Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 369]
| |||||||||
[Nummer 8]Dwersreed
|
1. | Hy wist it net. |
2. | Hy fûn it net in bot nijsgjirrich feit, sa fan: elkenien krijt wolris in bekeuring foar te hurd riden. |
3. | Hy fûn it âld nijs, net relevant mear, want elkenien is it al fergetten en boppedat, de minsken hawwe it har nea kwea-ôf nommen. |
4. | It ferbod neame soe de wurdearring fan Ypk fan der Fear as skriuwster ûnderstek dwaan kinne. |
It hâlden en dragen fan de Fryske Beweging en fan de Fryske skriuwers yn 'e oarloch is noch altyd in ûnderwerp dat minsken yn in wurchgreep hâldt en har ta ekstreme reaksjes bringt. De iene docht krekt of is der nea wat bard, de oare set just de skynwerper op alles wat mar in bytsje de ferkearde kant opgie. In objektive, ynformearjende wize fan skriuwen komt men selden tsjin. Wa't mei wat distânsje nei dy jierren sjocht, fernuveret him foaral oer de passy dêr't skriuwers as Gjalt Zondergeld en Adriaan Venema mei besocht ha om, nei't se in soad boppe wetter helle ha, dy ‘foute’ minsken oan 'e skandpeal te nageljen. Wat harren ekstra lilk makke(t) is de lankmoedigens dêr't (yn har eagen) de ferkearden nei de oarloch troch de goeden mei bejegene binne.
Wa't nei it geweld fan Zondergeld wat mear nuânse siket, fynt dy yn elk gefal net by Johan Frieswijk. Dy histoarikus skriuwt yn De Vrije Fries oer de suvering fan de Fryske Akademy nei de oarloch.Ga naar eind2 Zondergeld hat dat beneamd as ‘de halve collaboratie van de Fryske Akademy tijdens de bezetting’. Al dan net frijwillich set Frieswijk - meiwurker fan de Akademy - him der ta om út te sykjen wat der fan dy bewearing wier is.
Ear't er dêr yn syn stik op komt, begjint er oer de mear algemiene suvering fan en troch de Fryske Beweging. Dêrby kin men dan as lêzer daliks goed benei kommen wat syn kritearia binne, neffens hokker mjitlatte er minsken en har hâlden en dragen beoardielet. Foar him gjin milimeter twivel tusken goed en fout, sa docht bliken. Hy wurdt sels emosjoneel en lilk as er oer de foute kant skriuwt.
Kop-fan-Jut is sa as altyd Douwe Kalma. Zondergeld koe net objektyf oer him skriuwe en Frieswijk al likemin. De man is al 46 jier dea mar it liket wol as moat er noch altyd bestriden wurde. Dat bringt in respektabel histoarikus as Frieswijk der la om de spotnamme fan de tiidgenoaten foar Kalma oer te nimmen en ek fan ‘Kening Douwe’ te sprekken. Kalma hat fjouwer moannen yn in ynternearringskamp sitten, hat in publikaasjeferbod krigen oant 1953 ta (it wie krekt ôfrûn doe't er stoar), mar dat is yn 'e eagen fan
Frieswijk (en fan Zondergeld) gjin ‘straf’. Men soe witte wolle wat foar Frieswijk wol in goede straf west hie: tritich jier sitte miskien of de deastraf?
Wylst it neat mei de suvering fan de Akademy te krijen hat, giet Frieswijk siden lang troch oer de reaksjes fan de minsken fan de Jongfryske Mienskip op de suvering. Elke krityske distânsje is er dan kwyt. It is dúdlik dat er it mar in soadsje fynt, it papier suver net wurdich om oer te skriuwen. Wat harren beweegde, wol er him net serieus yn ferdjipje. Publikaasjes fan de Mienskip neamt er ‘dy bledsjes’. Hy liket wol bang dat de lêzer mooglik oan syn oardiel twifelt en dêrom jout er by útspraken fan Mienskipsminsken ek noch wer lilk kommentaar. Hy docht dat yn 'e trant fan De Kameleon. ‘Sa wie it krekt.’ stiet er dan, of: ‘It waard moai brocht.’
Yn it lettere part fan syn stik, as it om de Akademy giet, is Frieswijk ynienen folle subtiler, hat er folle mear begryp foar minsklik gedrach en wurdt der net mear praat oer ‘gedraai’, mar hat er it oer: ‘yn hokker kontekst dy feiten besjoen wurde moatte en hoe't dy feiten har ferhâlde ta it folsleine Akademybarren yn dy oarlochsjierren.’
Kin dy syklus fan goedpraten of swijen, fan haat en efternei sitten fan meast al ferstoarne minsken net trochbrutsen wurde? De feiten moatte ûnder eagen sjoen wurde, der wiene minsken fout, minder fout en goed. Dêr soe op in objektive, net daliks feroardieljende of priizgjende wize oer skreaun wurde kinne. En: alles moat útsocht en beneamd wurde. It soe moai wèze as dêr ek in bytsje psychologysk ynsicht by brûkt waard. Dan krijt alles de goede proporsjes. Oars giet it mar troch: Frieswijk makket him as histoarikus ûnmooglik, Breuker kin fertocht wurde fan goedpraten. It moat ophâlde.
- eind1
- Sjoch: Adriaan Venema, Schrijvers, uitgevers en hun collaboratie. Deel 3A. De kleine collaboratie (Amsterdam, 1990) 305 (Bijlage VI).
- eind2
- Johan Frieswijk, ‘De suvering fan de Fryske Akademy, 1945-1947’, De Vrije Fries, Jaarboek uitgegeven door het Fries Genootschap van Geschied-, Oudheiden Taalkunde en de Fryske Akademy, LXXVIII (1998) 129-165 [fan 't simmer, dus in jier nei dato ferskynd].