fersen lykje wol serieus te nimmen. Oan 'e oare kant, altyd dy see en dat salt en dat fjoer en dat sulver, dy oer jin rûgeljende bylden dy't in grutte en djippe ynhâld suggerearje... Faaks wurdt alles ús nochris ferklearre, sa't dat yn in grut taalgebiet as it Ingelsk giet, dêr't men in akademyske karriêre bouwe kin op it ferklearjen fan tsjustere poëzij. Mar oft it Frysk dat bekostigje kin? Mar goed, wat moat ik hjir fierders fan sizze. Moat ik sizze dat Hettinga net slagget yn it kommunisearjen mei de lêzer, yn dit gefal GfdM? Of is it krekt oarsom? Of hawwe beide skuld...? Ja, dy byldspraak dy't jin bij elke rigel achterfolget. Op s. 18 (‘Hotelkeamer’) is der sprake fan ‘de dubelde glêzen om de / Liuwekûle fan 'e stêd de bek te binen’. Op himsels te begripen, de dûbele ruten hâlde it kabaal fan de stêd buten, mar in liuwekûle mei in bek dy't bun wurdt? In liuw hat in bek, in kûle net, en in byld dat in kûle in bek jout soe fansels noch wol kinne, mar in liuwekule lit mij net yn it foarste plak tinke oan lawaai, earder oan gefaar fan in oare soarte. It probleem sit him dus yn de assosjaasjes mei liuwekûle en dêrom spoart dat byld net goed. Mar goed, dit is noch benei te kommen, al fynt men it faaks net sa slagge. De oersetter hat blykber deselde problemen hân as ik, en komt mei in oersetting dy't op in logyske analyze liket: ‘double glazing, to bring silence / To the lion's den of the yawning city’. Silence dus, net ‘de bek bine’. In nij elemint is dêr ‘the yawning city’.
Dan wurdt der hlykber frijd yn de hotelkeamer (tink ik), en wij lêze: ‘Dat it inkeld blydskip wêze soe om te kommen / Yn de glimmende mulpunten fan har rôfsucht, / Myn ûntwikkeling fan hûden oant op it kniersbien, / Fiolette drift dy't ôf de ferbannen ropt;’. Ik begryp it meartal fan ‘mulpunten’ net en Brockway blykber ek net, want dy hat ‘shining centre of her lust for loot’. En it eventuele dûbelsinnige ‘om te kommen / Yn’ (fan omkomme = ‘stjerre’ of oars komme yn) is yn it Ingelsk inkeld ‘to come into’ en mist dus de dûbele lading. Brockway hat it lykwols dochs wol trochsjoen, want nei ‘lust for loot’ folget noch ‘and be / Gone’, wat wol hiel wat swakker is as omkomme yn de sin fan ‘stjerre’. En dy ûntwikkeling fan hûden is mij tsjuster. It Ingelsk is hjir beheinder yn syn betsjutting: ‘my skin's evolution’, wat faaks in mooglikheid is. Brockway hat ‘passion that tears away from its bonds’, wat wêze moatte soe ‘that tears off its bonds’.
Faaks is ‘De blauwe hauk fan Wales’ noch it meast slagge, en dan witte wij ek direkt wêr't in part fan de ynfloeden fan Hettinga weikomt. Dylan Thomas is ek net altyd like helder. Ik freegje mij hjir ôf oft ‘it wâld fan molke’ hjir net slacht op it harkspul Under Milkwood. Brockway fûn blykber fan net, want de oersetting is ‘the wood of milk’, whatever that may mean. De beskriuwing fan de gleonhjitte simmerdei komt aardich op jin oer, mar ek hjir giet de taal op 'e rin mei Hettinga. Ik lês hoe't er fan syn ‘nútbrune boerefaam’ (ba, hjir kin ik eins net oer...) seit: ‘do bringst my - dy't dyn bringst is - nei it tsjerkhôf / tsjin de heuvel’. Ek hjir seit GfdM: ‘ba, wat in flau wurdspultsje mei dat bringst’. Of bin ik hjir de iennige? Brockway koe hjir fansels neat mei, en komt mei ‘You lead me - all of you - to the churchyard’, wat ryklik fan de tekst ôfwykt, mar ja wat moast er oars. Mar wêrom wurdt ‘twa tongen falle yn 'e slach en taal flechtet / Nei de njonkenskikkende sinnen fan 'e hanneling’ yn it Ingelsk ‘subordinate sentences’? Hjir liket ek in frijpartij beskreaun te wêzen, en ‘sinnen’ slacht dan ek net allinne op wat taalkundichs mar ek op wat lichaamliks: twa lichems neistinoar