[Nummer 9]
Dwersreed
Jitske Kingma
Gek
Tongersdeitemoarn 14 oktober. Min sliept, lyts djoer hoteltsje in oere fan it jierlikse sintrum fan de boekewrâld. In swiere koffer mei folders yn 'e hân, in pizza dy't mar min fertarre wol yn 'e búk en de holle fol ferwachtings. Ik set foar 't earst foet op histoaryske grûn: de Frankfurter Buchmesse.
De katalogus is in finger dik en it tal dielnimmers hat himsels ek dit jier wer oertroffen. It oantal nije boeken is hast like grut as it tal gûnen oan sutelaksje-opbringst. In boekegek begjint dan te switten, te draven en krijt tige ynklauwerige oanslaggen. Mar nee, de boeken binne net te keap. Se wurde toand, men kin rjochten keapje, se kinne besteld wurde, mar meinimme, nee.
Ik wurkje by in ynternetbedriuw en haw dêrfandinne ‘ambtshalve’ wolris sa'n ‘snelle’ ynternetbeurs besocht, Internet in Business. Dêr hoege je mar in belangstellende blik op in stand te smiten of je hawwe in kaartsje plus in musmatte, in fancy pen, in stressknypboltsje yn 'e foarm fan in apesturt of in CD-rom mei it nijste fan it nijste yn 'e hân. Ik fûn mysels de persoan der net nei om al dat oerstallige guod mei te tôgjen. Mar myn tas wie wol ferrekte swier op 'e weromreis. En sûnt dy dei knipe al myn kollega's yn sa'n lollich boltsje.
Mar de Buchmesse ferlit men dus net mei boeken, dêr bin ik al gau efter. Ik ha in dúdlike ‘missy’, myn bedriuw ûnder de oandacht bringe troch in petearke en in nagelnije folder. By de bibelstand hoech ik net mei lytse oplagen oan te kommen, want de minsken fan de bestseller aller tiden dogge allinne yn tûzenen. It levert wol in aardich petearke op yn in hoekje dêr't it taalgebrûk (‘O Lord’, ‘That really is a blessing’, ‘Thank you Jesus’) justjes ôfwykt fan it praat op de rest fan de Messe.
Foar eltse folder dy't ik kwyt wurd krij ik in katalogus werom en dat is wol in bytsje spitich foar de rêch. Mar wylst ik yn in lege stand fan in bedriuw dat ôfheakke hat fanwege sykte (‘But please take our companyleaflets’) de bût ris trochblêdzje komt de boekeleafde wer fûleindich en sûnder reserve ta de poriën út en fiel ik my tige op myn plak.
Ik draaf hal nei hal troch, systematysk slalommend fan Oman oant Yslân en troch Kanada werom. In protte sunensboeken, in soad ‘How to... this and that’ en benammen hiel folle esotery. By in petearke mei in non dy't ûnder in minuskuul bakje tee har libbensferhaal fertelt en seit dat se in útjouwer siket, ha 'k hast de rjochten mei. Ik fertel dat ik út Nederlân kom en dat komt moai út, want yn Amsterdam ha se ek in sintrum. Ik mei har boek ek wol yn it Frysk útbringe, se sil der net folle foar rekkenje, mar dan moat ik de namme wol even opskriuwe, want fan dat folk hat se noch nea heard.
It wurdt myn beursgrapke en it docht it beide dagen goed: kin ik de rjochten foar in Fryske oersetting keapje? Se meitsje allegear fuort laitsjend in royaal gebaar: ‘Fan alles wat hjir stiet binne de rjochten yn, hoe wie 't ek wer Frjisian?, frij.’ As ik it sa faak ferteld ha dat ik it sels net mear hearre kin, blêdzje ik ris yn myn fûst fol ynformaasje. Nee, it is echt sa. Gjin diske mei Fryske boeken dêr't oaren