Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 371] [p. 371] Jelle Kaspersma I oan de roppende see yn it fleanende ljocht fan de laitsjende dei stiet er de brâning hâldt er hoek op wynkrêft njoggen de gisel fan de kerrels gravearret syn gesicht in geheim yn fine ronfels tekene bedarret er efter it rút fan in houten taperij op syn lêste poaten yn it dún wrotten [pagina 372] [p. 372] II de dei fan de razende see is er treast hâld fynt er oan glêswurk dat wachtet om lege te wurden ynwindich sterk en waarm gniist er de brâning út dy't him luts hy ferflokte de mokken mei harren heaze leafdesferklearrings dizze oerwinning moat fierd hy set de lege glêzen yn 'e rige op de tafel efter it sânstriele rút syn kristallen festing is ree [pagina 373] [p. 373] III mar hy dy't wer stiet op it slomjende sân deun by it grien filtere ljocht fan ien stap te fier en ien stap werom de takomst sa definityf bespatten mimert middenmank it útfaachsel fan de weagen it útspuisel fan de floed dy spielt him de fuotten hy âlet om it lêste selskip dat him fynt yn de bolderjende weagen [pagina 374] [p. 374] IV omearme fan de slymglêde mearminne wurdt er de eagen gewaar yn in gesicht dat er lang lyn ferlear yn in oare see fersûpt yn har seeskurte wurdt er bewuolle yn it wierhier dat him it wurd ûntnimt en de mûle fuorret mei sân en wetter Vorige Volgende