Meiwurkers
Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 it Hollânsktalige ferhalebondeltsje De kristallen stad, mar skriuwt sunt in pear jier leaver yn it Frysk.
Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum en de Riepe.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertrietfan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Foarich jier ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei.
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken.
Klaas van der Hoek (1960) wennet yn Amsterdam en wurket yn Den Haach op de Koninklijke Bibliotheek. By De Uitvreter yn Zoeterwoude ferskynt meikoarten Wetter, wurdtjin leard troch toarst, in bibliofile bondel mei Fryske oersettings fan goed tweintich gedichten fan Emily Dickinson.
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
Sietske de Jong (1947) is neist har wurk as ynformaasjemeiwurker hast al har frije oerkes kwyt oan literêre aktiviteiten, sawol op it mêd fan de Nederlânske as de Fryske literatuer. Debutearre yn 1997 mei Ikaros baarnende soan en hopet noch ris in roman of ferhalenbundel te publisearjen.
Steven de Jong (1935) wie redakteur fan De Tsjerne (lêste nûmer), quatrebras en Trotwaer en oant begjin 1997 dosint Nederlânsk oan it Lienward College yn Ljouwert; skriuwer fan fersen, kritiken, essays, ferhalen en de (autobiogafyske) roman De Wuttelhaven del (Gysbert Japicxpriis 1992).
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Resint ferskynden fan him Skepsels fan God (roman) en ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger. Yn tarieden It wurk fan 'e duvel (roman).
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde foarich jier de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje.
Goaitsen van der Vliet (1951) wie yn in fier ferline redakteur fan Trotwaer en frontman fan de earste frysktalige rockploech. Yn 1993 joech er syn yngenieursbaan der oan om mear tiid te krijen foar De Oare útjouwerij en oare saken dy't it libben in bytsje draachlik meitsje. Hy rjochte it literêre ‘blad in t plat’ De Nieje Tied op en publisearre de lêste jierren foaral yn it Twints (Asterix den Galliër).