Tegels
Meinou P.
Mei koarten is it wer sa fier: Stichting It Fryske Boek slút de Sutelaksje ôf mei in manifestaasje op it Frânske Pleintsje yn Drachten, dat fersierd mei Fryske flachjes en in pear keale diskes mei Fryske boeken der Frysker útsjocht as men betinke kin.
Alle jierren op de earste sneon fan de hjerstfakânsje galmet itselde muzykgroepke Fryske teksten oer de Drachtster winkelstrjitten en smarre - foar it each - deselde Fryske skriuwers har produkten de argeleaze foarbygongers oan.
‘Mefrou, dit is krekt wat foar jo!’ ropt in debutante fan goed fyftich tsjin in passante. Se hâldt har krekt ferskynde damesroman omheech en de frou, dy't Frysk genôch is om te witten dat se de skriuwster fan it bedoelde boek foar har hat, weaget it net en rin troch.
Efkes letter rint se mei in pakje ûnder de earm fuort en betinkt dan beskamme dat it hielendal net in boek is dat se ea keapje wollen hie. Se makket foar harsels de ferliking mei de skuonferkeaper dy't niis mei de meast huorrige learskes oansetten kaam dy't er yn syn winkel fine koe. No ja, hy sei noch krekt net dat it like dat se foar har makke wienen en yn alle gefallen hie er se net sels fabrisearre, dat doe hie se teminsten mei goed fatsoen sizze kinnen dat hy him yn har smaak fersinde. Dat hie se mei it boek net oer de tonge krije kinnen. Hawar, it is de kommende moanne muoike Tet har jierdei en se is der wis fan dat se dy bliid makket mei dit kadootsje.
De skriuwers litte foar dy dei har bôletrompke thús. Sa minge achter de grutte beam yn de midden fan it ferkeapplak stikem har kofje mei beerenburch en dêr komt har neat fan oer: se krije in miel iten yn kafee Marktzicht. Grouwe earte mei spek. Middeis om tolve oere. En oan de ein fan de dei binne der noch broadsjes mei skinke of mei tsiis. De direkteur fan de stifting lit dan yn krekt deselde wurden as de foarôfgeande jierren witte dat der wér mear ferkoft is.
De muzyk, dy't him ûnderwilens ek ferpleatst hat nei it kafee spilet noch efkes in fersyknûmer foar Trinus: Pyng-pierewyng, dat se no einliks ris spylje kinne en dan is it wer foarby. De Fryske skriuwers geane foldien nei hûs ta en It Fryske Boek kin it wer wat kalmer oan dwaan.
Iloecht der dan noait wat te feroarjen? Nee, dus. Want der is nimmen dy't net tefreden wêze kin. Alle jierren wer is it de hiele dei swart fan de minsken op dat pleintsje en de ferkeapsifers binne hieltyd heger. Dan soe men dochs net wiis wêze en set alles op 'e kop? Men moat allinne akseptearje dat de Fryske skriuwerij tichter stiet by de regionale folkloare as by de wrâldliteratuer.
En wês no earlik, as jo yn 'e fakânsje yn Bretagne op sa'n boekemerk fersyld reitsje mei orizjinele Bretonske libbene muzyk en skriuwers dy't har it hert út it liif sjonge dan geane jo dochs ek net mei lege hannen nei hûs?