Lêzers (2)
Je zoekt als lezer iets wat je niet uit jezelf produceert, maar wat je wel als fundamenteel ervaart, en waarvan je weet: dit zou ik nooit zo kunnen zeggen.
J.J. Oversteegen yn Etalage (1999)
In stellige útspraak foar in twifelder; dy't it - dus - ek noait sa sizze kinne soe, fansels. Ommers: ‘Manchmal bin ich nicht mehr meiner Meinung’, sa't sels Wolf Biermann al sei. Mar ek: ‘Sis noait, noait!’
Ik tink dat ik as lêzer net altiten sykje. Ik wol ek wol ferrast wurde. Faken troch it werkennen fan in eigen fielen of erfaring en dan de fer- en bewûndering om it yn wurden werjaan dêrfan troch in oar. En dat it dan sa fanselssprekkend is, datst witst: Ja, sa ís dat; sa moat dat sein wurde.
Om't dat it skaaimerk is foar myn literatuer, is it net te dwaan en neam de skriuwer(s) dêr't je dat by fine - Boon of Brolsma, Frisch of Friedman, Nijhoff of Mailer, Rilke of Riemersma, Wadman of Walser? Jo sizze it mar... Sels yn fersen en ferhalen dy't je oars net sa fol(le)dogge, kinne hiele treffende rigels foarkomme.
Ik lit it hjir by in earste en in lêste erfaring.
Doe't ik yn 4HBS (B!) foar it earst mei fersen te set ‘moast’, fun ik dat eins mar tiid fergriemen. Oant ik yn in fers lies, dat in dichter (Adriaan Morriën) mei wurden, dy't iksels noait sa brûke soe, hiel presys werjoech, wat ik tocht dat doe allinne mar myn tige persoanlike gefoelens wiene. Hoe-koe-dat-no?
En krektlyn lies ik yn Marcel fan Erwin Mortier it ‘Verdriet van België’ noch ris; op in oare, hiel yntime wize. Dêryn steane rigels, dêr't ik fan fyn: Ja sá en net oars moa(s)t it sein wurde!
Frâns Holwerda