Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 393]
| |
Mei nei de oare ieu
| |
[pagina 394]
| |
fjouwer fan de Fryske media besprutsen. It earst troch Tjitte Piebenga yn de Fryske edysje fan it deiblêd Het Vrije Volk (25 febrewaarje). Hij freget him ôf at it noch wol doel hat om âlde kwestjes op te ikkerjen, mar is alles bijelkoar frij entûsjast: ‘Het lijkt me toe, dat Wadman, vooral in zijn polemische stukken, bondiger formuleert en dat het hem beslist niet ontbreekt aan humor. In zijn Kritysk Konfoai en in De Teannewâdder was die humor er al wel, maar hier pas breekt die volledig door. Ja, ik heb veel plezier beleefd met Mei Abraham fustkje. Om mij mag het een bestseller worden.’ De Ljouwerter Krante folget op 3 maart mei in nei foarm (in ienkolommerke yn de rubryk ‘boeken’, dus net op de literêre side) en ynhâld wat sunich besprek fan Marten Sikkema: ‘Anne Wadman hat in kar dien út skôgings en krityk dy't er levere hat yn “De Tsjerne”, yn syn eigen bledtsje “De Teannewâdder”, foar de RONO ensfh. en jowt dêr al gauris syn bitinken fan hjoeddedei oer. Op sa'n wize komme wy better yn 'e kunde mei persoanen, forskynsels, publikaesjes fan de lêste tritich jier. Dêrom allinnich al is dit boek wichtich foar hwa't niget hat oan dy perioade, al sil er derby bitinke moatte, dat it allegearre almeast ta Fryslân biheind bliuwt en dat it hjir faken om in tige persoanlike visy giet.’ Yn it maartnûmer fan it moanneblêd De Strikel is Freark Dam gâns royaler: ‘Authentisiteit, oproppen troch in sterke persoanlike ynset, biskiedt ek de kwaliteit en de charme fan de ècht-biografyske bydragen dy't boppedat foar my alteast de sfear fan de tritiger jierren ûnforgonklik oerbringe.’ Hij priizget fierders it sterk dokumintêre karakter fan it boek - ‘net yn it lêste plak troch de konfrontaesje mei “Drie Vrienden”, alle trije al forstoarn: Fedde Schurer, E.B. Folkertsma en Jan Piebenga’ - en beslút syn resinsje mei te sizzen: ‘omdat wy yn Anne Wadman ien fan de weinige skriuwers hawwe dy't har dingen dogge net by de graesje fan it fonkje fan de dichterlike ynspiraesje mar fan de flam fan de erudysje en talint sil “Mei Abraham fûstkje” yn elk gefal lêzen wurde moatte troch elk dy't yn Frysk-literaire saken yn ús dagen in krom meitinke, -prate en byneed -skriuwe wol.’ Hiele oare taal as yn it junynûmer fan De Stim fan Fryslân, it protestantsk-kristlike Bewegingsblêd: ‘Hwa fielt oanstriid om, as hy fyftich jier wurden is, in boek oer himsels to skriuwen? Jo en ik miskien net, mar it wurdt oars as jo Anne Wadman hjitte, en maklik skriuwe (nou ja, sjuch side 82), en der nocht oan hawwe alle innen en oanen en ynen en uten op papier te setten en der ek noch frij foar hawwe. Der moat dan as fjirde ingrediënt noch in masochistysk-narcistyske krupsje by (rare wurden net fan my, mar de eigen diagnose fan A.W. sels, sjuch side 197) en dan krije jo in boek as dit: in gearmjuksel fan in eigen libbensbiskriuwing mei skoallefoto, âlderlik hûs en famyljeportretten, it opheljen fan kennelik âld sear: hwerom “De reade roas” gjin Rely-priis krige, hwerom as A.W. út de Tsjerne-redaksje gie en sa mear.’ It koarte, anonime besprek beslút mei: ‘Dus in nijsgjirrich boek. Dus in protte argewaesje - en in protte ynstemming.’ Gjin resinsjes dus yn it Frysk Deiblêd en de trije, gloednije literêre tydskriften: Trotwaer, Sonde en Alternatyf. Foar dy lêsten hat Wadman wol in ferklearring: ‘Ik haw de yndruk. dat de lêste tiid - der binne wol tydskriften genôch - mar dat der oan in soarte fan registraesje, rubrisearring, sammeling fan gegevens net folle mear dien wurdt. Der wurdt allinnich resinsearre hwat tafallich de minsken ynteressearret en hwat se foar har | |
[pagina 395]
| |
krije. By De Tsjerne [redakteur fan 1946-53] hienen wy noch it prinsipe dat alles hwat útkaem ek sa'n bytsje registrearre wurde moast. Dat wie in poadium, dat is der no net mear. Ik leau dat it publyk der ek gjin forlet mear fan hat.’
