Jorwerter musical docht ferhaal wat tekoart
Piter Terpstra
In goed ferhaal komt it meast ta syn rjocht as it lêzen en ferteld wurdt. Allinne yllustraasjes al beynfloedzje de lêzer; hy sjocht oare minsken en lânskippen as er foar eagen hân hie as er allinne op de skriuwer, de ferteller, oanwiisd wie.
In ferfilming liet him noch fierder fan it oarspronklike ferhaal ôf. Oare keunstners as de skriuwer, benammen de bewurker en de regisseur, hawwe har it ferhaal taeigene en brûke it foar in produksje mei in eigen, soms spektakulêre fisy, dy't rekken hâldt mei tûzenen, soms miljoenen, dy't nei de bioskoop komme. Foar dy't it ferfilme boek net lêzen hawwe is dat net sa slim want der binne út it oarspronklike gegeven wei faak prachtige films untstien. Dy't it boek al kenne krije lykwols hiel wat oars foar eagen as wat se har by it lêzen ynlibbe hawwe. Dus moatte se har fermoedsoenje mei wat der yn prachtige bylden en op in breed publyk berekkene effekten oan tafoege wurdt.
Sawol fergelike mei de roman as mei de film hat benammen de musical syn beheiningen. Dy moat it hawwe fan de muzyk, de koaren, de solisten en de massasênes, dy't in grut part fan de produksje yn beslach nimme. Foar it oerbringen fan it oarspronklike ferhaal bliuwt dan in beheinde romte oer.
Dat is ek dudlik it gefal mei de musical Zorbá, dêr't fan 31 augustus ôf yn de notaristún fan Jorwert in rige opfieringen fan jûn is. It ferneamde boek fan Nikos Kazantzákis is lang ferlyn al ferfilme en neitiid mannich kear op de televyzje útstjoerd. Yn dy foarm is it dus tige bekend wurden. It hat letter Joseph Stein ynspirearre ta in musical en earder as yn it Nederlânsk is dy no yn it Frysk spile. Dat is op himsels al in komplimint wurdich; it bewiist wer dat it iepenloftspul der in ferrassend repertoire hat.
De ûndernimmende âldlearaar mei deselde foarnamme as de skriuwer reizget yn it ferhaal nei Kreta, dêr't er besykje wol om in troch him urven âlde myn, dêr't neat mear mei bart, yn eksploitaasje te bringen. Yn in kafee yn Piraeus tsjinnet de frijmoedige Zorbá, dy't der grutsk op is dat er yn alle silen mak is, himsels oan as reisgenoat en meiwurker. Nikos lit him der hast fan oertsjûgje dat dizze Zorbá ûnmisber foar him is en sa meitsje se tegearre de oerstek nei it eilân.
Op Kreta blykt de sjarmeur in grut dûnser te wêzen, mar it jild dat er meikrijt om materiaal foar de myn oan te skaffen jaget er der troch. Hy brekt de herten fan froulju, benammen dat fan de Frânske pensjonhâldster Hortense, dy't er mear foarspegelt as er wier meitsje kin. By alle tsjinslach bliuwe Nikos en Zorbá grutte maten.
Tsjin it tige funksjonele en fernimstige dekor fan Beb Mulder spilet him in lange rige fan wikseljende taferielen ôf mei kafeesênes, in libben doarpsplein, in stel admiraals, in prosesje, in búkdûnseres en sels in moardsêne. Muzyk, sjongen en spyljen binne fan in nivo dat men fan hiel goede amateurs ferwachtsje kin.
Douwe de Bildt is de lêste jierren hieltyd de stjer fan de ploech en de tige persoanlike ynfolling fan syn rol as Zorbá mei priizge wurde. Hy wurdt diskear mar troch ien foarbystribbe: de mei in moaie sjongstim bejeftige Hinke Wolthuizen, dy't de oerdwealske en