mooglike relaasjes tusken keunst, taal en literatuer, dat ik reewillich bin om sels de meast krebintige Trotwaerlêzer nei Easterwâlde en omkriten te skowen.
Binne der yn 'e literatuer soms skriuwers te finen dy't yn 'e krante oan harren publyk freegje wa't de haadpersoan fan syn/har nijste roman wurde sil, op hokker plakken it boek him ôfspylje moat en - last but not least - yn wat foar literêre kontekst it passe moat? Ik soe it net witte, mat ik moat der fuortendaliks by sizze dat soks yn de wat mear konseptuele byldzjende keunst gâns ienfâldiger leit. Want it kinne fragen wêze dy't in hiel oer doel as in literêre konstruksje tsjinje moatte.
Sa hat Allen Ruppersberg (Cleveland, Ohio, 1944) yn de Stellingwerver krante De Griffioen de neifolgjende enkête sette litten: Fraach 1. Wa is de wichtichste persoan fan de streek (no of eartiids)? Fraach 2. Wat wurdt sjoen as it wichtichste plak fan de streek? Fraach 3. Wat is it opfallendste (wichtichste) boek yn it Stellingwerfsk? It wie Ruppersberg yndie net om it ferhaal te dwaan, mar om in útstel gear te wurkjen mei syn publyk, om ‘mei-elkoar nei it ûnbekende byld fan Eaststellingwerf’ te sykjen.
No wol ik net alles oer dit ûnbekende byld fertelle, want wat ferburgen is, moatte de minsken sels mar sykje. Ik wol hjir allinnich ferklappe dat it publyk ‘De frijwilliger’ as wichtichste Stellingwerver oanwiisde, dat Een meenske is gien eerpel fan Johan Veenstra as belangrykste boek út 'e bus kaam en dat de Brink fan Easterwâlde de belangrykste lokaasje wie. Op nûmer twa kaam de iisbaan fan De Heule en op trije it geografyske middelpunt fan de gemeente.
Rupperberg hat op al dy trije plakken in plastyk sette litten dy't symboalysk mei-inoar ien byld foarmje en dy't in nij sintraal werkenningspunt fan de gemeente wurde kinne. Want dat miste hy wol hiel slim, doe't er mei it organisearjende komitee dizze kontrijen ferkende. Ruppersberg, dy't vn Amearika en Europa al in rike karriêre achter de rêch hat, jildt trouwens as in boekefetisjist; altyd op 'e siik nei kennis fan it ûnbekende ferhaal of it ûnbekende byld. Legindarysk binne syn kopiearprojekten. Sa hat er yn 'e jierren santich ris de folsleine tekst fan Oscar Wilde syn A Portrait of Dorian Gray neiskildere, in boek trouwens dat oer in ferburgen skilderij giet.
It meast suvere foarbyld fan in ‘sosjale skulptuer’ is de bydrage fan Georgina Starr (Leeds, Ingelân, 1968). Ek har wurk giet oer it deistige, de ferhalen, objekten en skiednissen, dy't wy yn ús holle bewarje om de wrâld te kennen. It giet har om erfaringen en bewustwurdingsprosessen by harsels en oaren. En ien fan har strategyen dêrby is om yn de hûd fan in nar te krûpen. Doe't se ferline jier twa wiken troch Eaststellingwerf fytste wie se ferbjustere troch de stilte en de rêst fan it lânskip, dy't se mar bedriigjend fûn. Har reaksje (as bern fan de stêd) wie: dit doocht net, dêr achter de fasade fan de bosk moat in skuorre wêze dy't trillet fan minsken dy't muzyk meitsje, dy't sjonge en dûnsje. En sa is se op 'e siik gien nei de lietskriuwers en popbands fan Eaststellingwerf, bands dy't der wis wol wiene mar dy't folslein yn it tsjuster libben. En no ha se mei-inoar songen, Georgina en de bands, in optreden yn de iepen loft hân en in CD produsearre: Popping up in Ooststellingwerf (A project for Ooststellingwerf by Georgina Starr).
Dêr't Georgina Starr as goede fee fan de jongerein it kulturele libben fan hjoed wekker skoddet, dêr siket de Brabander Sjaak Langenberg krekt nei it ferline, in ferline dat der wier west hat mar dat hy sa kleuret, dat doe