Trioel
Ljouwert, it Frysk en Fryslân
Us geniale architekt Abe Bonnema sil in twadde hege toer yn Ljouwert bouwe. Ljouwert wol omheech, it sjocht de wide wrâld yn, it sjocht New York, Amsterdam en wat tichterby Grins. Ik bin der net tsjin, mar it wurdt sa noait wat mei Ljouwert, want it sjocht 180 graden de ferkearde kant út. Al bout Bonnema hjir tsien fan dy tuorren, Ljouwert bliuwt in provinsjestedsje en sil sels Grins noait belykje. It geastlik klimaat is hjir te primityf en te twadderangs, omdat hjir û.o. in echte universiteit ûntbrekt. Ljouwert is lyts en lytsgeastich, omdat it mear lykje wol as it is.
Dat wie yn de sechstjinde ieu al sa. Doe moast yn Ljouwert de grutste tsjerke fan it noarden komme. Wy woene Grins oertreffe. Wat it woarn is?... Dy brike stienklompe, dy't wy Aldehou neame. In prachtsymboal: it sil, mar omdat wy tefolle wolle, wurdt it noait wat. Dêr hiene wy wat fan leare kinnen. Mar wy leare hjir noait wat. Wer wolle wy Grins oertreffe, puer út jaloezije: hjir moat in stânbyld komme fan W.F. Hermans. Leave sij, dat slacht nerges op. Wat moat dy Amsterdammer hjir? Hy skrikt him in ûngelok yn syn grêf. Hy wyt net wêr't er syn klompen kwyt moat en as er se kwyt is, kin er se net werom fine. Nee, dan leaver Obe Postma.
As wy dochs wat mei Hermans wolle, meitsje dan in byld fan Alfred Issendorf, de haadfiguer út Nooit meer slapen. Dy Narcissus sjocht hieltyd yn in hiel lyts spegeltsje yn it dekseltsje fan syn kompas. Hy kin syn hiele gesicht noait sjen, omdat it spegeltsje te lyts is. Dat past presys yn Ljouwert. Ljouwert kin syn wiere wêzen ek net sjen. It wol it ek net en dêrom giet hjir fan alles fout. Sels de pishokjes binne ôfbrutsen of tichtmitsele, sadat men yn hege need mei de kop tsjin 'e muorre rint. De stekken om 'e grêften hinne wurde weihelle, sadat wy mei ús dronken kop yn 'e plomp rinne kinne en wy ha hjir al fierstente min minsken om de stêd reedlik mei fol te meitsjen.
Ljouwert is in stêd fan strontboeren en wy skamje ús dêrfoar. En bêste minsken, dat is no krekt fout. It meast aparte fan Ljouwert dêr skamje wy ús foar. Ljouwert is in boerestêd en oan 'e Fryske boeren mei har prachtige taal hat Ljouwert syn aparte status te tankjen. Mar de Ljouwerters ha altyd op dy boeren delsjoen.
Yn it sintrum fan Ljouwert stie it byld fan in stamboekko, it opfallendste en meast relativearjende monumint fan hiel Europa, fral omdat it Us Mem neamd waard. Mar wy hawwe it út it sintrum weihelle en earne delset dêr't it amper werom te finen is.
As Ljouwerter deare dit soarte fan rampen my oan. Ik bin as goeie Ljouwerter yn 't Nederlânsk grutbrocht. Fan berop wie ik nearlandikus, mar ik ha foar it Frysk keazen. Dy taal is folle moaier om yn te dichtsjen en te skriuwen as de boeketaal dy't it Nederlânsk yn wêzen is. Myn stelling is: It Frysk is bepalend foar it kulturele klimaat yn Ljouwert en dat moat men hjir beseffe.
Om dat dúdlik te meitsjen haw ik in plan, in fisioen. Sa't Geart Mak it ús mei Jorwert toand hat, is it plattelân hieltyd mear stêd woarn en dat proses moatte wy net tsjinwurkje mar befoarderje. Wy moatte fan Fryslân ien gemeente meitsje. In gemeente mei 600.000 sielen sil de grutste fan it noarden fan Nederlân wurde: Fryslân-city, nee gewoan Fryslânstêd. It wurdt in stêd mei gâns griene