Altyd wat!
Tr. Riemersma
Provinsjalisme
Ien fan 'e bjusterbaarlikste resinsjes dy't ik ea lêzen ha, is E.B. Folkertsma syn besprek fan Djoke Weening har Pleisterplakken. Ik sitearje in pear eintsjes: ‘Fan taal en styl is Pleisterplakken like ienfâldich as syn foargonger, dat foar in grutte mannichte lest it tige flot. De skriuwster wit l'an oanmeitsjen, hat de gong der fiks en fleurich ûnder, en lit hiel wat barre, it iene al rêder as it oare. En tempo en aksje, dat binne krekt de dingen, dy't de folkslêzer oansteane. [...] Dat it derby mei de sfeartekening koart en flechtich oan 'e hoeke giet, dat fan 'e karakterútbylding fan 'e persoanen it measte net komt en dat de behanneling fan 'e problemen einliken sa ûnproblematysk mooglik bart, is foar it grutte gros fan 'e lêzers hielendal gjin beswier. Sokke dingen binne har wol goed. Harren giet it bleat om it ferhaal: wat der ferteld wurdt, en hoe. Hat it ûnderwerp har niget en is de trant fan fertellen nijsgjirrich, spannend en aktyf, dan fine hja it in moai boek en hawwe fan it oare, wàt der ek oan ûntbrekke mei, net it minste lêst.’ (De Stim fan Fryslàn, 3/10/58).
Bjusterbaarlik neam ik dy resinsje, om't Folkertsma de lekken en brekken fan dy roman - dy't er neffens de kritearia fan 'e wat mear easkjende lêzer hat - omwurdearret ta deugden út it sicht fan 'e ‘folkslêzer’ wei. In min boek en sadwaande foar de sljochtweihinne lêzer in prima boek.
It is gjin gekoanstekken fan 'e sljochtweihinne lêzer. It is ek gjin slach yn 'e snút fan 'e skriuwer dy't syn bêst docht op 'e karakterútbylding en in serieuze behandeling fan problemen. Alteast sa is it net bedoeld. Folkertsma giet der fan út dat der twa soarten lêzers binne, de ‘folkslêzers’ en de ‘literêre lêzers’. Dat binne foar him lykweardige en lykberjochtige groepen, dy't beide rjocht fan bestean hawwe. Foar beide kategoryen moatte boeken skreaun wurde en dy easkje in eigen, aparte krityske begelieding. Dy fyzje laat ta de opfetting dat der twa folslein ferskillende literère sirkwys bestanne. - Folkertsma wie ien fan 'e skerpsinnichste en folhâldendste ferdigeners fan dit literêre twastreamelân.
It liket my ta, it is in utering fan provinsjalisme, dit besykjen om de lêzers fan troch de offisjele krityk minderweardich achte literatuer, sis mar de flutlêzers, op te wurdearjen ta ‘folkslêzers’. Yn in lytse kultuer kin men gjin grutte parten publyk ôfskriuwe as weardefolle keunstkonsuminten, mar moat men krekt oarsom safolle mooglik lêzers oer de kulturele grins lûke. Yn itselde konsept past it om de skriuwers dy't serieuze literatuer skriuwe wolle en har dêrby ôfsette tsjin 'e flutliteratuer werom te fluitsjen. Fansels hat in mear anspruchsvolle literatuer reden fan bestean, mar de skriuwers meie har net sa slim ôfsette tsjin 'e midsmjittige publykssmaak dat de bân mei de kliber trochsnijd wurdt. Gesellich meiinoar yn 'e midden kin as motto fan dit provinsjalisme jilde.
It konsept fan in folksliteratuer as legitym literatuerskift foar de ‘folkslêzers’ leaut langer gjin mins mear oan. Dochs heart men iderkear noch lûden dy't ferkundigje dat beskate skriuwers ‘te dreech’ of sels ‘te elitêr’ binne. Kin soks yn in grutte kultuer gjin kwea, yn 'e lytse moat eins elkenien foar elkenien skriuwe. Wat soks yn 'e praktyk betsjut of betsjutte moat, is lykwols net sa dúdlik.
Folkertsma wie dêr yn alle gefallen wol dúdlik oer, sa dúdlik dat men tinkt: man, hoe krije jo it yn 'e plasse!