hert, dat noch behearske waard troch rou, wat lichter as ik har foar my út rinnen seach. Se lieken sels wol skiep, mei har wyt kroljend hier, al hienen skiep der fansels gjin flechtsjes yn. ‘Do joechst my sa'n tsjinstridige yndruk,’ soe Alma my letter sizzen. ‘Do mei dyn learen jas en dyn learzens en dan gjin Rottweiler by dy, mar dy sjike hûnen. Dêr bist hielendal gjin type foar.
Mar wat wol dat sizze: in type foar keningspoedels? Betsjut dat net gewoan dat in protte minsken poedels sa ûngewoan besjogge dat se tinke dat allinne in spesjaal type minsken poedels nimt? Beppe Antsje moat betovere west ha doe't sy keningspoedels boartsjen seach yn in sirkus, dêr't sy mei pake Sjoerd west hie, yn in tiid dat in sirkus noch wat hiel spesjaals wie. Net de tigers hienen foar har it hichtepunt west en ek net de akrobaten, mar de wite hûnen mar it hier yn twa flechtsjes: heal famke, heal hûn.
Myn earste ympresje fan Alma wie ek tsjinstridich. Se lei te lêzen, yn in tydskrift of in roman tocht ik, mar doe't ik tichter by wie, seach ik dat it de bibel wie. Se wie der hielendal gjin type foar, mei har sportive klean en har golle laits. Mar wa is wol in type om de bibel mei te nimmen nei de seedyk?
‘Ik bin it lijensferhaal oan it lêzen,’ sei se. ‘Hoe't dy minsken it sa slim funen dat har freon dea wie, dat sy sels tochten dat hy wer by har wie.’
‘It skynt dat sy him seagen.’
‘Fansels. Guon minsken sjogge de lju dêr't se fan hâlde as dy dea binne. De deaden binne by ús as in hallusinaasje fan de rou.’
Myn hert begûn hurd te klopjen. Ik rôp de hûnen, dy't yn it wetter oan it boartsjen wienen. Ik woe net tinke oan beppe Antsje as oan in hallusinaasje. Ik wie der wis fan dat sy der wier west hie. As sy in hallusinaasje west hie, hie ik har net op in fyts sjoen. Ik woe wer fierder gean, want wat hat in frou yn in learen jas en learzens fan dwaan mei in frou dy't de bibel meinimt nei it Waad? Miskien soe sy der alle dagen in stikje út lêze, mei útsûndering fan it Heechliet en it stik fan it Nylhoars út it boek fan Job. Mar doe't ik fuortrûn rûn sy mei. En sy frege my om tegearre wat te drinken yn it earste kafee oan 'e dyk. Salang hie ik gjin frou leafhân en sa swier wie myn hert fanwegen de rou, dat ik bliid wie mei har selskip. Om't ik net oer de rou prate woe en net oer de bibel, prate ik oer de hûnen. ‘toska is seis jier âld, mar dy boartet noch like graach as Toby,’ sei ik.
Sy fertelde oer har etaazje yn Amsterdam, dêr't se allinne wylde mûzen hie en oer de kat fan har âlden, dy't sy sa graach ris meinimme soe. Se wie noch mar seisentweintich en se hie noch mar ien freondinne hân; dy wie no mei fakânsje yn Toskane.