Lêzers (5)
As literêr lêzer besykje ik myn wrâldbyld mear foarm te jaan. It giet by my yn it earste plak om de fraach: hoe sit de wrâld yn inoar en hoe is dat histoarysk sa kommen? Hjir blykt al út dat myn foarkar leit by de non-fiktive literatuer. Sa haw ik dizze simmer mei in soad wille De besleine spegel fan Fedde Schurer lêzen. Dat boek giet oer in part fan de Fryske skiednis dêr't ik in dizich byld fan hie. Schurer hat der sa oer skreaun dat ik tocht: ‘Ja, sa sil it west ha.’ In histoaryske roman as Elbrich fan Ype Poortinga hat myn byld fan Fryslân ek tige foarme. Trouwens net allinne it byld fan it ferline.
Op 't heden wol ik in soad witte oer Fryslân. Yn it ferline haw ik perioaden hân dat ik bygelyks in protte witte woe fan de wapenwedrin tusken Navo en Warschaupakt, fan keunstskiednis, fan filosofy en fan fûgels. Ik lês der dan sa lang oer oant ik tink: ‘No wit ik der genôch fan.’ Op dat stuit hat it tema in foldwaande ôfrûne plak yn myn wrâldbyld fûn. Dêrby fiel ik my fierders in generalist.
Ik haw by it lêzen wol it betinken dat myn wrâldbyld subjektyf fan kleur bliuwe sil, mar troch de ûnderfinings en ynsichten fan oaren kin it dochs konkreter en objektiver wurde. Hoe objektyf? Dat bliuwt in fraach, mar it wurk fan oaren kin dochs in grut hâldfêst en foarbyld wêze en soks stimulearret.
Jan de Jong