De sûnde fan Arend Jan Salverda
Sjoerd Bottema
Itty Sluis, In pleats oan 'e mar. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 1999. 65 siden, f 15,90
Anneke de Jong, de ‘ikfiguer’ yn In pleats oan 'e mar hat fan 'e minister fan Folkssûnens opdracht krigen ‘in ferfelende saak’ te regeljen: de kwestje Arend Jan Salverda, rintenierjend boer op Salverdastate.
Salverda hat yn it ferline it ien en oar meimakke dêr't er nea wer oerhinne kommen is. Hy achtet it regear mei ferantwurdlik foar wat der doe bard is. Hy wol, sa soe men it neame kinne, ‘rehabilitaasje’ en fynt dat de Nederlânske steat dêrfoar soargje moat.
Krekt foar it momint dat oan Salverda syn winsk foldien wurde sil, grypt it natoergeweld yn. Dat barren soe de lêzer twaris in skok fan herkenning jaan kinne (dat hinget der fan ôf hoe't er lêst en wat er lêst): yn it foarste plak docht it jin tinken oan in útspraak fan de frou dêr't Arend Jan Salverda destiids wat mei hie en dy't diel útmakket fan in part út syn ferline dat him nea wer loslitten hat: ‘... hoe dan ek, allegearre binne wy yn 'e hannen fan 'e goaden’; yn it twadde plak set it jin op it spoar fan in oare boer, yn in oare tiid en op in oar plak, it begjin fan dizze ieu, earne tusken Blessum, Boksum en Deinum, dy't op suver deselde wize hy eintsjebeslút yn 'e hannen fan 'e goaden foel.
Buten it plak fan hanneling, in pleats yn it Fryske wetterlân en in doarp dat libbet by it wettertoerisme, is der noch it ‘dekor’ fan de byfigueren: behalve de minister en de funksjonarissen dy't de ikfiguer by har missy ynskeakelt, binne dat de neiste sibben fan Arend Jan Salverda: syn soan - Jan Salverda, dy't no buorket op Salverdastate; in frouljusfersierder dy't yn 'e omkriten bekend stiet as ‘Turbo-Jan’ - en syn pakesizzer - Baaike Salverda, begjin tweintich noch mar en likegoed al in skieding achter de rêch; hja wurdt noch geregeldwei lestich fallen troch har eks.
Oer de eigentlike kwestje, de traumatyske ûnderfinings fan Arend Jan Salverda en dy syn lêste winsk, wurdt eins mar in hiel lyts bytsje ferteld. Sa om de seis, sân siden docht de skriuwster dêroer in kromke út de doeken.
Op de siden 32 o/m 36 krijt de kwestje wat mear oandacht: Salverda hat in slim ûngemak mei de tractor hân; sûnt dy tiid is er fan 'e nâle ôf ferlamme en hat er dreamen en nachtmerjes dy't ferbân hâlde mei it barren yn it ferline. Hy hat noch mar ien winsk en fynt dat de Nederlânske steat, mei mandélich oan wat him oerkommen is, foar in oplossing soargje moat. Fan side 52 ôf wurdt beskreaun hoe't Salverda syn winsk útfierd wurdt. Dat liedt, kreas neffens it spanningsritme fan it ferhaal, seis siden fierderop ta in ferrassend (of krekt oarsom: déjà vu?) hichtepunt.
It prachtige omslachûntwerp fan Monique Vogelsang is funksjoneel, strak en sober en slút dêrmei hiel goed oan by de ynhâld fan it boekje: in sfearfol ferhaal mei in beskate spanning, skreaun yn in moai strakke, sobere styl. Dy soberens kin lykwols ek negatyf útlein wurde: it is eins mar in meager ferhaaltsje. It karakter en de eftergrûn fan