa't Tamminga in grut part fan syn libben dield hat, komme wy amper yn 'e kunde. Wol behellet er har yn it in djippe yndruk meitsjende haadstik oer harren op tweintichjierrige leeftyd ferstoarne, bejeftige soan Anne. Yn it hiele boek leart men de dichter net sa persoanlik kennen as hjirre, bygelyks troch wat er seit oer de gedichtesyklus In Memoriam: ‘In straffe fersfoarm like my it gaadlikst en it meast by him passend. It wie my der net om te dwaan om in toan fan ynbannigens te finen en net ta te jaan oan wylde oanklachten tsjin it lot dat him troffen | |
[pagina 421]
| |
hie.’ Oan Sjouk hat er de syklus opdroegen. Foar it fêstlizzen fan in stik literatuerskiednis en -skôging binne de haadstikken oer de besettingstiid en de nei-oarlochske jierren de muoite wurdich. Tamminga, oars in amusante anekdoateferteller, hat dy perioaden hiel goed, mei kennis fan feiten en beskikkend oer in sterk ûnthâld, beskriuwe litten. Hy mei in minder opfallend strider west hawwe as Hendrik Algra en Fedde Schurer, dy't har ek yn de polityk bejoegen, hy is net allinne foar de Fryske literatuer fan betsjutting, mar wie dat ek foar de taal en de taalbeweging. Benammen yn it haadstik ‘(Oar)mans wurk’ wurdt in soad fêstlein dat allinne dêrom al it ferskinen fan dizze tinkskriften weardefol makket. De trije katerns mei foto's binne suver in argyf op harsels. Tamminga lit fernimme dat er graach mear romans skreaun hie. Sa hat er omrûn mei plannen om de libbens fan Gysbert Japiks en Eeltsje Halbertsma yn romanfoarm te beskriuwen. ‘Mar dy ideeën waarden oppakt troch Piter Terpstra en dy koe no ienris folle hurder as ik.’Ga naar eind1. Tamminga lit witte dat de Fryske skiednis ûnderwerpen by de rus hat: ‘As ik tsien jier jonger west hie en mear de tiid nommen hie, hie ik fêst mear romans skreaun.’ Moatte wy dan net wiis wêze mei syn tige slagge en bekroande romans De boumaster dan de Aldehou en Frjemdfolk op Barrahiem?
Yn it lêste haadstik hellet Tamminga wurden fan J.C. Bloem oan: ‘Is dit genoeg: een stuk of wat gedichten - voor de rechtvaardiging van een bestaan?’ Lykas Bloem hat er fansels hiel wat mear produsearre as in stik as wat gedichten. En achterôf is er wol bliid dat er yn it âlde Fryslân syn beskieden oandiel levere hat oan de taal- en literatuerûntwikkeling. It troch Geart de Vries treflik redigearre boek, al is it net de biografy dy't der ea noch komme moat, draacht by oan de grutte wurdearring foar it wurk fan Douwe Annes Tamminga.Ga naar eind2. |
|