Meiwurkers
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken.
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as free-lance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik.
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de KFFB útjûn wurde: Om Teatske (1995), De fermisten (1998) en De Slach om Transkei (1999). Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toaniel, korpsmuzyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattette en It Wâld).
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
Jelle Kaspersma (1948) is skoalmaster, publisearre in tal dichtbondels (1996: Ta de bonken úttekené) en oersettingen fan Yndiaanske dichters.
Yolande de Kok is berne op 17 juni 1960.
Geart fan der Mear (1944) is universitêr dosint bij de ôfdieling Ingelsk oan de RUG. Wie fan 1976 oant 1982 redakteur fan Trotwaer. Fan him binne twa dichtbondels ferskynd: Skûl bij Hanklit (Friese Pers, 1984) en Winterkriik (eigen behear, 1987). Dy lêste poerbêste bondel wie nei trije kear oanfreegjen gjin subsydzje foar te krijen, hoewol't it advys folslein posityf wie, dat sadwaande. Op in advertinsje yn Trotwaer kamen doedestiids presiis 0 bestellingen. Fan der Mear nimt dit de lêzers fan doe foar alle ivichheid kwea óf. Mar jim hoege gjin begrutsjen mei him te hawwen. Der binne noch mear dingen yn it libben. Hij fynt nei jierren net Frysk skreaun te hawwen dat in illindige taal mei al dy kapkes en streepkes boppe de fokalen. Dy moatte moarn noch ôfskaft wurde.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Anneke Reitsma (Pernatang Siantar, 1949) is dichter en essayist. Zij publiceerde de dichtbundels Wadlopen (1983), Overtocht (1990) en Wonen in het Avondland (1998). Zij schrijft regelmatig kritieken en beschouwingen over Nederlandse poëzie en is als vast medewerkster verbonden aan het tijdschrift Ons Erfdeel. In 1998 verscheen haar omvangrijke studie Een naam en ster als boegbeeld - de poëzie van Ida Gerhardt in symbolistisch perspectief. Een bundel met autobiografische schetsen is in voorbereiding.
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde foarich jier de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres.
Simen Veltman (1944) is útjouwer en learaar Nederlânsk en CKV1 yn Meppel; advisearret it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds en it Fonds voor de Letteren.