Simmer 1972. Ik sit yn myn twadde Fryskliterêre learjier. Lês Mei Abraham fûstkje en fyn it prachtich. In magistrale miks fan kommentaar en polemyk, krityk en selskrityk, proaza en poëzy, refleksje en memoires. Persoanlik en iepenhertich, saaklik en iroanysk fan toan. In bettere learmaster en in meinimmender learboek hie 'k my net winskje kinnen. Sa't er it literêre klimaat fan nei de oarloch sketst, foaroanmannen as Folkertsma, Piebenga en Schurer te plak set, syn eigen
De presintaasjefan Mei Abraham fûstkje yn it geboufan de iepenbiere ulo-skoalle oan 'e Hurddraversdyk op 'e Jouwer, dêr't twa âld-learlingen it boek besjogge: de skriuwer en Jan Veenstra, waarnimmend direkteur fan Utjouwerij Laverman. (foto argyf FLMD/Johan Witteveen 1969)
wurk hifket en dêrmei in selsportret jout - bygl. yn in stik oer Schurer: ‘hy waerd net frustrearre troch selskrityk en selswantrouwen; hy koe dêrtroch syn eigen boartsjen yn alle earnst opnimme.’ - dêr komt net ien oars oan ta. Ik bin ferkocht. Wie 'k al in bewûnderer fan dizze skriuwer, no bin 'k in fan. [En dat bin ik bleaun, ek al ha 'k it yn febrewaarje 1983 foargoed bij myn idoal bedoarn troch yn De Strikel wat te sizzen oer de autobiografyske kanten yn it wurk fan Hylkje Goïnga, de frou dy't yn 1981 bij him weigie. Wadman drige mei in proses en woe net ha dat syn namme oait noch yn dat ferspijde tydskrift neamd waard.Ga naar eind2.]
1970/1996. Wadman syn boek is foar mear minsken in iepenbiering: ‘Doe't ik yn 1970 út | |
[pagina 396]
| |
Haarlim wei weromkaam yn it heitelân, mei it fêst foarnimmen my alhiel op it Frysk te smiten, wie syn “Mei Abraham fûstkje” krekt ferskynd. Ik hie my doe, foar de algemiene oriïntaasje, fêstbiten yn 'e samle essays fan Folkertsma - je moatte dochs earne begjinne. De “Abraham” fan Wadman kletste my út de ynbannich mytyske sfear wei yn ien kear yn it folle libben. Hjir spruts ien Frysk sûnder reserves oer himsels, syn tebeksetten, syn pikelsûnden. [-] Foar de details ferwiis ik jerne nei it boek sels, dêr't oars noadich in nijstavere útjefte fan komme moat.’ (Piter Yedema yn de LC fan 7 juny 1996)
1997. ‘No't der plannen binne om Fedde Schurer syn autobiografy “De bisleinen spegel” út te bringen yn de rige Fryske Klassiken, woe 'k de redaksje fan dy rige ek Anne's Abraham fan herten oanrikkemandearje.’ (Pieter de Groot yn de LC fan 14 febrewaarje 1997)
Simmer 1999. Ik lês Mei Abraham fûstkje foar de twadde kear wer helendal en bin op 'e nij ûnder de yndruk fan Wadman syn erudysje en skerpsinnigens, mar ner sasear mear fan de persoanlike kanten fan syn ferhaal. Dy lykje my no ôfstanliker, minder iepenhertich ta. Ja, syn jeugdoantinkens bliuwe yntym en boeiend, mar wêrom hâldt er dêr foar de HBS-tiid mei op? Wêrom lêze wy niks bûten-literêrs oer syn studintetiid, syn wurk as learaar, syn deistich libben, syn leafdes, syn lok en syn lijen? Net helendal earlik, sokke krityk, want ein sechstiger jierren wie it boek troch it persoanlike en iepenhertige karakter al taboetrochbrekkend genôch. Boppedat bin ik net ûntkommen oan in fergeliking mei Het verkoolde alfabet. Dagboek 1990-1991 fan Paul de Wispelaere, dat ik krekt lêzen ha, tagelyk mei syn sterk autobiografyske (brieve)romans Mijn huis is nergens meer en Brieven uit Nergenshuizen. It haadtema fan De Wispelaere is it oantinken en it langstme, ‘de herinnering aan het verlangen, en het verlangen naar de herinnering’ (s. 194), tegearre mei it âlder wurden (mei in jongere frou oan je side). Mei ynstimming sitearret er Cees Nooteboom: ‘Wat herinner je je? Vandaag de dag herinner je je weer andere dingen dan twee jaar geleden. In iedere levensfase beoordeel je het verleden anders. Er treedt een zekere vervalsing op. En in die vervalsing moet je verder leven.’ (s. 234) Dy - weemoedige - relativearring ûntbrekt yn Mei Abraham fûstkje. Wadman komt wat dat oangiet net fierder as: ‘as it my net mist’. Faaks hie dat oars rûn at hy oan in ferfolch op syn ‘memoires’ takommen wie. Dan hied er grif ek dat oare tema fan De Wispelaere oppakt, it âlder wurden. Dat is der - spitichgenôch - net mear fan kommen. Reden te mear om syn Abraham mei te nimmen nei de oare ieu, as masterwurk fan ien fan ús belangrykste tweintichste-ieuske skriuwers en as stimulearjende gids foar de Fryske literatuer fan de earste desennia nei de oarloch. |
|