Literatuer is gjin amusemint (5)
Yn 'e sechstiger/santiger jierren polemisearren wy, klaaid yn 't swart en mei muzyk fan Juliette Gréco op 'e eftergrûn, yn kroegen en op feesten, oer de boeken fan Sartre, De Beauvoir en Camus, oer har politike hâlding en har dwaan en litten. Wy wiene eins ek in bytsje eksistinsjalisten. De diskusjes wiene fûl. Wolkers, Reve en sokken makken ek hiel wat los yn Nederlân. En yn 'e Fryske literatuer soarge Trinus Riemersma noch al ris foar fikse diskusjes. Literatuer hie doedestiids in maatskiplike funksje; boeken gyngen oer ûnrjocht en hiene in politike lading. Yn 'e tachtiger jierren waard dat aloan minder. Sartre en Camus libben net mear, de tiid feroare en de minsken ek. De útspraak fan Josse de Haan is dien yn 1983.
Literatuer moat in spegel wêze fan de tiid. Yn 'e sechstiger/santiger jierren wiene de minsken mear belutsen by de maatskippij, tsjintwurdich binne se folle egosintrysker. Wy stride net mear foar algemiene belangen; elts hat syn eigen ‘rotsoai’ en striid. Dat moat ynlibjend en sa moai mooglik beskreaun wurde. Yn kroegen is literatuer amper fan belang, dêr wurdt diskusjearre oer oare saken. Polemisearje oer literatuer hat in oar nivo as eartiids. En in maatskiplike funksje? It soe moai wêze mar yn dizze ego-tiid is soks net reëel. Boppedat binne der gjin hillige húskes mear.
It mei dúdlik wêze, krekt as De Haan fyn ik ek dat literatuer perfoarst gjin amusemint wêze moat mar kitelje moat en ús oan it tinken sette moat, leafst oan it twifeljen bringe moat. Nije ynsichten en aventoer, myn libben grutter meitsje as ik sels behappe kin, dat binne myn eigen easken. Dat wie al sa, dat is tsjintwurdich sa en sil altiten sa bliuwe.
Sietske de Jong