Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 389]
| |
Dêr jinsen yn Súd-Afrika, dêr stride se foar 't rjocht!
| |
[pagina 390]
| |
Arme vrouwen en kinderen
Stuurt men naar de moordenaarskampen henen:
0, wat een schande, Lage wraak van Engeland!Ga naar eind2.
Dat der by einbeslút, foarsafier't ik neigean kin, mar sa'n bytsje fan hingjen bleaun is yn ús folkslibben en ús mienskiplik ûnthâld, soe wolris taskreaun wurde kinne oan twa omstannichheden. De earste is de politike ûntjouwing nei de lêste Boere-oarloch yn Súd-Afrika sels dy't nei de oerwinning fan de Ingelsen foar de Boeren wol minder útpakke kind hie. De twadde is te sykjen yn de ûntjouwing fan de ynternasjonale polityk dy't útrûn op de Earste Wrâldoarloch dêr't eardere konflikten en grouwelstikken by yn it skaad foelen. Sa net - Súd-Afrika en syn Boeren hawwe noch lang op ús folkssentimint ynwurke. Dêrom lies ik by it opgroeien letter ek mei wat fan herkenning it ferneamde fers fan Gerard den Brabander (1900-1968):
Ik, kleine slaaf van poëzie en taal,
mij was ter borst de eerste melk al schraal,
zó droef, zó dun klonk 't moedermonds verhaal,
waar het kanon in doorklonk van Transvaal,
en zó vol tranen was het kleine lied
van bruut verraad en simpel boers verdriet,
dat, wat mij voedde, woord en melk en brood,
dit àl doortrokken was van dood en dood.Ga naar eind3.
No ja - sa slim hie ik it dus mei ‘woord en melk en brood’ net troffen (krekt oarsom, mei 'k wol sizze), mar dat der mear memmen west hawwe dy't har bern de Transfaallieten besocht hawwe troch te jaan sjoch ik dochs as bewiis foar myn stelling hoe't dy no lang fergetten oarloch, in ieu lyn begûn en sa smaadlik foar ús Boeren beteard, de folkssiele roerd hat. Dat de nazi's om 'e nocht besocht hawwe yn WO II dat âlde folkssentimint yn anty-Britske geast wer ta libben te bringen mei hjir, sa sydlings, ek noch efkes fêststeld wurde foar't wy ús noch justjes op it literêre paad bejouwe. Ík konkludearje dan dat it Súdafrikaanske patriottysk repertoire hjir oer it generaal al moai gau út 'e tiid rekke is, mar dat it fan de iere jierren '20 ôf syn fuortsetting fûn yn lit my sizze it lichte sjenre, dat it lang en foar in part oant yn ús tiid ta útsongen hat. Wa't hjir net opslach oan in evergreen as ‘Sarie Marais’ tinkt moat wol hiel wrâldfrjemd wêze. Yn it skift dat foaral yn de jierren '30 bloeid hat, dat fan de kampear- en trekkerslietsjes, falle noch mear toppers te notearjen mei útrinners as bygelyks ‘Daar kom die wa’, ‘Suikerbossie 'k wil jou hê’ en folle, folle mear.
Dat wat de lieten oangiet, mar der is fansels mear: it oeuvre fan de Hollânske prozaïst Louwrens Penning (1854-1927) wol yn it foarste plak, want hy hat it west dy't mei syn romans en ferhalen in massaal lêzerspublyk betsjinne hat mei oarlochsboeken sa glûpende spannend en ‘echt’ as hied er der sels by west. Dat wienen nochris trilogyen: De helden van Zuid-Afrika, De scherpschutters van Zuid-Afrika en De ruiters van Zuid-Afrikal! Mar ek De leeuw van Modderspruit, De held van Spionkop en De verkenner van Christiaan de Wet binne titels dêr't by it oerskriuwen allinne al de grize jin by oer de grouwe giet. As opslûpen jonges lies men se oant men der hast Boer by waard. Ik bin de iennige net dy't mei in fariant op in bekende fersrigel fan G.N. Visser tsjugje kin: ‘Us jeugdheld wie net Kalma, mar | |
[pagina 391]
| |
Louis Wessels.’ Ik wit út harren eigen mule dat it bygelyks Douwe Tamminga en Rink van der Velde - de earste fyftjin jier âlder, de twadde tolf jier jonger - krekt sa gien is.Ga naar eind4. Oan in tiid ta fansels, dan is 't foargoed oer. En net ien fan ús sil de moed hân hawwe om yn de reprints dy't der nei WO II fan dy bestsellers makke binne ek mar ien blik te slaan - wat moai west hat moat moai bliuwe.Ga naar eind5.
