is Jabik Veenbaas sels as grut literatuerkenner, dy't wol wat oandoart en der sels net foar tebekskrillet om in romrofte polemikus en kultuerfilosoof as Lolle Nauta as in lyts jonkje yn 'e hoeke te setten. Derby is it produkt Veenbaas sûnder wryt of slyt. V. is tige humaan en o sa wiis en foarsichtich formulearjend. Hy wurdt net iens lilk as De Jong him op in minderweardige wize oanfalt troch ‘haatlikheden te fentilearjen’ en him in skriuwmof en in kultuerbarbaar neamt. O sa humaan fynt er yn dat rotstik fan De Jong noch ‘nijsgjirrige punten’.
No hawar dan. Wy moatte dy nijsgjirrige punten mar ris punt foar punt neigean om te bewizen dat V. syn proaza in reekgerdyn is om it fakuüm oan ‘experience’ yn syn brein te ferskûljen.
1. Veenbaas beweart: ‘ik tink [...] noch hieltyd dat Nauta ûngelyk hat mei syn stelling dat “yn dizze tiid de grutte keunstner him altyd [kursivearring fan V.] ynset foar de minske dy't lijt”, op hokker yngenieuze manear er dy stelling ek ferantwurdet.’
Ja, dêr kin men oer stride, mar myn krityk wie dat V. dy ‘yngenieuze manear’ fan Nauta folslein ferkeard werjoech. Nauta ferklearret it engaazjemint út 'e minsklike ûnmacht. As minske hat de skriuwer neat te kiezen. As konsekwinsje (= needsaaklik gefolch) identifisearret er him mei dy ûnmachtige minske. Dat is syn engaazjemint neffens Nauta. Dat is Nauta syn haadpunt, mar men siket der omdóch nei yn V. syn resinsje. As V. dat bestride woe, hie er it earst goed werjaan moatten. Veenbaas neamde yn syn resinsje it engaazjemint by Nauta sels in Sartriaansk engaazjemint, in engaazjemint dat útgiet fan 'e frije wil, krekt it tsjinoerstelde fan wat Nauta bedoelt. Ien bestride troch syn miening ferkeard wer te jaan is gjin keunst en grif gjin resinsje. V. fytst hjir de hinkstapsprong (om mei Josse de Haan te praten, want yn 'e tiid fan Gysbert Japicx wiene der noch gjin fytsen), mar ja, dat is hiel gewoan yn syn reklamejargon.
De konklúzje fan dit punt fan V is: ‘De moderne keunstner kin de ûnmacht ek fersmite [wat soe er oars dwaan, dy ferhearlikje? St.], hy kin de kant fan it libben kieze of [sic!] hy kin de kant fan de macht sjen litte [wêrom?] of sels befêstigje.’ De keunstner kin neffens V. dus de kant fan 'e macht (en de dea?) kieze. Wy kinne fan dizze resinsint noch wat ferwachtsje.
2. Wy komme by de psychologyske roman. Veenbaas beweart: ‘Miskien tsjut it begryp “psychologyske roman” au fond wat mear oan as allinne in romansjenre, en kinne we it suver brûke as oerkoepeljend begryp foar alle romans dy't, op hokfoar wize ek, in geastlike ûntjouwing ferbyldzje.’
Ik hie 't al tocht: V. brûkt syn amateuristysk djiptepsychologysk ynsicht as tomstôk foar goed en min yn 'e literatuer. De psychology hat, lykas alle wittenskippen in geweldige ûntjouwing trochmakke. Oft der in literatuerpsychology bestiet, wyt ik net, mar dat V. dy yn 'e holle hat, haw ik út syn skriuwsels noch net merkbite kinnen. Wy kinne dus noch hiel wat ôfkarde tsizen fan him ferwachtsje, omdat se net oan 'e beam groeiden.
3. Nauta syn resinsje fan Jelle de Jong syn bondel út 'e pas: ‘dizze poëtyske tizeboel’; ‘De iennige fraach dy't dizze bondel my stelt, is, hoe't it mûglik is, dat soks útjûn wurdt.’; ‘mar as Marten Brouwer yndie beweard hat, [...] dat Jelle de Jong de grutste Fryske dichter is fan nei 1945, dan is Marten Brouwer de