Se ha bij Omrop Fryslân ek wol wat oars oan 'e kop: in yngripende reorganisaasje, dy't yntern foar gâns feroarings en dus spanning soarget, en in ferhuzing nei in grut gebou op in yndustryterrein. It bedriuw wurdt ‘kantele’: it binne meast tritigers en begjin-fjirtigers dy't it no foar it sizzen ha. It biedwurd fan de operaasje: Mei fleur en faasje!
De doelgroep hat dêr noch net folle goeds fan murken. Mar dat kin noch komme. Want wat lêze wy yn Each & Ear, de periodike útjefte fan de Freonen fan Omrop Fryslân?
Troch de bettere romte, de gruttere ienheid yn de organisaasje fan radio en t.v. en yn ferbân dêrmei ferskowings yn it personiel, is it mooglik dat Omrop Fryslân aktiver nei bûten komt yn de Fryske mienskip. Dêr wurdt yn de simmer nei ta wurke en mei yngong fan de winterprogrammearring sil ien en oar goed stâl krije.
De offisjele iepening fan Omrop Fryslân-nijestyl is op 11 novimber. ‘Als we geen toestanden meer hebben en alle kinderziekten er uit zijn’, sa't de baas it yn de krante moai eufemistysk sei.
It soe aardich wêze at it ûnderdiel kultuer bij de radio dan ek wer wat better syn gerak krige. Dat is der nammentlik net better op wurden sûnt Henk te Biesebeek ‘De Koperen Tun’ ynwiksele hat foar it Nijs, dêr't er bij de radio koördinator fan wurden is. Soarge Te Biesebeek foar ôfwikseling, in krityske noat en in kromke sensaasje, ûnder syn opfolchster Aly van der Mark giet it allegear yn in legere fersnelling: minder fariaasje, langere petearen, amper in krityske fraach, in protte tradisjonele klassike muzyk en út en troch in herhelling (fan in programma fan de feterane sels).
Dat de ‘nije’ Omrop mear tiid en jild útlûke sil foar kultuer, liket in yllúzje. Dat is kommersjeel sjoen ommers net oantreklik. En lykas de hele publike regionale omrop komt Omrop Fryslân hyltyd mear yn 'e greep fan de kommersy, fan reklamejild en sponsoring. De konkurrinsje fan kommersjele stasjons sa as Rebecca Radio is grut, de driuw om yn antwurd dêrop mear út te stjoeren idem dito. Dat resultearret yn mear populêre, goedkeap makke programma's. Sportwedstriden kinne wol yntegraal de loft yn, de tiid dat fan NNO-konserten eigen opnamen makke waarden is al lang foarbij. Sels in mei troch Omrop Fryslân opset evenemint as LIET moat ta mei in gearfetting in lyts wike nei dato. It tal dokumintêres en sfearreportaazjes is de lêste jierren, nettsjinsteande de útwreiding fan de stjoertiid, earder ôf- as tanommen.
It soe in lyts wûnder wêze at dizze tendins - fan kwaliteit nei kwantiteit - troch de nije winterprogrammearring opkeard wurdt. Lit stean dat de Fryske regionale omrop wer it kultureel-aktivearjende en -inisjearjende medium wurdt dat it oait west hat.
[Dat skreau ik begjin augustus, doe't de kopij nei de printer ta moast. Bij de korreksje, oan 't ein fan 'e moanne, wienen de ynterne swierrichheden al nei bûten ta kommen. Yn oerlis mei it managementteam luts Henk te Biesebeek him nei noch gjin healjier werom út syn funksje fan einredakteur radionijs. De ûndernimmingsried belei in krisisgearkomste en sadwaande kaam it Nieuwsblad van het Noorden op moandei 23 augustus mei in grut stik ûnder de sprekkende kop ‘“Fleur en faasje ver te zoeken bij Omrop Fryslân’. De as ‘autoritair’ karakterisearre Gaanderse sei fan de sinjalearre ûnrêst noch net op 'e hichte te wezen: ‘Bij iedere reorganisatie gebeurt het dat mensen van slag raken. Dat hoort er gewoon bij.’ Twa dagen letter brocht ek it Frysk Deiblêd it minne nijs: ‘Wisseling van functies leidt tot gemor onder personeel /