En de Fryske literatuer dan, sa hear ik myn lêzers freegjen. Us grutte dichters fan dy tiid hawwe oan dy lêste Boere-oarloch gjin fersen wijd: sjoch der it poëtysk oeuvre fan bygelyks Piter Jelles Troelstra en Jan fen 'e Gaestmar mar op nei.Ga naar eind6. Sa net - de Fryske folksdichters, it folk dus fan it twadde of tredde echelon, hawwe har yn de jierren 1899-1902 wol tige ward mei fersen oer ús freonen yn Súd-Afrika: pro-Boersk en anty-Ingelsk sa't men fan har ferwachtsje koe. Yn it populêre wykblêd Sljucht en Rjucht hat der in hiele rûfel fan dy rymstikken stien: in bewiis dat dy saak libbe ûnder it folk. Foar it meastepart kinne dy yn it ferjittelboek, mar in útsûndering meitsje ik foar it fers dat nimmen oars as dr Johan Bernard Schepers (1865-1937) yn de jiergong 1900, side 71, opnimme liet. Dizze Fries-om-utens, nearlandikus, llollânsk dichter yn Tachtiger trant en tige produktyf as Frysk minor poet, kaam hjir fanwegen mei in sa opmerklik lûd dat it in ieu nei dato noch ús oandacht lûkt:
Dêr jinsen yn Súd-Afrika.
Dêr jinsen yn Súd-Afrika,
Dêr stride se foar 't rjocht
En nimmen is der dy't syn bêst
Net yn dat striden docht.
Hja wachtsje dêr defijân ou:
Wee, as dy komme sil!
't Gewear is klear; de hân is fêst.
De mannen wachtsje stil.
Dan falle dêr as 't meande gers
De fijannen yn swee.
Hja stean defijân as de dyk
It stoarmjen fan de see.
Mar wee ek, as er har oerfalt,
Oermachtich komt er oan;
Jit mannich fijân falt foardel;
De striid hâldt dagen oan.
Dêr jinsen yn Súd-Afrika
Wurdt ús in leske jûn!
Sis, Friezen, steane wy ek sa
Foar de âlde yn-leave grûn?
Wa kin fan ús synfijân oan?
Wa hat de kriich yn 't hert
Om pal te stean sa gau er 't lûd
Fan bom of kûgel heart?
En dochs 't kin barre: mei 't gewear,
Oars wurdt gjin fijân keard:
Gjin moaie wurden helpe dan,
Us folksliet jout ús neat.
Kom, hân oan 't moardners-ark! It moat!
Wy kinn' 't gau noadich ha,
En wee de swakken! Doch as 't folk
Dêr yn Súd-Afrika.
Der is foarsafier't ik neigean koe gjin diskusje folge op Schepers syn striidsang, en dalje likemin. Ek mei weromwurkjende krêft hoege wy net kjel te wurden as wy betinke dat hjir de ‘Grut-Nederlanner’ Schepers oan 't wurd wie dy't net salyk in militêre bedriging fan | |
[pagina 392]
| |
Fryslân op it each hân hawwe sil mar folle mear in mooglike útlânske raam op it Keninkryk der Nederlannen dêr't âlde, yn-leave grûn diel fan útmakke. Schepers wie, lykas mear dichters, in romantysk man. Yn syn meilibjen mei de Boerestriid hat er sûnder mis de taal fan 't folk sprutsen. En wat moast men yn dy tiid doe't der noch gjin tv-útstjoerings en sponsor-aksjes wienen al oars as skriuw in gedicht? Hjoed de dei is 't earder oarsom: de dichters swije mar de iene aksje jaget de oare - de rampen lykje ek hast net mear by te hâlden. |
|