Bylûden
Goaitsen van der Vliet
Meindert Talma & The Negroes, Ferhûddûker. Hooverflag, 1998.
Dit is it bêste wat der ea op in ‘Fryske’ cd ferskynd is, hie 'k hast sein, as ik der heulendal neat op ou te tingjen hie. Yn alle gefallen is dit in alderopmerklikste skiif, dy't my wakker yn it moed taast hat. Dat komt, de lûden dy't hjir makke wurde, passe kreas yn it muzikale idioom dêr't ik my al jierren foar iepen stel.
Wat is dit foar muzyk? Oare besprekkers moatte tinke oan cult-bands fan kwizekwânsje lykas 22 Piste Pirkko, Eels, Granddaddy, Half Man Half Biscuit, Palace, Smog, Stranglers, Ween en, last but not least, The Velvet Underground.
Fansels, de Velvet Underground (VU), de rockploech fan Lou Reed om 1969 (1969) hinne, wie ek de earste dy't my yn 't sin kôm by it beharkjen fan ‘Sprek gjin kwea’ en it titelfers. Ik wol lykwols net leauwe dat hjir fan neifolging sprake is, want Meindert Talma is yn it foarste plak himsels. Hy hâldt der bytiden in wat eigenaardige diksje op nei en hy sjongt eamelich en falsk sa't hy dat wol. Ik fyn dat ien fan de sjarmes fan dizze man.
Ik bin fan betinken dat falsk sjongen net altyd ou te karren is, mar ek in mearwearde oan de muzyk jaan kin. Wat dat oanbelanget koe Lou Reed der ek wat fan, hoewol't âld-VU-drummer Moe Tucker him dêryn fierwei de baas wie. Ik seach har in kear mei Half Japanese en letter nochris op de VU-reuny mei ‘Afterhours’ en ‘I'm sticking with you’, de twa Reedfersen dy't har op it liif skreaun binne. Ik hie der fêst gjin klap oan foon as it ynienen moai suver fan toan west hie.
It kin ek oars. Der binne ek bands dy't it dissonante ta hannelsmerk makke ha, mar gewoan net om oan te hearren binne. Yn dat ferbân moat ik The Blue Orchids út Manchester neame, mei de plaat Nothing left to hide! (1982). Ferskuorrend! Fansels, ‘Beauty will not make the pot boil’ mar it ear wol ek wat. En om it krinkje roon te meitsjen, en in ein oan dizze omballings: begjin jierren '80 wienen The Blue Orchids ek de begeliedingsband fan Nico, deselde dy't yn 1967, op oanstean fan Andy Warhol, ‘chanteuse’ wie by, yndie, The Velvet Underground.
Ek Meindert Talma sjongt hjir en dêr aardich ûnwis en falsk, mar yn kombinaasje mei de begelieding is der altyd in soarte fan konverginsje nei in suverder gearklank, wêrmei't de dissonante toanen part fan de muzyk wurde. Op de cd teminsten, want live is it in heul oar ferhaal. By it oanhearren fan in opname (makke troch de Fryske Fideograaf) fan it konsert fan 13 maart 1999 yn Theater Romein, hie ik de teannen bytiden krûm yn 'e skuon stean. Moat kinne, sees ik dan, as âld-front-man fan Rockploech Spul.
Dizze twadde cd fan Meindert Talma & The Negroes befettet seis Frysktalige en sân Hollânstalige stikken. De kar foar de taal liket min of mear tafallich te wêzen, om't der net in dúdlike tematyske skieding oan te bringen is tusken it Fryske en it Hollânske wurk. Talma skriuwt yn it earste oansjen pretinsje-