Lêzers (6)
Je zoekt als lezer iets wat je niet uit jezelf produceert, maar wat je wel als fundamenteel ervaart, en waarvan je weet: dit zou ik nooit zo kunnen zeggen.
J.J. Oversteegen yn Etalage (1999)
Léze. Foar my is it mar al te gau wurk. Ik wit noch dat, doe't ik hast fjirtich jier lyn by Ljouwerter Krante sollisitearre, haadredakteur Jan Piebenga sei: ‘By de krante moatte jo wurkje, wurkje, wurkje en as jo net wurkje dan moatte jo lêze.’ Ik bin net by de krante kommen, mar ik ha in soad lêzen, fral kranten, foar it wurk.
Yn 'e fakânsje is dat oars. Dan komme de boeken. In moai boek is krekt as it hynder dat mei in prachtige gong by ús thús yn Ter Idzard foar it hûs lâns riidt. It hynder makket mei syn bewegings de taal mei moaie sinnen, de lêzer is de ruter dy't him genietsjend troch it ferhaal fiere lit en net mear fan it hynder ôf wol.
Ik skriuw dit yn 'e fakânsje. Op in Gryks eilân. Moandei wie hjir de Volkskrant fan sneon te keap. Ik ha der twa kear twa kilometer foar rûn. De boeken bin efkes lizzen bleaun foar al dy letters yn 'e krante dy't meielkoar in dik boek útmeitsje
No kinne de boeken wer efkes. De detectives, mar ek Claus, Mulish, Voskuil en sels Marcellus Emants. ‘Alles is ilusie, maar illusie is alles.’ lit Emants syn haadpersoan Willem Termeer yn Een nagelaten bekentenis sizze. Foar my is in soad lêzen krekt sa'n yllúzje. As ik oer in pear jier net mear wurkje, sil ik lêze. It leafst sa't Oversteegen it beskriuwt.
Johan van der Zee