In strontmuseum foar boeren
Klaas Jansma
1. Tsientûzen stikken ark en reau by Kloppenburg yn Feankleaster, as oergong fan mei de hân nei achter 't hynder. Fierder boartersguod, tydskriften, húshâldlike dingen. Hy en de frou hawwe it yn fjirtich jier monomaan beskrept en sjogge no wrantelich hoe't it roastket en fergiet. It slotsje fan 'e freule koe der wol bylutsen wurde.
2. In âld pleatske yn Warten mei ynformaasje oer pleatsebou. Der is ek in earmhûs en der komt miskien in besikersakkommodaasje foar it Europeesk Natuerpark De Alde Feanen, en dan is it logysk... No ja, wat is hjir logysk oan? Dat de twa grutste besteande ynstellings (1 en 3) dit wolle, is foar amtners fansels gjin argumint.
3. In museumpleats mei yn 'e omkriten in samling âldheden en keunst: ta stien en kleur bestjurre dreamen fan Yde Schakel en Jopie Huisman tusken Eksmoarre en Skuzum. Der stiet foar in fermogen oan nijmakke âld en âldmakke nij en de tsjoen fan Eelkje de Boer, Venus op jierren, hinget oeral oer.
4. In otterfokkerij by Ljouwert. As dy roppige rôfdieren aanst yn 'e Alde Feanen útset binne, stjerre se of libje se. Yn beide gefallen kin Addy de Jong oars omsjen. In eintsje fierderop is it eardere bedriuw fan 'e Tamminga's in bcrnebuorkerij wurden. It kwinende natuermuseum kin ferplealst wurde. Miskien komt Aeolus der noch by. En it is deun by de Griene Stjer, dêr't homo's en hetero's mei kapokjes op 't fokken oefenje.
5. Hessel Bouma yn Skuzum of Thom de Groot by Grou, beide biologysk út dwersens, dêr't wiet en droech, knip en klyn oer elkoar hinne skowe. Hat de praktyk der ek noch wat oan.
6. In toeristeplak mei romte, dêr't it no al drok is. Skier, Langwar, Bakkefean of Appelskea. Dan komme der yn alle gefallen minsken en kin it gau út.
Amtners hoege gjin doel oer musea, bibleteken, Fryske media of taalstriid te hawwen, as se mar draachflakken fine. Sa wurdt yn Fryslân kediisd oer it plak fan ien museum oer de skiednis fan it Fryske boerebestean. Dy foarsjenning moat it gat opfolje dat ûntstien is by it Fries Museum. Men kin op 't lêst net alles yn kelders en op souders weistopje.
Nederlân tilt op fan 'e agraryske museale objekten, sels no't it yn Bargercompas en Orvelte wat tsjinsit en de nachtmerje Walibi Flevo in swiete polderboeredream by Zeewolde fersteurd hat. It hiele jier troch binne rûnom demonstraasjes mei âld reau. Der is ien grut en goed fasiliteard Openluchtmuseum, yn Arnhim, dêr't alles te finen is. Dêr kinne jo pleatsen, in bûterfabryk (Frija, út Feanwâlden!), ark en fee besjen, en der is om 'e wike wol wat te reden.
Dat der yn Fryslân op 't heden nochris trije besteande lânboumusea yn 'e striid binne, njonken âld gewaaks yn Eastermar en kij yn Aldemardum en flaaielfeesten yn Nijehoarne en seineharjen yn Surhuzum en bernebuorkerijen yn Drachten en Ljouwert en Stiens, komt fan 'e VUT. Der komme te folle âldere minsken mei frije tiid en der wurdt te min opromme. Alles wurdt mar fan wearde achte, oant houtene harken en izeren heafoarken ta.